Jezus te Nazaret ferstjitten
1Dêrwei reizge Er nei it plak fan syn komôf. Syn learlingen gongen mei. 2Doe’t it sabbat wie, begûn Er de minsken yn ’e synagoge te learen. Dy wienen ferheard, doe’t se it hearden, en seinen: Wêr hat Er dat wei? en: Hokfoar wysheid is Him jûn? en: Wat binne dat foar wûndere dingen dy’t syn hannen dogge? 3Is dat net de timmerman, de soan fan Maria, in broer fan Jakobus, Joazes, Judas en Simon? En syn susters, wenje dy hjir net by ús? Se hienen argewaasje fan Him. 4Jezus sei tsjin harren: Allinne yn it plak fan syn komôf, by syn eigen folk en yn syn eigen hûs is in profeet net yn oansjen. 5Hy koe dêre gjin inkeld wûnder dwaan, behalven dat Er in pear siken holp troch harren de hannen op te lizzen. 6Hy ferwûndere Him deroer, dat se gjin fertrouwen hienen. Hy reizge de doarpen yn ’e omkriten ôf en learde it folk.
It útstjoeren fan de tolve
7Hy rôp de tolve by Him en begûn harren twa by twa út te stjoeren. Hy joech harren macht oer de duvels. 8Hy ferbea harren wat mei te nimmen foar ûnderweis, allinne in stôk: gjin brea, gjin rânsel, gjin jild yn ’e bûse. 9Wol mochten se sandalen oandwaan, mar net in dûbeld stel klean meinimme. 10Fierder sei Er: As jimme ienkear earne ûnderdak hawwe, bliuw dêr dan, oant jim út dat plak weigeane. 11As op in plak de lju jim der net ynlitte en net nei jim harkje wolle, dan moatte jimme dêr weigean en de moude dy’t oan ’e fuotten sit, derôf skodzje as in oanklacht tsjin harren. 12Hja teagen derop út, en preken, dat de minsken har bekeare moasten. 13Se banden gâns duvels út, bestrieken ytlike siken mei olive-oalje en makken har better.
De dea fan Johannes de Doper
14Kening Herodes kaam der ek fan te hearren, want Jezus syn namme gong al grutte rop fan. De minsken fertelden, dat Johannes de Doper op ’e nij ta libben kommen wie en dat dêrom dy wûndere krêften yn Him wurken. 15Oaren woenen hawwe, dat it Elía wie. Wer oaren seinen, dat Hy ien fan de profeten wie, sa’t men dy earder hie. 16Doe’t Herodes dêrfan hearde, sei er: It is Johannes, dy’t ik de holle ôfslaan litten haw; dy is út ’e dea ferriisd. 17Want Herodes sels hie him oppakke litten en yn it tichthús fêstset. Dat hied er dien om Heródias, de frou fan syn broer Filippus, dy’t er as frou nommen hie. 18En Johannes hie him planút sein: Jo meie jo broer syn frou net hawwe. 19Heródias hie fansels it grou op him en woe him deameitsje litte, mar hja krige de kâns net. 20Want Herodes seach heech by Johannes op, omdat er him koe as in bêst en hillich man; hy hold him de hân boppe de holle. Alle kearen dat er him hearde, wied er der slim mei oan en dochs mocht er him graach hearre.
21Der kaam lykwols in gaadlike dei, doe’t Herodes op syn jierdei foar de grutte hearen, de hege offisieren en de foarname lju fan Galiléa in feestmiel joech 22en doe’t de eigen dochter fan Heródias deryn kaam en begûn te dûnsjen. Se dûnse de kening en syn gasten sa nei’t sin, dat de kening sei tsjin it fanke: Freegje mar watst wolste en do krijst it fan my. 23Hy die der in eed op: Watst ek fregest, ik sil it dy jaan, al is it ek de helte fan myn ryk. 24Hja gong de seal út en sei tsjin har mem: Wat sil ik freegje? Dy antwurde: Johannes de Doper syn holle. 25Hastich gong it fanke de seal yn, rûn op ’e kening ta en ferge him: Ik wol, dat jo my no daliks op in skûtel de holle jouwe fan Johannes de Doper. 26Dat wie de kening slim yn ’e wei, mar om syn eed en om ’e gasten woed er it har net wegerje. 27Daliks stjoerde er ien fan ’e wacht út mei it befel om de holle te bringen. De man gong hinne, sloech Johannes yn it tichthús de holle ôf, 28naam dy mei op in skûtel, joech him it fanke oer en dy joech him oan har mem. 29Doe’t de learlingen fan Johannes dat hearden, hellen se syn lyk op en leinen it yn in grêf.
