Nehemia krijt frij om nei Jeruzalem ta
1Sa wie it yn ’e moanne Nisan, yn it tweintichste jier fan kening Artachsjasta, dat ik, doe’t der wyn foar him ree stie, dy naam en oan ’e kening joech. No hie ’k noch noait min myn moed hân, as ik foar him stie. 2Mar doe sei de kening tsjin my: Wêrom sjochsto der sa min út? Siik bisto net, dit is mismoedigens, oars net! Ik waard alderheislikste kjel. 3En ik sei tsjin ’e kening: De kening mei foar altiten libje! Hoe soe ’k der ek net min útsjen, as de stêd dêr’t myn foarfaars lizze, yn pún leit en de poarten platbrând binne? 4De kening sei tsjin my: Wat wolst fan my? Doe bidde ik ta de God fan ’e himel. 5Ik sei tsjin ’e kening: Och, mocht it de kening dochs goed wêze en jo tsjinstfeint der sa goed by jo ynfalle, dat jo my nei Juda, nei de stêd fan ’e grêven fan myn foarfaars stjoere. Dan koe ik dy mei mannemacht wer opbouwe. 6Doe sei de kening – de keninginne siet njonken him –: Hoe lang moat dy reis duorje en wannear bist der wer? No, doe’t ik him in tiid opjûn hie, wie ’t de kening goed en liet er my gean.
7Dêrnei sei ik tsjin ’e kening: As it de kening goed is, lit har my dan brieven meijaan oan ’e lânfâden fan Oare-kant-de-rivier, dat se my trochlitte nei Juda ta. 8Ek in brief oan Asaf, de kening syn boskwachter, dat er my beammen jout foar in souder yn ’e poarten fan ’e stins by de timpel, foar de stêdsmuorren en it hûs, dêr’t ik my yn Juda nei wenjen sette sil. De kening skikte it my ta, sa goed wie de hân fan myn God oer my. 9Doe kaam ik by de lânfâden fan Oare kant-de rivier en joech harren de brief fan ’e kening. De kening hie my ek offisieren en ruters meijûn.
10Doe’t Sanballat, de Choronyt en Tobía, de Ammonityske slaaf, dêrfan hearden, stie it har benaude min oan, dat der ien kommen wie om foar de Israeliten it bêste te sykjen.
Hy set mei it wurk út ein
11Sa kaam ik dan yn Jeruzalem oan. Nei’t ik dêr trije dagen west hie, 12gong ik der de nachts ôf. In lyts ploechje lju hâlde my selskip. Ik hie oan gjin minske ferteld, wat myn God my ynjûn hie om foar Jeruzalem te dwaan. Ik hie ek gjin oar lêstdier as datselde dêr’t ik op ried. 13Ik waard ynderlik dreaun om nei bûten ta, troch de poarte fan ’e Delling, de kant út fan ’e Drakeboarne en de Dongpoarte. Ik ûndersocht sekuer, hoe’t it der mei de brekken yn ’e muorre foarstie en hoe slim de poarten troch it fjoer oantaast wienen. 14Ik ried fierderop, nei de Boarnepoarte en de Keningsfiver; dêr wie foar it lêstdier dêr’t ik op ried, gjin plak mear om dertroch. 15Dêrom kladdere ik yn ’e nacht út ’e delling fan it djip wei omheech en gong de muorre goed nei. Doe kaam ik op ’e nij troch de poarte fan ’e Delling en gong sa werom.
16Dy’t it te sizzen hienen, wisten net wêr’t ik hinnegien wie en wat ik by de ein hân hie. Ik hie’t nammentlik oan no ta net ferteld, net oan ’e Joaden noch oan ’e prysters, de hege hearen, de riedslju en de oaren dy’t it wurk berêden. 17Doe sei ik tsjin har: Jimme sjogge, hoe’t wy yn it lijen sitte: Jeruzalem is in stienbult en de poarten binne platbaarnd. Kom, wy moatte de muorre fan Jeruzalem wer opbouwe. Dan steane wy net langer foar spot. 18En ik ferhelle, hoe goed de hân fan myn God oer my west hie en watfoar wurden de kening tsjin my sein hie. Doe seinen se: Dan oan it wurk! Se pakten fiks oan, dat it gong de goede kant út.
19Mar Sanballat, de Choronyt, Tobía, de Ammonityske slaaf en Gêsjem, de Arabier, hearden derfan. Se hienen de gek mei ús en leinen ús leech. Se seinen: Wat helje jimme dêr út? Sette jimme it tsjin ’e kening yn ’e kant? 20Mar ik joech har te hâlden: De God fan ’e himel makket wol, dat it ús slagget. Dêrom doare wy, syn tsjinstfeinten, ús op te jaan om te bouwen. Mar jimme hawwe part noch diel oan Jeruzalem, jimme hawwe hjir gjin namme en krije dy ek net.