Lof op ’e genede
1Fan David.
Lit al wat yn my is de Heare loovje,
it djipste fan myn wêzen syn hillige namme priizje.
2Lit al wat yn my is de Heare loovje,
en net ien fan syn woldieden ferjitte.
3Al dyn sûnden ferjout Er,
fan al dyn kwalen makket Hy dy better.
4Dyn libben keapet Er los út it grêf.
Hy kroanet dy mei geunst en erbarming.
5Hy jout dy mear as sêd fan it goede,
dat dyn jonkheid komt werom as by in earn.
6De Heare bringt heil
en dy’t fertrape wurde, docht Er rjocht.
7Hy hat Mozes syn wegen bekend makke,
de Israeliten syn dieden.
8Barmhertich en genedich is de Heare,
geduldich en fol fan geunst.
9Hy sil net einleas stride,
Hy wol net ivich lilk bliuwe.
10Hy docht ús net neffens ús sûnden
en ferjildt ús net neffens ús skuld.
11Want sa heech as de himel is boppe de ierde,
sa heech stiet syn geunst oer dy’t Him freezje.
12Sa fier as it easten leit fan it westen,
sa fier docht Er ús sûnden by ús wei.
13Lykas in heit begrutsjen hat mei syn bern,
hat de Heare begrutsjen mei dy’t Him tsjinje.
14Want Hy wit wol, wa’t wy binne,
Hy tinkt der wol om, dat wy stof binne.
15De minske – syn dagen binne as gers,
as in blom yn it fjild, sa bloeit er.
16Mar strykt de wyn der oerhinne,
dan is er al wei,
en op it plak dêr’t er stien hat,
kenne se him al net mear.
17De geunst fan ’e Heare duorret ivich foar dy’t Him freezje,
en syn gerjochtichheid foar har bernsbern,
18foar har dy’t it ferbûn yn eare hâlde,
oan syn oarders tinke en dy neikomme.
19De Heare hat syn troan yn ’e himel set,
as kening hearsket Er oer alles.
20Loovje de Heare, jim ingelen,
jim sterke helden, dy’t syn wil folbringe.
21Loovje de Heare, al syn legers,
dy’t Him tsjinje en dogge wat Hy wol.
22Loovje de Heare, al syn wurken,
yn alle oarden dêr’t Hy regearret.
Lit al wat yn my is de Heare loovje.