1Sprek net fan ’e dei, dy’t moarn komt,
want do witst net wat dy bringe sil.
2Lit in oar dy priizje en net dyn eigen mûle,
in frjemd en net dyn eigen lippen.
3Stien is swier en sân weacht der yn,
mar de argewaasje om in dwaas is swierder as dy beide.
4Grime mei wreed wêze en lilkens ferheftich;
mar wa is opwoeksen tsjin oergeunst?
5In iepenlike fermoanning is better
as leafde dy’t him net uteret.
6De slaggen dy’t in freon jout, hat er it goede mei foar,
mar de leave wurden fan in fijân binne net te fertrouwen.
7Ien dy’t sêd is ferwâdet hunichseam,
mar dy’t honger hat neamt al wat bitter is noch swiet.
8As in fûgel dy’t fier fan it nêst omdoarmet,
sa giet it de man, dy’t út syn wenstee ferballe is.
9Oalje en rûkersguod meitsje it hert bliid,
sa ek hertlike freonskip en wolmienende rie.
10Lit dyn freon en dyn heite freon net sitte,
mar ast sels yn ’t near sitst, kom dan net by dyn broer yn ’e hûs;
in buorman tichteby is better as in broer omfierrens.
11Wês wiis, myn soan, en meitsje myn hert bliid;
dan kin ik myn húnder te reden stean.
12De skrandere sjocht it ûnheil en hâldt him beskûl,
mar de ûnnoazelen geane har gong en moatte der foar bliede.
13Nim dy man dy’t boarch wurden is foar in oar, syn klean ôf,
en set him fêst, dy’t ynstiet foar frjemd.
14As immen moarnsier syn buorman lûdroftich goemoarn seit,
dan wurdt him dat faaks oanrekkene as in flok.
15In drippend lek op in reinige dei
en in fekke fan in frou hawwe in bulte fan elkoar;
16jo kinne sa’n frou likemin opslute as de wyn
of in oaljestream keare mei de rjochterhân.
17Izer wurdt mei izer slipe;
sa skerpet de iene minske de oare op.
18Dy’t op ’e figebeam past, sil der de frucht fan ite,
en dy’t goed foar syn hear soarget, sil eare wurde.
19Sa’t it wetter it gesicht wjerspegelet,
sa spegelet it hert de minske.
20Deaderyk en ûnderwrâld wurde noait sêd
en minske-eagen likemin.
21Sulver moat yn ’e smeltkom en goud yn ’e smeltoven,
sa moat in man syn namme suver hâlde.
22Al stampsto in dwaas yn in fizel
tusken de nôtkerrels mei in stamper,
do krigest syn dwaasheid der net út.
23Tink der goed om, hoe’t dyn lytsfee der útsjocht,
en stean tige noed foar dyn keppels,
24want in ryk besit bliuwt net foar altyd.
Bliuwt in kroan soms fan âlder op âlder?
25As der mar gers opkomt en grien ferskynt,
as der mar krûden fan ’e bergen ynhelle wurde,
26dan hasto skiep om klean te meitsjen
en bokken om in stik lân foar te keapjen,
27de romte fan geitemolke ta ûnderhâld,
ta ûnderhâld fan dyn húshâlding
en om dyn tsjinstfammen har gerak te jaan.