1In wize soan hâldt fan ’e tucht,
mar de spotter heart de fermoanning net iens.
2In goed man sjocht dat syn wurd fertuten docht,
mar de trouweleaze set alles op geweld.
3Dy’t syn mûle yn ’e macht hat past op syn eigen libben,
mar him, dy’t rap mei de mûle is, wankt de ûndergong.
4De luiwammes longeret mar en hy bedijt neat,
mar de warbere kriget wat syn hert begeart.
5De rjochtfeardige hatet leagentaal,
mar de sûnder hannelet skandlik en beskamsum.
6Gerjochtichheid beskermet him dy’t oprjocht syn wei giet,
mar de sûnders komme troch de sûnde te fallen.
7Sommigen dogge har ryk foar en hawwe neat
en oaren hâlde har earm en hawwe gâns besit.
8De rike moat in lospriis foar syn libben jaan,
mar de earme komt net iens in drigemint te hearren.
9It ljocht fan ’e rjochtfeardigen baarnt helder,
mar de lampe fan ’e sûnders giet út.
10Fan oerdwealskens komt allinnich mar spul,
mar dy’t har riede litte, winne wysheid.
11Wat al te maklik wûn is, wurdt like gau wer wei,
mar dy’t it mei de hannen fertsjinnet, dy wurdt ryk.
12Hoopje sûnder útsicht is hertsearich,
mar in begearte dy’t neikomt, is in libbensbeam.
13Dy’t net om sizzen jout, moat it belije,
mar dy’t it gebod yn acht nimt wurdt beleanne.
14It ûnderrjocht fan ’e wize is in boarne fan libben,
men kin der de falstrikken fan ’e dea troch mije.
15Goed begryp bringt geunst mei,
mar de wei fan ’e ûntrouwen is har eigen ûndergong.
16In ferstannich man docht alles mei oardiel,
mar in dwaas rint mei syn dwaasheid te keap.
17In boade dêr’t men net op oan kin bringt ûnheil,
mar in betroubere boade is medisyn.
18Earmoed en skande is foar him dy’t de tucht ferachtet,
mar dy’t de fermoanning acht slacht wurdt eare.
19In winsk dy’t neikomt docht jin tige goed,
mar it stiet de dwazen tsjin om it kwea te mijen.
20Dy’t mei wizen omgong hat, sil wiis wurde,
mar dy’t it mei dwazen hâldt sil it mis mei gean.
21It ûngelok ferfolget de sûnder,
mar it lok leannet de rjochtfeardigen.
22In goed man makket syn besit ta oan syn bernsbern,
mar it besit fan ’e sûnder is weilein foar de rjochtfeardige.
23It braaklân bringt foar de earmen noch iten genôch op,
mar sels dat giet faak troch ûnrjocht ferlern.
24Dy’t de stôk sparret hatet syn soan,
mar dy’t syn soan leaf hat, kastijt him op ’e tiid.
25De rjochtfeardige kin ite safolle as er wol,
mar de mage fan ’e sûnders hat altyd te min.