Psalmen 100
In psalm om te loovjen
1In psalm. Ta it tankoffer.
Jubelje de Heare ta, do hiele ierde.
2Tsjinje de Heare mei blidens,
kom foar syn antlit mei jubel.
3Stim it dochs mei, dat Hy, de Heare, God is.
Hy hat ús makke, wy binne fan Him,
syn folk, de skiep dy’t Er hoedet.
4Kom mei tank ta syn poarten yn,
mei lofsang yn syn foarhôven.
Tankje Him, priizje syn namme.
5Want goed is de Heare
en ivich duorret syn geunst,
syn trou fan âlder op âlder.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap