1Hy sei tsjin harren: Under de minsken dy’t hjir steane, binne guon dy’t net stjerre sille, ear’t se sjoen hawwe, dat it Godsryk mei krêft kommen is.
De feroaring fan Jezus syn gedaante
2Seis dagen neitiid naam Jezus Petrus, Jakobus en Johannes mei en brocht harren op in hege berch, dêr’t se hielendal ûnderinoar wienen. 3Foar har eagen feroare Er fan oansjen: syn klean begûnen sa glânzjend wyt te wurden as gjin mins op ’e wrâld se blikke kin. 4Elía seagen se, mei Mozes, en dy praten mei Jezus. 5Petrus naam it wurd en sei: Rabby, it is goed, dat wy hjir binne; lit ús trije tinten opsette, ien foar Jo, ien foar Mozes en ien foar Elía. 6Want hy wist net, wat er sizze moast: sa kjel wienen se wurden. 7Doe foel it skaad fan in wolk oer harren hinne en út ’e wolk klonk in lûd: Dit is myn Soan, myn ynleave Jonge, harkje nei Him! 8En ynienen seagen se, dat allinne Jezus noch by harren wie.
9Doe’t se by de berch del gongen, lei Er harren op gjinien te fertellen, wat se sjoen hienen, foardat de Minskesoan út ’e deaden ferriisd wêze soe. 10En wier, hja holden dy wurden by har, mar se fregen harsels wol ôf, wat dat wie: út ’e deaden ferrize. 11Se leinen Him doe de fraach foar: Wêrom sizze de wetlearaars, dat Elía earst komme moat? 12Hy sei tsjin harren: Elía komt earst, jawis, en bringt alles foarinoar, mar hoe kin der dan yn ’e Skrift stean, dat de Minskesoan gâns lije moat en leechlein wurde sil? 13Ik sis jimme lykwols: Elía is al kommen en se hawwe alles mei him dien, wat se woenen, krektlyk as fan him beskreaun stiet.
In beseten jonge wurdt better makke
14Doe’t se by de oare learlingen kamen, seagen se, dat der in grutte kloft minsken om har hinne stie en dat guon wetlearaars strideraasje mei har hienen. 15Sa gau’t de minsken Him seagen, wienen se allegearre fernuvere, rûnen op Him ta en begroeten Him. 16Hy frege harren: Wêr tsiere jimme mei harren oer? 17Ien út it folk antwurde Him: Master, ik haw myn jonge by Jo brocht, om’t er in geast ynhat, dy’t him stom makket. 18Wêr’t dy mar oer him komt, dêr slacht er him tsjin ’e grûn. Dan stiet de jonge it skom op ’e mûle, hy knarst op ’e tosken en wurdt hielendal stiif. No haw ik jo learlingen frege dy geast út te bannen, mar dy koenen it net. 19Hy antwurde: O ûnleauwich skaai, hoe lang moat Ik noch by jimme wêze? Hoe lang noch moat Ik jimme ferdrage? Bring him by My! 20Se brochten him by Jezus.Sa gau’t de geast Jezus seach, skodde er de jonge trochinoar; dy foel oer de grûn en rôle hinne-en-wer mei it skom op ’e mûle.
21Jezus frege de heit: Hoe lang hat er al sokke setten? Dy sei: Fan bern ôf oan; 22faak hat dy geast him yn it fjoer en yn it wetter smiten om him ferûngelokje te litten. As it Jo mooglik is, haw dan meilijen en help ús. 23Jezus sei tsjin him: As it mooglik is, sizze jo? Alles is mooglik foar wa’t leaut. 24Fuort rôp de jonge syn heit: Ik leau, help my fan myn ûngeloof ôf. 25Doe’t Jezus seach, dat it folk op harren tasette, foel Er tsjin ’e duvel út mei de wurden: Do stomme en dove geast, Ik hjit dy, gean út him wei en kom net wer yn him. 26Aljend en skuorrend gong er fuort. De jonge seach derút as in lyk, dat it folk tocht al: hy is dea. 27Mar Jezus pakte him by de hân, holp him oerein en de jonge gong stean. 28Doe’t Jezus wer thús wie en mei syn learlingen allinne, fregen dy Him: Wêrom koenen wy dy geast net útbanne? 29Hy sei tsjin harren: Dit soarte kin oars net útband wurde as troch bidden.
Jezus foarseit nochris syn dea en ferrizenis
30Dêrwei reizgen se dwers troch Galiléa hinne; Hy woe net lije, dat ien it te witten kaam. 31Hy wie doe dwaande mei syn learlingen yn te wijen en Hy sei tsjin narren: De Minskesoan wurdt oerlevere yn ’e hannen fan ’e minsken; se sille Him deadzje, mar de tredde deis nei syn dea sil Er ferrize. 32Begripe dienen se dy wurden net, mar hja doarsten Him der net nei te freegjen.
Wa is de grutste?
33Sa kamen se yn Kafarnaüm. Doe’t Er yn ’e hûs wie, frege Er harren: Wêr hienen jimme it ûnderweis oer? 34Se seinen neat, want ûnderweis hienen se der mei-inoar oer praat, wa’t nûmer ien wie. 35Doe gong er sitten, rôp de tolve by Him en sei: As ien de earste wêze wol, dan moat er de allerlêste wêze en de tsjinner fan allegearre. 36Hy naam doe in jonkje, sette dat midden tusken harren yn, sloech de earm om him hinne en sei tsjin harren: 37Wa’t om My sa’n bern opnimt, dy nimt My op. En dy’t My opnimt, nimt My net op, mar Him dy’t My stjoerd hat.
Wa’t net tsjin ús is, is foar ús
38Johannes sei tsjin Him: Master, wy hawwe ien sjoen, dy’t yn jo namme oan it duvelbannen wie, mar ús net folget; wy woenen it him ferbiede, om’t er net ien fan uzes is. 39Jezus sei: Ferbied it him net, want gjinien dy’t yn myn namme in wûnder docht, sil gau kwea fan
My sizze kinne. 40Want wa’t net tsjin ús is, is foar ús. 41As ien jimme allinne mar in kopkefol kâld wetter jout, om’t jimme fan Kristus binne, sil him it lean derfoar perfoarst net ûntkomme.
Ferlieding ta sûnde
42Wa’t ien fan dizze lytsen, dy’t [yn My] leauwe, it ferdjer ynfiert, dy hie better mei in mûnestien om ’e nekke yn ’e see keild wurde kinnen. 43As dyn hân dy it ferdjer ynfiert, kapje him ôf; it is better, datst skeind it libben yn gieste as mei twa hannen nei de hel, it fjoer dat net út wol. [ 44] 45As dyn foet dy it ferdjer ynfiert, kapje him ôf; it is better, datst kreupel it libben yn gieste as datst mei twa fuotten yn ’e hel smiten wurdst. [ 46] 47En as dyn each dy it ferdjer ynfiert, lûk it út; it is better datst mei ien each it Godsryk yn gieste as datst mei twa eagen yn ’e hel smiten wurdst, 48it plak dêr’t de wjirms dy’t oan har frette, nea stjerre en it fjoer net útgiet. 49Mei fjoer sil elkenien sâlte wurde. 50Sâlt is wat goeds, mar wêr sille jimme it wer brûkber mei meitsje, as it syn sâltens ferliest? Hâld sâlt yn jimsels en bewarje de frede ûnderinoar.