Prysters en leviten dy’t mei Serûbbabel opteagen
1Dit binne de prysters en leviten dy’t mei Serûbbabel, de soan fan Sjeältiël, en Jesjûa weromgien binne: Seraja, Jirmeja, Ezra, 2Amarja, Mallûk, Chattûsj, 3Sjekanja, Rechûm, Meremot, 4Iddo, Ginnatoi, Abía, 5Miamin, Maädja, Bilga, 6Sjemaja, Jojarib, Jedaja, 7Sillû, Amok, Chilkía en Jedaja. Dat binne de prysterhaden mei har bruorren yn ’e dagen fan Jesjûa. 8De leviten wienen: Jesjûa, Binnûi, Kadmiël, Sjerebja, Jehûda en Mattanja. Hy hie mei syn bruorren de lieding by de tanklieten. 9Bakbûja en Enny stienen by de tsjinners foar har oer. 10Jesjûa wie de heit fan Jojakim, Jojakim fan Eljasjib, Eljasjib fan Jojada, 11Jojada fan Jochanan en Jochanan fan Jaddûa.
Famyljehaden fan prysters en leviten
12Yn ’e dagen fan Jojakim wienen famyljehaden by de prysters: fan Seraja: Meraja; fan Jirmeja: Chananja; 13fan Ezra: Mesjûllem; fan Amarja: Jochanan; 14fan Melûky: Jonatan; fan Sjebanja: Joazef; 15fan Charim: Adna; fan Merajot: Chelkaj; 16fan Iddo: Sacharja; fan Ginneton: Mesjûllam; 17fan Abía: Sikry; fan Minjamin en fan Moädja: Piltai; 18fan Bilga: Sjammûa; fan Sjemaja: Jonatan; 19fan Jojarib: Mettenai; fan Jedaja: Oezzy; 20fan Sallai: Kallai; fan Amok: Eber; 21fan Chilkía: Chasjabja en fan Nedaja: Netabel.
22By de leviten binne yn ’e dagen fan Eljasjib, Jojada, Jochanan en Jaddûa de famyljehaden opskreaun en dy fan ’e prysters oant it keningskip fan Daríus, de Pers. 23De soannen fan Levy, de famyljehaden, binne opskreaun yn it boek fan ’e kroniken oant de tiid fan Jochanan, de soan fan Eljasjib. 24De haden fan ’e leviten wienen: Chasjabja, Sjerebja en Jesjûa, de soan fan Kadmiël, mei har bruorren foar har oer by it loovjen en it priizjen neffens it foarskrift fan David, de man Gods, ôfdieling foar ôfdieling. 25Mattanja, Bakbûkja, Obadja, Mesjûllam, Talmon en Akkûb wienen poartewachters dy’t de wacht hienen by de opslachkeamers oan ’e poarten. 26Dy wienen der yn ’e dagen fan Jojakim, de soan fan Jesjûa, de soan fan Jotsadak en yn ’e dagen fan steedhâlder Nehemia, en pryster-skriuwer Ezra.
De muorren fan Jeruzalem wurde ynwijd
27By de ynwijing fan ’e muorre fan Jeruzalem sochten se om ’e leviten út alle plakken om se nei Jeruzalem ta te bringen. Se soenen fan ’e ynwijing in bliid feest meitsje mei loflieten en sjongerij, mei bekkens, harpen en lieren derby. 28Sa kamen se dan út ’e omkriten fan Jeruzalem en út wenplakken fan ’e Netofatiten, 29út Bet-Haggilgal en út it lân om Geba en Azmawet hinne, want de sjongers hienen foar harsels om Jeruzalem hinne doarpen boud. 30Doe suveren de prysters en de leviten harsels, hja suveren ek it folk, de poarten en de muorre.
31Doe liet ik de foarsten fan Juda by de muorre opgean en stelde twa grutte koaren op foar de lofsang yn omgongen. It iene sette nei rjochts oer de muorre nei de Dongpoarte. 32Dêr achteroan gong Hosjaäja mei de helte fan ’e foarsten fan Juda, 33dan Azarja, Ezra, Mesjûllem, 34Jehûda, Benjamin, Sjemaja en Jirmeja. 35Fan ’e prystersoannen mei trompetten: Sekarja, de soan fan Jonatan, de soan fan Sjemaja, de soan fan Mattanja, de soan fan Mikaja, de soan fan Sakkûr, de soan fan Asaf, 36mei syn bruorren: Sjemaja, Azarel, Milalai, Gilalai, Maäi, Natanel, Jehûda en Channy mei it spylark fan David, de godsman. En skriuwer Ezra, gong foar harren út. 37Oer de Wellepoarte gongen se rjocht foar har út by de treppen fan ’e Davidsstêd op, dêr’t de muorre omheech giet, boppe it hûs fan David, oant de Wetterpoarte op it easten.
38It twadde koar gong de oare kant út en ik dêr achteroan mei de helte fan it folk, boppe oer de Ovenmuorre oan ’e brede muorre ta. 39Fierder oer de Efraïmpoarte en de Alde Poarte, de Fiskpoarte, de Toer fan Chananel, de Toer fan Méa oan ’e Skieppepoarte ta. Se bleauwen stean yn ’e Poarte fan it Hûs fan bewar.
40Doe stelden de koaren har allebeide by it hûs fan God op, ik ek en de helte fan ’e foargongers fan ’e gemeente, 41mei de prysters Eljakim, Maäséja, Minjamin, Mikaja, Eljoena, Sekarja en Chananja, trompetten dêrby, 42en Maëséja, Sjemaja, Elazar, Oezzai, Jochanan, Malkía, Elam en Ezer. De sjongers lieten har hearre en Jizrachja hie de lieding. 43Hja offeren dy deis grutte fleisoffers en wienen wakker op ’t skik, want God makke har tige bliid. De froulju en de bern hienen ek wille, fan fierrens wie de blydskip fan Jeruzalem al te hearren.
Leverânsje foar de timpel
44Yn dy dagen waarden der manlju oansteld oer de keamers foar de foarrieden, de heefoffers, it earste en de tsienden, om dêryn foar de prysters en de leviten it part neffens de wet út it lân om ’e stêden hinne byinoar te bringen. Hiele Juda wie op ’t snjit mei de prysters en de leviten dy’t dêr tsjinst dienen. 45Se berêden de tsjinst fan har God en de suvering. De sjongers en de poartewachters hâlden har ek oan it foarskrift fan David en syn soan Salomo. 46Ut ’e tiid fan David en Asaf, dus fan âlds al, wienen der sjongmasters, en bestie it lofliet en it priizjen fan God. 47Hiele Israel joech yn ’e dagen fan Serûbbabel en yn ’e dagen fan Nehemia bydragen foar de sjongers en de poartewachters, neffens it ferlet fan elke dei. En foar de leviten sûnderen se wijgeskinken ôf en de leviten sûnderen dêrfan foar de Aäroniten ôf.