1De wysheid bout harsels in hûs,
mar de dwaasheid brekt it mei eigen hannen ôf.
2Dy’t in rjochte wei giet frezet de Heare,
mar dy’t kronkelpaden giet ferachtet Him.
3It praat fan in dwaas wurdt in stôk oer syn eigen rêch,
mar wizen wurde troch har eigen wurden beskerme.
4As der gjin oksen binne, bliuwt de krêbe skjin,
mar de krêft fan ’e okse jout rike opbringst.
5In betroubere getuge sprekt gjin leagens,
mar in falske getuge bringt leagens op ’en baan.
6In spotter siket om wysheid, mar it is om ’e nocht,
mar foar de ferstannige is it maklik om kennis te krijen.
7Gean de dwaas mar út ’e wei,
want fan him krigest gjin ferstannich wurd.
8De ferstannige fynt troch syn wysheid de wei,
mar de dwaasheid bringt de domme op ’e doele.
9It offerjen helpt de dwazen neat,
mar Gods genede wennet by de oprjochten.
10It hert wit allinne fan syn eigen fertriet
en frjemd kin ek net yn in oar syn blydskip komme.
11It hûs fan ’e sûnders wurdt útroege,
mar de tinte fan ’e oprjochten sil bloeie.
12In wei kin immen soms rjocht talykje
en by einsluten binne it dochs wegen fan ’e dea.
13Sels by it laitsjen kin it hert jin sear dwaan
en de ein fan ’e freugde kin fertriet wêze.
14De ôffallige krijt it lean fan syn dieden likegoed
as de rjochtskepene sines krijt.
15De ûnnoazele leaut alles wat der sein wurdt,
mar de ferstannige jout mear acht op it dwaan.
16De wize is hoeden en mijt it kwea,
mar de dwaze giet der sûnder euvelmoed op los.
17Ien dy’t gau rekke is, docht domme dingen,
mar ien dy’t neitinkt, wurdt tige yn eare hâlden.
18Unnoazele minsken bedije neat as dwaasheid,
mar ferstannigen wurde mei kennis kroane.
19Ferkearde lju moatte bûge foar goede
en sûnders by de poarten fan ’e rjochtfeardigen.
20De earme wurdt sels hate troch ien dy’t him it neist is,
mar de rike hat allegearre freonen.
21Dy’t de hongerlijer ferachtet, docht kwea,
mar lokkich de man, dy’t it om ’e earme lju begruttet.
22Sûnder mis dwale minsken dy’t ferkeard wolle,
mar leafde en trou binne foar har dy’t it goede wolle.
23Yn alle leabrekkend wurk sit winst,
mar praten allinnich bringt skea.
24Rykdom is de kroan fan ’e wizen,
mar dwaasheid it fersiersel fan ’e dwazen.
25In betrouber getuge kin minskelibbens rêde,
mar dy’t leagens op ’en baan bringt, is ien stik bedroch.
26It ûntsach foar de Heare is in sterke stins,
sels foar jins bern is it in taflecht.
27It ûntsach foar de Heare is in libbensboarne;
dêrtroch ûntkomt men oan ’e falstrikken fan ’e dea.
28De mannichte fan folk is de kening syn gloarje,
mar krapte oan tsjinners docht de machtige de ûndergong.
29Wa’t net gau lilk wurdt, hat in grut ferstân,
mar dy’t gau op ien ein is, steapelt dwaasheden op.
30In bestindich aard betsjut libben foar it lichem,
mar de hertstocht fret oan ’e bonken.
31Dy’t de earme fertrapet ferhunet syn Skepper,
mar dy’t begrutsjen mei him hat, earet God.
32De sûnder komt te fallen troch syn eigen kwea,
mar de rjochtfeardige fynt by syn stjerren noch in skûlplak.
33De wysheid fynt rêst yn it hert fan ’e ferstannigen,
mar hja is in ûnbekende yn it binnenste fan ’e dwazen.
34Gerjochtichheid ferheget it folk,
mar de sûnde is in blaam foar de naasjes.
35In ferstannige tsjinner stiet by de kening yn ’e geunst,
mar syn grime rekket de man, dy’t him skandlik hâldt en draacht.