Fjouwertûzen krije sêd
1Doe’t der yn dy dagen wer ris in bulte minsken wienen en se sûnder iten sieten, rôp Er syn learlingen en sei: 2It begruttet My om al dy minsken; se binne ommers al trije dagen by My en hawwe gjin iten. 3As Ik har sûnder iten nei hûs gean lit, falle se der ûnderweis by del; guon fan harren komme fier wei. 4De learlingen seinen tsjin Him: Wêr soe men hjir yn dizze iensume oarde brea weihelje kinne om har iten te jaan? 5Hy frege harren: Hoefolle breaën hawwe jimme? Sân, seinen se. 6Hy hiet it folk har op ’e grûn del te jaan. Doe naam Er de sân breaën, spriek it tankgebed út en joech se syn learlingen om se harren foar te setten. En dat dienen se. 7Se hienen ek in stikmannich fiskjes. Nei it tankgebed liet Er har dy ek foarsette. 8De minsken ieten en krigen sêd. Wat der oan stikken oerbleau, fandelen se byinoar, sân kuorfollen. 9Der wienen sa’n fjouwertûzen man. Doe liet Er harren fuortgean. 10Sels stapte Er fuort dêrnei mei syn learlingen yn ’e boat en kaam yn ’e kontreien fan Dalmanûta.
It fergjen fan in teken
11De Fariseeërs kamen ris en begûnen tsjin Him te iggewearjen en om Him te hifkjen, fergen se Him op in teken fan boppen. 12Hy suchte djip en sei: Wat freget dit naasje om in teken? Dit sis Ik jimme: In teken krijt dit naasje net. 13Doe liet Er harren stean, stapte yn en foer werom nei de oare wâl.
It gêst fan de Fariseeërs en fan Herodes
14It wie har troch it sin gien brea mei te nimmen en sadwaande hienen se mar ien brea by har yn ’e boat. 15Hy warskôge har: Tink derom, bliuw fan it gêst fan ’e Fariseeërs en dat fan Herodes ôf! 16Mar hja praten der mei-inoar oer troch, dat se sûnder brea sieten. 17Hy fernaam dat en sei: Wat sitte jim dochs te praten, dat jim gjin brea hawwe? Fersteane en begripe jim it dan noch net? Wol it der by jim dan noch net yn? 18Jim hawwe eagen, mar sjogge net; jim hawwe earen, mar hearre net. 19Witte jimme dan net mear, hoefolle kuorfollen brokken jim byinoar fandele hawwe, doe’t Ik de fiif breaën briek foar de fiiftûzen? Tolve, seinen se. 20En hoefolle kuorfollen hawwe jimme gearfandele, doe’t Ik de sân breaën briek foar de fjouwertûzen? Sân, seinen se. 21Doe sei Er tsjin harren: No, begripe jimme it dan noch net?
Te Betsaïda wurdt in bline man better makke
22Se kamen yn Betsaïda. Doe’t se in bline man by Him brochten en fregen, oft Er him oanreitsje woe, 23krige Er de bline by de hân, brocht him bûtende buorren, spuide him op ’e eagen, lei him de hannen op en die him de fraach: Sjochst al wat? 24De man seach op en sei: Ik sjoch de minsken, ik sjoch se as beammen omrinnen. 25Jezus lei him nochris de hannen op ’e eagen, en doe seach er dúdlik; hy wie wer better en koe alles fan fierôf sjen. 26Jezus liet him nei hûs ta gean, mar sei: Net de buorren yn!
Petrus syn ferklearring oer Jezus
27Jezus en syn learlingen gongen nei de doarpen om Caesaréa Filippy hinne. Underweis frege Er syn learlingen: Wa sizze de minsken, dat Ik bin? 28Hja seinen: Johannes de Doper; oaren sizze: Elía; wer oaren: Ien fan ’e profeten. 29Doe frege Er harren: Mar jimme, wa sizze jimme, dat Ik bin? Petrus antwurde: Jo binne de Kristus. 30Jezus stie der tige by harren op oan om dêr mei gjinien oer te praten.
Jezus foarseit syn dea en ferrizenis
31Doe begûn Er harren derfan op ’e hichte te bringen, dat de Minskesoan gâns lije moast en dat Hy troch de âldsten, de hegeprysters en de wetlearaars ferskopt wurde soe, deade wurde en mei trije dagen ferrize. 32Planút sei Er harren dat. Doe helle Petrus Jezus nei him ta en ûnderstie Him deroer. 33Mar Jezus kearde Him om, seach syn learlingen oan en lies Petrus it leksum: Fuort do, foar My wei, satan, do hast net yn ’t sin wat God wol, mar wat de minsken wolle.
34Hy rôp it folk en syn learlingen by Him en sei: As ien My folgje wol, dy moat himsels weisiferje, syn krús opnimme en dwaan lykas Ik. 35Want dy’t syn libben behâlde wol, dy sil it ferlieze; mar dy’t syn libben jaan wol om [My en] it evangeelje, dy sil it hâlde. 36Wat jout it ommers, oft men de hiele wrâld wint, as jin dat op it libben komt te stean? 37Want wat kin men jaan, dat de priis fan it libben wurdich is? 38As ien him foar My en myn wurden skammet foar dit ûntrou en sûndich naasje oer, foar sa’n ien sil de Minskesoan Him skamje, as Hy kommen is yn ’e hearlikheid fan syn Heit mei de hillige ingels.