1De sûnders naaie út, al sit gjinien har achternei,
mar rjochtfeardigen binne moedich as jonge liuwen.
2Troch de ûntrou fan in lân begjinne gâns lju de baas te spyljen,
mar troch ien ferstannich en kundich man bliuwt der oarder.
3In machthawwer dy’t de lytse lju fertrapet
is in stjalprein dêr’t gjin brea fan komt.
4Dy’t gjin wet achtslane, priizje de sûnders,
mar dy’t wol acht jouwe op ’e wet, sitte harren dwers.
5Ferkearde minsken hawwe gjin doel oer it rjocht,
mar dy’t de Heare sykje, hawwe oeral doel oer.
6As in earme oprjocht syn paad giet,
is er better as in rike dy’t ferkearde wegen giet.
7Dy’t him oan ’e wet hâldt, is in ferstannich soan,
mar dy’t it mei trochbringers hâldt, set syn heit foar skande.
8Dy’t syn besit fermearderet troch rinte en woeker,
garret it op foar de man dy’t meilijen hat mei de earmen.
9As immen net mear harkje wol nei de wet,
dan is sels syn gebed in ôfgriis.
10Dy’t oprjochten op ’e ferkearde wei bringt,
falt yn syn eigen kûle,
mar ûnskuldigen ervje it goede.
11Al is in ryk man wiis yn eigen eagen,
de earme dy’t ferstannich is, hat him wol troch.
12As de rjochtfeardigen triomfearje, is der grut feest,
mar as ferkearde minsken oan ’e macht komme,
krûpe de minsken wei.
13Dy’t syn sûnden stilhâldt is net gelokkich,
mar dy’t derfoar útkomt en se lit, fynt barmhertichheid.
14Wat in gelok as in minske altyd hoeden is,
mar dy’t syn hert behurdet, falt yn it ûngelok.
15In brinzgjende liuw en in roppige bear –
sa is it, as in ferkeardenien hearsket oer in swak folk.
16In hearsker dy’t elkenien útknypt, hat in bytsje ferstân,
mar ien dy’t neat hawwe moat fan woeker, kriget mear libbensdagen.
17As immen oer in moard ynsit dy’t er dien hat,
sil er flechtsje oan syn grêf ta; besykje him mar net fêst te hâlden.
18Dy’t earlik syn paad giet, fynt help,
mar dy’t ferkearde wegen giet, komt ynienen te fallen.
19Dy’t syn lân bebout, kriget de romte fan brea,
mar dy’t achter dingen fan neat oanjaget, krijt de romte fan earmoede.
20In betrouber man is ryk oan segen,
mar dy’t te gau ryk wurde wol, sil syn straf net ûntgean.
21De persoan oansjen is net goed,
en om in stik brea kin immen in misdiediger wurde.
22In oergeunstich man longeret op rykdom
en hy wit net, dat de krapte oer him komme sil.
23Dy’t in oar te plak set, wint lang om let mear tank
as ien dy’t flaaiket mei in glêde tonge.
24Dy’t heit en mem bestelt en tinkt dat it gjin kwea is,
is in maat fan ’e misdiedigers.
25Fan ynklauwerigens komt rûzje,
mar dy’t de Heare betrout, wurdt oerfloedich ferkwikt.
26Dy’t syn eigen hert fertrout, is in dwaas,
mar dy’t mei wysheid syn wei giet, sil it wol rêde.
27Dy’t de earme jout, kriget gjin krapte,
mar dy’t de eagen tichtknypt, wurdt slim ferwinske.
28As ferkearden oan ’e macht komme, hâlde de minsken har beskûl,
mar as hja omkomme, winne de rjochtfeardigen oan.