Fiiftûzen krije sêd
30De apostels kamen allegearre wer by Jezus en fertelden Him alles wat se dien en de minsken leard hienen. 31Hy sei tsjin harren: Kom no ris mei, jimme allinne, nei in stil plak en rêst wat út. Want de minsken rûnen sa ôf en oan, dat se hienen it net oan tiid om te iten. 32Mei in boatsje foeren se doe nei in stil plak om ûnderinoar te wêzen. 33Mar de minsken seagen har fuortfarren en krigen der erch yn. Ut alle stêden rûnen der kloften minsken hinne en dy wienen der noch earder.
34Doe’t Hy oan wâl gong, seach Er de grutte mannichte en krige djip meilijen mei harren, omdat se as skiep sûnder hoeder wienen. Hy begûn harren dêrom mei ynmoed te ûnderrjochtsjen. 35It wie al let wurden en dêrom gongen de learlingen nei Him ta en seinen: It is hjir in ferlitten oarde en it is al let. 36Lit de minsken fuortgean om foar harsels iten te keapjen by de boeren en yn ’e doarpen hjirby om. 37Mar Hy antwurde: Jimme moatte har iten jaan! Se seinen: Moatte wy foar twahûndert denaarjes brea keapje en har dat te iten jaan? 38Hy sei: Hoefolle breaën hawwe jim? Sjoch ris. Se gongen it nei en seinen: Fiif en twa fisken. 39Hy hiet harren tsjin it folk te sizzen, dat se allegear op it grien sitten gean moasten, ploech by ploech. 40Dy gongen dêrom yn ploegen fan hûndert en fan fyftich sitten. 41Doe naam Er de fiif breaën en de twa fisken, seach omheech, spriek de tanksizzing út, briek de breaën en joech de learlingen dy om se de minsken foar te setten. De twa fisken parte Er ek oan allegearre om. 42Hja ieten allegear en krigen sêd. 43Oan stikken brea en fisk fandelen se noch tolve kuorfollen byinoar. 44Fiiftûzen man wienen it dy’t iten hienen.
Jezus rint oer it wetter
45Fuort dêrnei joech Er syn learlingen oarder om oan board te gean en oan te hâlden op Betsaïda oan ’e oare kant; wilens stjoerde Hysels it folk nei hûs ta. 46Nei it ôfskie fan ’e minsken gong Er de berch op om te bidden. 47It wie al let op ’e dei en de boat siet noch midden op ’e mar. Hy wie allinne oan lân. 48Doe’t Er seach, dat it roeien min woe – se hienen yn ’e wyn – rûn Er om ’e tiid fan ’e fjirde nachtwacht oer it wetter nei har ta. Hy woe harren foarbygean. 49Mar se seagen Him oer it wetter rinnen en tochten, dat it in spoek wie. Se raasden it út. 50Allegearre seagen se Him ommers en se wienen alhiel fan ’e wize. Fuort spriek Er harren oan en sei: Stil mar, Ik bin it, net bang wêze. 51Doe stapte Er by harren yn ’e boat en de wyn foel. Se wienen hielendal ferbjustere, 52want dat mei it brea hienen se net begrepen. It woe net yn harren del.
De siken yn Gennézaret wurde better makke
53Doe’t se oerstutsen wienen, kamen se oan wâl by Gennézaret en leinen dêr oan. 54By it útstappen seagen de minsken op slach, dat Hy it wie. 55Se rûnen de hiele krite ôf en kamen oeral wei mei siken op berjes oansetten, as se hearden, dat Hy earne wie. 56Wêr’t Er ek mar lâns reizge, troch doarpen, stêden en by boeresteeën lâns, oeral brochten se siken op it merkeplein byinoar en fregen Him, oft se teminsten de seame fan syn mantel oanreitsje mochten. En elk dy’t Him oanrekke, waard better.