1Falske skealjes hat de Heare in ôfgriis fan,
mar in suvere weachstien is Him nei ’t sin.
2As de heechmoed komt, komt de skande ek,
mar by de dimmene minsken is wysheid.
3De earlikheid wiist de oprjochten it paad,
mar falskens docht trouweleazen de ûndergong.
4Rykdom helpt net op ’e dei fan ’e grime,
mar gerjochtichheid rêdt fan ’e dea.
5Gerjochtichheid sljochtet de wei foar de oprjochten,
mar de sûnder komt troch syn ferkeardens te fallen.
6De gerjochtichheid rêdt de rjochtskepene,
mar trouweleazen wurde fongen yn har eigen begearlikens.
7Mei de dea fan ’e sûnder giet de hope ferlern,
en de falske ferwachting rint op neat út.
8De rjochtfeardige wurdt út ’e benaudheid rêden,
mar krekt oarsom komt de sûnder deryn te lâne.
9Mei de mûle bringt de goddeleaze soms syn neiste om,
mar de rjochtfeardigen wurde troch kennis rêden.
10By it lok fan ’e rjochtfeardigen jubelet de stêd
en by de ûndergong fan ’e sûnder is der wer jûchhei.
11Troch de segen fan ’e rjochtskepenen giet de stêd foarút,
mar troch de mûle fan ’e sûnders wurdt se delhelle.
12In man sûnder ferstân ferachtet syn neiste,
mar in man mei ynsjoch docht der it swijen ta.
13In praatsjemakker ferriedt licht geheimen,
mar dy’t betrouber is hâldt de saak stil.
14As der gjin lieding is, rekket it folk yn it neigean,
mar troch de romte fan riedslju is der rêding.
15It is slim as men boarch wurdt foar in frjemd,
mar dy’t de hânslach mijt, dy is wis.
16In oanfallige frou komt ta eare,
mar in ûnoprjochte frou bringt skande.
Luie minsken hawwe altiten te min,
mar warbere lju wurde ryk.
17In sêftsedich man docht himsels goed,
mar in wreden-ien fernielt syn eigen lichem.
18De sûnder makket winst dy’t der net op troch kin,
mar dy’t gerjochtichheid sieddet, is wis fan syn lean.
19Lykas gerjochtichheid libben bringt,
sa bedarret ien dy’t it kweade wol, yn ’e dea.
20Ferkearde herten hat de Heare in ôfgriis fan,
mar dy’t oprjocht har wei geane, dogge it Him tige nei ’t sin.
21De hân derop, dat de ferkearde net sûnder straf bliuwt,
en dat de neiteam fan ’e rjochtfeardigen behâlden bliuwt.
22In gouden ring yn in bargesnút,
dat is in kreaze frou sûnder ferstân.
23Wat rjochtfeardigen begeare, bringt inkeld it goede,
mar dêr’t sûnders op hoopje, in skriklik oardiel.
24Der binne minsken dy’t rejaal jouwe en dochs riker wurde
en oaren dy’t al mar sparje en dochs achterop reitsje.
25Ien, dy’t in oar segenet, kriget sels mear as sêd,
en dy’t in oar drinke lit, sil sels ek drinke.
26It folk ferflokt de man, dy’t it nôt achterhâldt,
mar segen komt del op ’e holle fan wa’t it ferkeapet.
27Dy’t it goede foar hat, siket om Gods geunst,
mar dy’t kweadwaan wol, hellet it kwea oer him.
28Dy’t op syn rykdom fertrout, komt te fallen,
mar de rjochtfeardigen sprute út as beamtegrien.
29Dy’t syn hûs útsloere lit, sil stoarm ervje,
en de dwaas wurdt slaaf fan de wize.
30De frucht fan ’e gerjochtichheid is in libbensbeam,
mar it ûnrjocht fernielt minskelibbens.
31As de rjochtfeardige syn fertsjinne lean al kriget,
hoefollestemear dan de ferkearde man en de sûnder!