Nehemia 1
De nijbou yn it ferfal, Nehemia’s gebed
1Meidieling fan Nehemia.
It wie yn ’e moanne Kislew fan it tweintichste jier, doe’t ik op ’e stins Sjûsjan wie, 2dat Chanany, ien fan myn bruorren, dêr kaam, hy, mei lju út Juda. Ik ûnderstie har oer de Joaden, dy’t ûntkommen wienen, dy’t der noch oer wienen fan ’e ballingen en oer Jeruzalem. 3Doe seinen se tsjin my: Dy’t der noch oer binne fan ’e ballingen, sitte dêr yn ’e provinsje slim yn ’t lijen en yn in beskamsume tastân. De muorre fan Jeruzalem sit fol brekken en de poarten dêryn binne platbaarnd.
4Doe’t ik soks hearde, gong it my sa nei, dat ik siet dagen lang te gûlen en de roujen. En ik wie oan it festjen en bidden foar it antlit fan de God fan ’e himel. 5Ik sei: Och Heare, God fan ’e himel, Jo dy’t sa’n grut God binne en sa skriklik, in God, dy’t foar it ferbûn noed stiet en wa’t Him leafhawwe en syn geboaden bewarje, tagedien is! 6Lit jo ear dochs opmerksum wêze en jo eagen iepen om nei it gebed fan jo tsjinstfeint te hearren. Ik bid optheden, by dei en by nacht, foar jo antlit foar de Israeliten, jo tsjinstfeinten. Ik doch belidenis fan de sûnden fan ’e Israeliten, dy’t wy tsjin Jo bedreaun hawwe. Ik en ús heite hûs, wy hawwe sûndige. 7Wy hawwe ús tsjin Jo slim misdroegen, wy hawwe ús net oan ’e geboaden, ynsettings en rjochtsregels hâlden, dy’t Jo Mozes, jo tsjinstfeint, oplein hienen. 8Jou dochs omtinken oan it wurd dat Jo jo tsjinstfeint Mozes foarhâlden hawwe: As jimme de trou ferbrekke, sil Ik jimme fersilje ûnder de folken. 9Mar as jimme jim bekeare en foar myn geboaden noed steane en dêr neffens dogge, no, al soenen se by jimme ferballe wêze oan ’e ein fan ’e himel ta, Ik soe se dêrwei byinoar fandelje. Ik sil se op it plak bringe, dat Ik útkeazen haw om myn namme dêr foar altiten oan te ferbinen. 10Hja binne jo tsjinstfeinten en jo folk, dat Jo mei de grutte krêft fan jo sterke hân ferlost hawwe! 11Och Hear, lit jo earen dochs skerp harkje nei it gebed fan jo tsjinstfeint en dat fan jo tsjinstfeinten, dy’t sa graach jo namme ûntsach bewize. Lit it jo tsjinstfeint hjoed dochs meirinne en jou him, dat dizze man begrutsjen mei him hat.
Ik wie nammentlik skinker fan ’e kening.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap