Frouwe Wysheid en frouwe Dwaasheid noegje om bar
1De wysheid hat har hûs boud,
hja hat har sân pylders oerein set,
2hja hat har fee slachte en har wyn mongen
en har tafel hat se klear makke,
3hja hat har fammen útstjoerd en hja noeget
boppe fan ’e hichten fan ’e stêd:
4Dy’t ûnbedreaun is, lit dy hjir komme,
dy’t ferstân brek is, tsjin him seit se:
5Kom om myn spizen te iten
en drink de wyn dy’t ik mongen haw;
6jou it ûnferstân oer, dat jim libje meie,
gean de wei fan it ynsjoch op.
7Dy’t in spotter te plak set, hellet skande oan,
en dy’t in sûnder bestraft, syn eigen smaad.
8Bestraf de spotter net, oars hatet er dy,
bestraf de wize, dan sil er fan dy hâlde.
9Jou oan de wize en hy wurdt noch wizer,
ûnderrjochtsje de rjochtfeardige en hy sil oan ynsjoch winne.
10Untsach foar de Heare is it begjin fan ’e wysheid;
de Hillige kenne, dat is ynsjoch.
11Want troch my wurde dyn dagen heech yn tal
en krigest der jierren fan libben by.
12Asto wiis bist, dan is ’t dyn eigen foardiel,
bist in spotter, dan moatst it allinne drage.
13Frouwe Dwaasheid is wakker bluistrich,
kleare ûnferstân en hja jout nearne net om;
14se sit by de doar fan har hûs
of op in bank op ’e hichten fan ’e stêd;
15se noeget dy’t foarby komme,
allegearre dy’t rjochte wegen geane:
16Dy’t ûnbedreaun is, lit dy hjir komme,
dy’t ferstân brek is, tsjin him seit se:
17Swiet is it wetter datst stellenderwize drinkst
en smaaksum it brea dêrst temûk fan ytst.
18De man wit net, dat dêr by har de skimen wenje
en dat har gasten tahâlde yn it djippe deaderyk.