By God yn ’e pleit
1Wêrom, Heare, steane Jo fan fierren,
ferbergje Jo Jo yn benaude tiden?
2Drystwei ferfolget de ferkearde de ellindige.
Lit har betiisd reitsje yn ’e plannen dy’t se betochten.
3Want de ferkearde giet grut op syn begearten.
Hy segent de woekerwinst en ferachtet de Heare.
4De ferkearde, mei de noas yn ’e wyn, tinkt dat God gjin rekkenskip freget.
God is der net, is alles wat er tinkt.
5Sa’n hannelwize docht neffens him altyd fertuten
en jo oardielen binne foar him fierôf as de himel.
6Hy tinkt: Ik hâld it wol op fuotten;
de geslachten troch sil ik net kwea weikomme.
7Fol flok is syn mûle, fol falskens en geweld;
gemienens en ûnheil hat er ûnder de tonge.
8Hy leit op ’e loer by de ôffredings,
yn skûlhernen makket er ûnskuldigen kâld,
syn eagen steane op ’e wiuw nei de stumpers.
9Hy leit te loeren yn ’e skûle as in liuw yn it strewel,
hy loert om de ellindigen te fangen,
hy bestrûpt de ellindigen yn syn net:
10Hy dûkt him, wachtet, ree ta de sprong,
en mei de hiele hûd falt er de stumpers op ’e lea.
11Hy tinkt dan: It is God al fergetten,
Dy hat Him ôfkeard en der neat fan sjoen.
12Oerein, Heare, ûnderhelje jo hân, o God,
ferjit de ellindigen net.
13Wêrom soe dy ferkearde God ferachtsje
en by himsels tinke, dat Jo gjin rekkenskip freegje?
14Jo, krekt Jo, sjogge gemienens en fertriet.
Jo besjogge it om it dan yn hannen te nimmen
en oan Jo jout de stumper, dy’t allinnich stiet, it oer;
Jo binne syn helper wurden.
15Brek de earm fan de ferkearde en de sûnder,
betelje him syn wandied sa,
dat Jo him net wer fine kinne.
16De Heare is kening, foar ivich en foargoed,
de heidens binne weiwurden út syn lân.
17De begearte fan ’e deemoedigen hawwe Jo heard, Heare.
Jo hawwe har it hert besterke en nei har roppen harke,
18om rjocht te dwaan oan dy’t allinnich is en ferhûddûke wurdt.
Lit gjin minske fan dizze ierde oait mear ien bang meitsje!