Israel docht belidenis fan skuld
1Mar op de fjouwerentweintichste fan dyselde moanne kamen de Israeliten gear om te festjen, yn sekkeguod en mei ierde op ’e holle. 2Dy’t fan Israelitysk komôf wienen, sûnderen har ôf fan frjemd. Steande belieden se har sûnden en de ôfdwaling fan har foarfaars. 3Se gongen op har plak stean en liezen, in fjirde part fan ’e dei, yn it wetboek fan ’e Heare, har God; noch in fjirde part sprieken se har skuld út en bûgden se har foar de Heare, har God, del. 4Jesjûa stie op ’e ferheging fan ’e leviten mei njonken him Bany, Kadmiël, Sjebanja, Bûnny, Sjerebja, Bany en Kenany en hja rôpen oan de Heare, har God, mei in lûde stim. 5Dêrop seinen de leviten Jesjûa en Kadmiël, Bany, Chasjabneja, Sjerebja, Hodía, Sjebanja en Petachja: Oerein! Priizje de Heare, jimme God, foar ivich en altyd! Ja, lit har jo hearlike namme priizje, want dy giet alle lof en rom fier te boppe!
6Jo allinne binne de Heare!
Jo hawwe de himel makke,
de heechste himel mei de hiele legermacht,
de ierde mei alles wat dêrop is,
it wetter mei alles wat dêryn is!
Jo bringe dat allegearre ta libben
en de himelmacht bûcht him foar Jo del!
7Jo binne de Heare, de God dy’t Abram
útkeazen hawwe, weihelle út Oer yn Chaldéa
en fan syn namme ‘Abraham’ makke.
8Jo befûnen: Jo koenen op syn ynderlik oan,
sa wie foar Jo oer syn bestean.
Doe makken Jo mei him in fêst ferbûn:
dat Jo him it lân fan Kanaänyt en Hetyt,
Amoryt en Perizzyt, Jebûsyt en Girgasyt jaan soenen.
Oan syn neiteam soenen Jo it jaan.
En Jo hawwe jo wurden wiermakke,
want Jo binne rjochtfeardich!
9Jo hawwe nei it lijen fan ús foarfaars yn Egypte omsjoen
en nei har skriemen oan ’e Reidsee heard.
10Jo hawwe tekens en wûnders jûn tsjin Farao,
tsjin syn tsjinners allegearre en it hiele folk fan it lân,
want Jo wisten hoe domdryst se tsjin har oangongen.
Jo hawwe Jo in namme makke dy’t libbet oant hjoed-de-dei!
11Jo hawwe foar har út de see spjalte:
hja koenen mar, midden troch de see, droech oerstekke.
Jo hawwe har ferfolgers yn ’e djipten delsmiten,
as in stien yn balstjurrich wetter.
12Oerdeis wiisden Jo har de wei mei in wolkepylder,
nachts mei in pylder fan fjoer om har by te ljochtsjen
op it paad, dat se dêrop gean koenen.
13Jo binne delkommen op ’e Sinai-berch en
hawwe, wier, mei har sprutsen út ’e himel wei:
Jo hawwe har rjochte rjochtsregels, wiere wetten,
gaadlike foarskriften en geboaden jûn.
14Jo hawwe har jo hillige sabbat bybrocht
en troch jo tsjinner Mozes har geboaden, foarskriften en in wet oplein.
15Brea út ’e himel hawwe Jo har foar de honger jûn
en wetter lieten Jo har, foar de toarst,
út in rotsstien komme.
Jo seinen har dat se har opjaan moasten en ervje it lân,
dêr’t Jo de fingers foar yn ’e hichte stutsen hienen:
Jo soenen it har jaan!
16Mar hja, ús foarfaars, hawwe har domdryst oansteld,
hja hâlden de nekke stiif, hja harken net nei jo geboaden.
17Hja woenen net harkje en tochten net werom
oan jo wûnders dy’t Jo by har dien hawwe.
Hja hâlden de nekke stiif en yn har opsternatens
woenen se in lieder oanstelle
om werom, en wurd mar wer slaven.
Mar Jo, in God, dy’t altyd wer ferjout,
genedich en barmhertich,
sunich mei grime en rynsk yn leafde en trou,
Jo hawwe har net ferlitten.
18Sels doe’t se har in getten keal makke hienen
en seinen: ‘Dat is dyn God, dy’t dy út Egypte opfierd hat’,
en sa in grutte godslaster bedreauwen,
19hawwe Jo, yn jo grutte meilydsumens,
har yn ’e woestyn net ferlitten.
De wolkepylder kearde him net fan har ôf
om oerdeis har te lieden,
likemin as de fjoerpylder nachts
om har by te ljochtsjen op ’e wei,
om dêrop foarút te kommen.
20Jo hawwe jo goede Geast jûn
om har te ûnderrjochtsjen.
Jo manna hawwe Jo har mûle net ûntkeard.
Jo hawwe har wetter tsjin ’e toarst taskikt.
