Skriuwer, adres, groetenis
1Fan Paulus, dy’t om ’e saak fan Kristus fêst sit, en fan ús broer Timóteüs, oan ús freon en meiwurker Filémon, 2oan ús suster Appia, ús meistrider Archippus, en oan ’e gemeente by jo oan hûs.
3Genede en frede mei jimme jûn wurde fan God ús Heit en fan de Hear Jezus Kristus.
Tank en gebed
4Iderkear as ik bid, neam ik jo en tankje ik God, 5om’t ik hear fan jo leafde foar it hiele folk fan God en jo leauwen yn ’e Heare Jezus. 6Jo hawwe mei ús diel oan itselde leauwen. Ik bid, dat dat jo driuwe mei ta in djipper ynsjoch fan al it goede dat wy dwaan meie ta eare fan Kristus. 7Want jo leafde wie foar my in grutte blydskip en treast, om’t troch jo, myn broer, de kristenen opfleure binne.
Paulus pleitet foar Onésimus
8Dêrom, al haw ik yn Kristus alle frij om jo jo plicht foar te skriuwen, 9dochs doch ik leaver om ’e wille fan ’e leafde in fersyk oan jo, ik Paulus, in âld man, dy’t no ek noch yn ’e boeiens sit om ’e saak fan Kristus Jezus. 10Myn fersyk oan jo giet oer myn bern, dêr’t ik, wylst ik fêst sit, heit fan wurden bin: oer Onésimus. 11Der hat in tiid west, dat jo neat oan him hienen, mar no kinne jo en ik beide gâns oan him hawwe. 12Ik stjoer him wer nei jo ta, him, dy’t in stik fan mysels is.
13Ik hie him graach by my hâlde wollen. Dan hied er foar jo yn ’t plak my helpe kinnen, no’t ik sitte moat om it evangeelje. 14Mar ik woe neat dwaan sûnder dat jo deryn meistimme. It goede dat jo dogge, moat net ôftwongen lykje, it moat frijwillich wêze. 15Want dêrom faaks hat er in skoft by jo wei west, dat jo him foargoed werom krije soenen. 16Net mear as slaaf, mar as mear as dat, as in broer dy’t ús leaf is. Is er dat benammen foar my, nammerste mear noch foar jo, beide as minske en as kristen. 17As jo my no hâlde foar jo freon, nim him dan op, lykas jo my dat dwaan soenen. 18As er jo yn it ien of oar skea oandien hat of by jo yn ’e skuld stiet, set dat dan mar op myn rekken. 19Ik, Paulus, set myn eigen hân derfoar: ik sil it betelje – ik sil it der no mar net oer hawwe, dat jo my ek josels skuldich binne -. 20Ja, myn broer, lit my dit foardiel fan jo hawwe om de Hear. Fleurje my op as in broer yn Kristus.
Paulus freget om ûnderdak; groetenis
21Yn it betrouwen dat jo nei my harkje skriuw ik jo; want ik wit, jo sille noch wol mear dwaan as dat ik freegje. 22Meitsje tagelyk in útfanhûzerskeamer foar my klear, want ik haw hope, dat God jimme gebedens ferhearre en my oan jimme weromjaan sil.
23Epafras, dy’t mei my yn it tichthús sit om ’e saak fan Kristus Jezus, docht jo de groetenis. 24Allyksa Markus, Aristarchus, Démas en Lukas, myn meiwurkers.
25De genede fan de Hear Jezus Kristus wês mei jimme geast.