Jeruzalem wurdt op ’e nij bewenne
1De oersten fan it folk setten har yn Jeruzalem nei wenjen. It oare folk lotte derom: ien op ’e tsien soe yn Jeruzalem, de hillige stêd, wenje en de oare njoggen yn ’e oare stêden. 2De minsken hienen lof foar alle lju dy’t út harsels yn Jeruzalem gongen te wenjen. 3No komme de haden fan ’e provinsje dy’t har yn Jeruzalem nei wenjen setten. Yn ’e stêden fan Juda wennen: de gewoane Israeliten, de prysters, de leviten, it wurkfolk yn ’e timpeltsjinst en de neiteam fan ’e tsjinners fan Salomo, elk op eigen besit en yn eigen stêd. 4Yn Jeruzalem wennen sawol fan ’e Judeeërs as fan ’e Benjaminiten. Dit binne se fan Juda: Ataja, de soan fan Oezzía, de soan fan Sekarja, de soan fan Amarja, de soan fan Sjefatja, de soan fan Mahalalel, út ’e neiteam fan Pares 5en Maäséja, de soan fan Barûch, de soan fan Kol-Chozê, de soan fan Chazaja, de soan fan Adaja, de soan fan Jojarib, de soan fan Sekarja, de soan fan Hassjilony. 6Alle neikommelingen fan Pares dy’t yn Jeruzalem wennen, wienen 468 striidbere mannen. 7Dit binne se fan Benjamin: Sallû, de soan fan Mesjûllam, de soan fan Joëd, de soan fan Pedaja, de soan fan Kolaja, de soan fan Maäséja, de soan fan Itiël, de soan fan Jesjaja, 8en nei him Gabbai en Sallai: 928. 9Joël, de soan fan Sikry, hie it tafersjoch oer har en Jehûda, de soan fan Hassenûa, wie de twadde oer de stêd. 10Fan ’e prysters: Jedaja, Ben-Jojarib, Jakin, 11Sjeraja, de soan fan Chilkía, de soan fan Mesjûllam, de soan fan Sadok, de soan fan Merajot, de soan fan Achitûb, foarst fan it hûs fan God. 12Fierdersoan har bruorren, dy’t yn it hûs de tsjinst útmakken: 822. Adaja, de soan fan Jerocham, de soan fan Palalja, de soan fan Amsy, de soan fan Sekarja, de soan fan Pasjchûr, de soan fan Malkía, 13mei syn bruorren, famyljehaden: 242. Ek Amasjai, de soan fan Azarel, de soan fan Achzai, de soan fan Mesjillemot, de soan fan Immer, 14mei syn bruorren, warbere fikse mannen: 128; en oerste oer har wie Sabdiël, út in flink laach. 15Fan ’e leviten: Sjemaja, de soan fan Chasjûb, de soan fan Azrikam, de soan fan Chasjabja, de soan fan Bûnny, 16en Sjabbetai en Jozabad stienen oer de bûtentsjinst fan it hûs fan God. Hja hearden ta de haden fan ’e leviten.
17Mattanja, de soan fan Mika, de soan fan Sabdy, de soan fan Asaf, moast as foarsjonger lieding jaan oan ’e lofsang by it gebed en Bakbûkja wie de twadde ûnder syn bruorren, dan kaam Abda, de soan fan Sjammûa, de soan fan Galal, de soan fan Jedûtûn. 18It tal leviten yn ’e hillige stêd wie: 284. 19Fan ’e poartewachters Akkûb en Talmon, mei har bruorren dy’t de wacht hienen by de poarten: 172. 20It oare Israel, de oare prysters en leviten wienen yn al de stêden fan Juda, elk op syn erfdiel. 21It wurkfolk fan ’e timpeltsjinst wenne op ’e Ofel. Sicha en Gisjpa stienen oer it wurkfolk. 22Oerste fan ’e leviten yn Jeruzalem wie Oezzy, de soan fan Bany, de soan fan Chasjabja, de soan fan Mattanja, de soan fan Mika, út ’e neiteam fan Asaf, de sjongers dy’t tsjinst dwaan moasten yn it hûs fan God. 23Ja, der bestie in keninklik beslút oer har, dêr’t in taslach yn fêstset wie neffens it ferlet fan elke dei. 24Petachja, de soan fan Mesjizabel, út ’e neiteam fan Zearach, de soan fan Juda, stie de kening by yn alle kwestjes dy’t it folk oanbelangen.
Wêr’t se wennen
25Wat de fêste wenplakken mei de kontreien der omhinne oanbelanget: guon fan ’e neiteam fan Juda wennen yn Kirjat-Arba mei de omkriten dêrby en Dibon lyksa en yn Kabseël en syn útbuorrens, 26yn Jesjûa, Molada, Bet-Pêlet, 27yn Chazar, Sjûal, Beër-Sjêba mei de omkriten dêrby, 28yn Siklag, Mekona mei de omkriten dêrby, 29yn En-Rimmon, Soara, Jarmût, 30Sanoäch, Adûllam en syn útbuorrens, Lakisj mei it lân der omhinne en Azeka mei syn omkriten derby. Hja hawwe har dus delset fan Beër-Sjêba ôf oan de delling fan Hinnom ta. 31De bern fan Benjamin wennen fan Geba ôf yn Mikmas, Ajja, Bet-El mei syn omkriten; 32yn Anatot, Nob, Amanja, 33yn Chazor, Rama, Gittajim, 34yn Chadid, Seboïm, Neballat, 35yn Lod en Ono, de delling fan ’e ambachtslju. 36En fan ’e leviten wienen guon ôfdielings fan Juda by Benjamin kommen.