21Fjirtich jier hawwe Jo yn ’e woestyn har fersoarge:
neat wienen se brek.
Har klean binne net fersliten, de fuotten har net opswold.
22Jo hawwe harren keninkriken en folken jûn,
dy hawwe Jo har taparte as in hoeke derop ta.
Sa waard har it lân fan Sichon tamakke,
ja, it lân fan ’e kening fan Chesjbon
mei dat fan Og,
de kening fan Bazan.
23Har soannen hawwe Jo yn tal oanwinne litten
as de stjerren fan ’e himel,
en Jo hawwe har it lân ynbrocht,
dêr’t Jo har foarfaars fan sein hienen,
dat se dêr komme soenen en it yn erflik besit nimme.
24Har neiteam is dêr kommen en hat it lân urven
en Jo hawwe, foar har út, de ynwenners fan it lân lytsman makke:
de Kanaäniten.
Jo hawwe se har yn hannen jûn,
de keningen mei de folken fan it lân
om mei har te dwaan wat se mar woenen.
25Hja waarden baas oer sterke stêden en fette grûn,
hja krigen huzen, fol mei allegearre guod,
úthoude putten, druvetunen,
olivehôven en fruchtbeammen by de rûs.
Se ieten, krigen sêd en waarden fet
en gongen te gast oan jo goed en jo grutte goedens.
26Mar hja hawwe it yn ’e kant set,
se kamen tsjin Jo yn opstân
en kearden jo wet de rêch ta.
Jo profeten, dy’t it har oanseinen
om har dochs ta Jo werom te bringen, dy hawwe hja deaslein.
Sa bedreauwen se grutte godslaster.
27Doe hawwe Jo har yn ’e macht fan har tsjinstanners oerjûn,
dy hawwe har yn it nau brocht.
Mar as se yn ’e pine sieten, skreauden se oan Jo
en út ’e himel wei hawwe Jo heard.
Tige meilydsum as Jo binne, joegen Jo har rêders
en dy ferlosten har út ’e macht fan har benearders.
28Hienen se lykwols rêst, dan dienen se op ’e nij kwea
foar jo eagen.
Dêrom joegen Jo har oer yn ’e macht fan har fijannen,
dy’t har fertrapen.
Mar as se wer oan Jo rôpen, dan hearden Jo út ’e himel,
en, sa meilydsum as Jo binne,
ferlosten Jo har fakentiden.
29Jo hawwe it har oansein
om har dochs mar nei jo wet werom te bringen,
mar hja wienen oerdwealsk,
hja harken net nei jo geboaden,
en sûndigen tsjin jo rjochten.
En it is dochs mar sa:
wol in minske dy mar hâlde,
dan sil er dêrtroch libje.
It skouder koenen se gjin beage oan ferneare,
hja hâlden de nekke stiif, hja harken net!
30Jo hawwe it gâns jierren mei har úthâlden,
har omraak troch jo Geast warskôge,
troch de tsjinst fan jo profeten.
Dochs hienen se der gjin ear foar,
dêrom joegen Jo har oer yn ’e macht
fan ’e folken fan ’e lannen.
31Mar, tige meilydsum as Jo binne,
hawwe Jo net mei har ôfweefd en har net ferlitten,
want Jo binne in genedich en meilydsum God!
32No dan, ús God, sa’n grutte God,
troch alles hinne sterk, dêr’t elk foar skrilje moat,
dy’t noed steane foar it ferbûn sels
en de geunst en goedens dêrfan,
lit, yn jo oardiel, al dy swierrichheid
der dochs net licht yn wage,
dy’t ús keningen, ús foarsten, ús prysters, ús profeten,
ús foarfaars en it hiele folk troffen hat,
sûnt de dagen fan ’e keningen fan Assyrië,
oan hjoed-de-dei ta.
33Lykwols, by alles wat oer ús kommen is,
stienen Jo yn jo rjocht,
want Jo hawwe trou west yn jo dwaan,
mar wy hawwe goddeleas dien.
34Wat ús keningen, ús foarsten, ús prysters en ús foarfaars oangiet,
hja hawwe jo wet net hâlden, jo geboaden net achtslein,
en ek jo warskôging net, dy’t Jo har yndruid hawwe.
35Al hienen se keningen
en al geriifden Jo har mei sa’n bulte goed
en al joegen Jo har sa’n wiid en fruchtber lân
ta har foldwaan,
dochs hawwe se Jo net tsjinne en
binne se fan har ferkeardens net tebek kommen.
36Mar och, wy binne hjoed slaven.
Ja, yn it lân dat Jo ús foarfaars jûn hawwe
om de frucht dêrfan te iten
en fan it goede te genietsjen,
ja, dêr binne wy slaven!
37De opbringst dêrfan makket de keningen
dy’t Jo, fanwegen ús sûnden, oer ús set hawwe,
hieltiten riker.
Se hearskje mar sa’t se wolle oer ús lea en oer ús fee,
en wy, wy sitte slim yn ’e knipe.