Samling spreuken út de tiid fan Hizkía
1Dit binne ek spreuken fan Salomo, dy’t de mannen fan kening Hizkía fan Juda sammele hawwe.
2It is de eare fan God om in saak te ferbergjen,
mar de eare fan keningen om in saak te begripen.
3De hichte fan ’e himel en de djipte fan ’e ierde binne net te bemjitten,
likemin is it hert fan keningen te bedjipjen.
4As de slakken út it sulver helle wurde,
dan kin de goudsmid in wurkstik klear meitsje.
5As jo sa de ferkearde lju by de kening weihelje,
dan stiet syn troan yn gerjochtichheid fêst.
6Gean net sels foaroanstean by de kening
en nim it plak foar foarname lju net yn beslach,
7want it is better dat se tsjin dy sizze: ‘Kom nei foaren,’
as dat se dy achterútsette om plak te meitsjen foar in foarst.
8Wat dyn eagen sjoen hawwe,
meitsje dêr net te gau in rjochtsaak fan,
want wat silsto by einsluten dwaan,
as dyn neiste dy oer de staach set?
9Fjochtsje sels dyn kwestje mei dyn neiste út,
mar bring in oar syn geheim net op ’e buorren;
10as ien it heart, mocht er dy ris beskimpe,
en dan kaam der gjin ein oan it rabjen oer dy.
11Gouden fruchten op sulveren skalen,
dat is in wurd dat te pas sprutsen wurdt.
12Lykas in gouden ring by in gouden halskeatting,
sa past in wize fermoanning by in harkjend ear.
13As koele snie yn ’e rispinge,
sa is in betroubere boade foar de man, dy’t him stjoert;
hy fleuret syn hear alhiel op.
14Wolken, wyn en gjin reinwetter, –
dat is in man dy’t beart oer in geskink fan neat.
15Troch geduld kin men in rjochter omprate
en in sêfte tonge kin hurde bonken brekke.
16Ast hunich fynst, yt der net boppesêd fan,
oars krigest tefolle en moatst der fan spuie.
17Rin by dyn neiste de drompel net swart,
oars kriget er syn nocht en begjint dy te haatsjen.
18In hammer en in swurd en in skerpe pylk
is de man, dy’t in falske ferklearring ôfleit tsjin syn neiste.
19In stikkene tosk en in ferklofte foet
is it betrouwen op in ûnbetrouber man, as men yn ’e knipe komt.
20Lykas ien, dy’t jin de klean útlûkt yn ’e kjeld,
en jittik op in smertlape jit,
sa is ien dy’t fleurich sjongt by in man mei in mismoedich hert.
21As dyn fijân honger hat, jou him iten,
as er toarst hat, jou him drinken,
22want sa loegest gleone koallen op syn holle
en de Heare sil der dy foar leanje.
23De noardewyn ferdriuwt de reinbuien
en in strang gesicht de lasterpraatsjes.
24It is better te wenjen op ’e hoeke fan it dak
as mei in fekke fan in frou yn itselde hûs.
25As koel wetter foar in toarstige kiel
is in goed boadskip út in fier lân.
26In modderige boarne en in smoarge welle
is in rjochtfeardige dy’t foar in sûnder omlizzen giet.
27Tefolle hunich ite is net goed;
wês dus sunich mei earbewizen.
28In stêd dêr’t de muorren fan ôfbrutsen binne,
sa is de man, dy’t himsels net yn ’e macht hat.