Wat in kening ûnthjit
1Fan David. In psalm.
Genede en rjocht wol ik fan sjonge,
foar Jo, Heare, sjong ik in psalm.
2Oprjochtheid wol ik yn acht nimme,
wat my ek oerkomme mei.
Mei in oprjocht hert wol ik myn wei gean
yn myn eigen hûs.
3Ik wol myn eagen net sette
op dingen-fan-neat.
Kweadwaan stiet my tsjin
en it fynt by my gjin hâld.
4In falsk hert set ik fier fan my ôf,
it ferkearde wol ik neat fan witte.
5Dy’t syn meiminske temûk berabbet,
dy roegje ik út.
Grutske eagen en heechmoedige herten
kin ik net ferneare.
6Ik sjoch út nei betrouber folk yn it lân
om dy by my wenje te litten.
Dy’t oprjocht is yn syn dwaan en litten,
dy mei myn tsjinner wurde.
7By my yn ’e hûs is gjin plak
foar ien dy’t net te fertrouwen is.
Dy’t leagen sprekt
sil foar myn eagen net bestean.
8Alle moarnen sil ik ôfweve
mei alle ferkearden yn it lân,
om sa út ’e stêd fan ’e Heare út te roegjen
alle bedriuwers fan it kwea.