De fluenske lippe
1Foar de dirigint. Op ’e achtste. In Davidspsalm.
2Help, Heare, want der is gjinien mear dy’t leaut,
de betroubere minsken binne ferdwûn.
3It praat ûnder elkoar is kleare bedroch;
se prate mei glêde lippen en in dûbeld hert.
4Ferdylgje moast de Heare alle glêde lippen,
de tonge dy’t grutte wurden brûkt,
5de lju dy’t sizze: Wy binne wat mânsk mei ús tonge,
wy hawwe ús mûle mei, wa kin ús oer?
6Om ’e ferdrukking fan ’e ellindigen
en it kriten fan ’e earmen
kom Ik no oerein, seit de Heare;
dy’t om help ferlegen binne, bring Ik feilich te plak.
7De wurden fan de Heare binne suver, kleare sulver,
sânris lottere yn ’e smeltkûp yn ’e grûn.
8Jo sille wurd hâlde, Heare,
en ús altyd foar dat skaai behoedzje,
9al waarje der ferkearde minsken om,
al makket de gemienens opgong by de minskebern.