Opskrift
1De útspraak oer Ninevé. Boek fan de iepenbiering oan Nahum, de man út Elkosj.
De grime fan de Heare
2In God dy’t op syn eare stiet, en in wreker is de Heare.
Ja, in wreker is de Heare en machtich yn grammoedichheid.
In wreker is de Heare foar syn tsjinstanners
en foar syn fijannen wit syn grime fan gjin ophâlden.
3De Heare is sunich mei syn grime,
mar geweldich yn syn krêft,
Hy lit de skuldige der net maklik foarwei komme.
Troch stoarm en ûnwaar giet syn paad,
wolken binne it stof dat syn fuotten opjeie.
4Hy ferbiedt de see en leit him droech,
alle rivieren lit Er útdroegje.
Yn Bazan en op ’e Karmel ferwilet it gewaaks;
wat op ’e Libanon groeit en bloeit,
fersuteret.
5Bergen beevje foar Him en heuvels skodzje;
de ierde set omheech foar syn eagen,
de wrâld mei al wat derop wennet.
6Wa kin it úthâlde ûnder syn grammoedichheid
en wa kin syn gleone grime trochstean?
Syn grimmitichheid stoart del as fjoer
en de stienrotsen spjalte foar Him.
7De deis fan ’e benearing is de Heare mear as in bolwurk:
8As de floed opsetten komt,
stiet Hy noed foar dy’t by Him beskûl sykje.
Mar Hy rekkent ôf mei dy’t it tsjin Him yn ’e kant sette,
en syn fijannen jaget Er de tsjusternis yn.
Tsjin Ninevé
9Wat soenen jimme tsjin de Heare betinke?
Hy sil der dochs mei ôfrekkenje,
de benearing komt gjin twadde kear opsetten.
10As yninoar fertiisde toarnstrûken,
as yninoar fergroeid strewelleguod,
sa wurde se fertard,
ferdwine se as droege stoppel.
11By dy is ien weikommen, dy’t kwea tsjin de Heare yn ’t sin hat,
in man dy’t goddeleaze plannen útbret.
Tsjin Juda
12Dit hat de Heare te sizzen:
Al dije se skoan en al binne se noch sa machtich,
se sille weimeand wurde en ferdwine.
Ik haw dy wol fernedere, mar sil it net wer dwaan.
13No brek Ik syn jok dat op dy waacht,
en skuor dyn boeiens stikken.
Tsjin de kening fan Ninevé
14Wat dij oanbelanget – hjir is it befel fan de Heare:
Der sil gjin neiteam wêze dy’t dyn namme fierder draacht;
yn dyn godshûs romje Ik houde en getten ôfgodsbylden út ’e wei,
Ik meitsje dyn grêf in rûchskerne allyk.