De besetene út Geraza wurdt better makke
1Se kamen oan ’e oare kant fan ’e mar yn it lân fan ’e Gerazénen. 2Doe’t Er út ’e boat stapte, kaam Him by de grêven wei in man temjitte, dy’t in kweade duvel ynhie 3en dêr yn ’e grêfhoalen tahold. Gjinien hie him noch fêstbine, ja net iens yn ’e boeiens slaan kinnen, 4want wit-hoe-faak hienen se him al fêstset mei fuotbongels en boeiens en hied er de hânboeiens ferbrutsen en de bongels stikken wreaun. Gjinien koe him oer. 5Nacht en dei die er oars net as mâlgûle yn ’e grêfhoalen en op ’e bergen en bûke er himsels mei stiennen. 6Mar doe’t er Jezus seach, kaam er fan fierrens oanstrûzen, foel foar Him op ’e knibbels en âle lûd: 7Wat hawwe Jo mei my te meitsjen, Jezus, Soan fan God, de Alderheechste? By God, ik beswar Jo, pinigje my net! 8Want Jezus hie tsjin him sein: Do, smoarge duvel, gean út dy man wei! 9Jezus frege him: Hoe hjitsto? Hy antwurde: Ik hjit Legioen, want wy binne manmachtich. 10Mei ynmoed frege er Jezus, dat Er harren net út dy streek weistjoere soe. 11No rûn der krekt in grutte keppel bargen op ’e skeante fan ’e berch te weidzjen. 12Se fregen Him: Jei ús yn dy bargen, dat wy yn dy bisten in hinnekommen fine meie. 13Dat wie Jezus goed en de duvels gongen út ’e man wei en teagen yn ’e bargen. Doe stode de keppel by de hichte del it wetter yn, sa’n twatûzen, en se fersûpten yn ’e mar. 14De hoeders namen de wyk en fertelden it yn ’e stêd en by de boeren. Doe gongen de minsken derhinne om te sjen, wat him dêr ôfspile hie. 15Se kamen by Jezus en seagen de besetene sitten, oanklaaid en wol en goed by syn ferstân, de man dy’t it legioen duvels yn him hân hie; en se waarden bang. 16Dy’t it sjoen hienen, begûnen dúdlik te meitsjen, hoe’t it mei de besetene en de bargen gien wie. 17Doe stienen de minsken der tige op oan, dat Er út har gerjochtichheid wei gean soe. 18Jezus stapte al yn ’e boat, mar de man dy’t beseten west hie, frege, oft er mei mocht. 19Jezus woe it lykwols net lije en sei tsjin him: Do moatst nei hûs ta gean, nei dyn eigen folk, en dêr fertelle, wat de Hear oan dy dien hat en hoe goed Hy foar dy west hat. 20De man gong fuort en fertelde oeral yn de Dekápolis, wat Jezus oan him dien hie. Elkenien wie ferheard.
Jaïrus syn dochterke en de frou dy’t Jezus syn mantel oanrekke
21Doe’t Jezus wer mei de boat oerfearn wie, kamen der gâns minsken by Him. Hy stie krekt op ’e wâl, 22doe’t ien fan ’e foarmannen fan ’e synagoge – Jaïrus hiet er – Him seach, foar Him op ’e knibbels foel 23en Him mei ynmoed bidde: Myn dochterke leit op stjerren; kom, lis har de hannen op, dat se sparre en yn ’t libben bliuwe mei! 24Jezus gong mei Him; in grutte kloft minsken rûn mei, deun achter Him oan.
25No wie dêr in frou dy’t al tolve jier lêst fan bloedfloeien hie. 26Se hie al hiel wat ôfdoktere en dêr gâns ûnder lit. Al har jild hie se deroan ferdien, mar der neat gjin baat by fûn, ja, it wie earder slimmer wurden. 27Hja hie fan Jezus heard en no rûn se tusken de minsken troch en roerde fan achteren syn mantel oan, 28want se tocht by harsels: As ik allinne syn mantel mar oanroer, sil ik holpen wêze. 29Op slach droege de welle fan har bloed op en fielde se, dat se fan har kwaal ôf wie. 30Mar sa gau’t Jezus fernaam, dat der hieljende krêft út Him rûn, kearde Er Him midden tusken al it folk om en sei: Wa hat myn mantel beet hân? 31Syn learlingen seinen tsjin Him: Jo sjogge dochs, dat it folk Jo suver plattriuwt en dan freegje Jo noch: Wa hat My beet hân? 32Mar Hy seach om Him hinne om gewaar te wurden, wa’t it dien hie. 33De frou, dy’t fan bangens trille en dy’t wol wist, wat har oerkommen wie, gong op Him ta, foel op ’e knibbels en bychte alles earlik op. 34Hy sei tsjin har: Frou, jo fertrouwen hat jo behâld west. Gean yn frede, jo binne foargoed fan jo kwaal ôf!
35Wylst Hy noch stie te praten, kamen der guon út it hûs fan ’e synagogefoarman en seinen: Jo famke is al wei. Wêrom falle jo de master noch lestich? 36Jezus die as hearde Er dat net, en sei tsjin de foarman fan ’e synagoge: Haw mar gjin noed, hâld fertrouwen. 37Hy woe net lije, dat ien mei Him gong, behalven Petrus, Jakobus en dy syn broer Johannes. 38Hja gongen by de foarman fan ’e synagoge yn ’e hûs. Hy seach de opskuor en hoe’t de minsken skriemden en dienen. 39Mei’t Er deryn kaam, sei Er: Wêrom sa’n drokte en sa’n geskriem? It famke is net dea, mar sliept. 40Se laken Him út. Doe stjoerde Hy harren allegearre ta de hûs út en gong mei de heit fan it famke, de mem en dy’t by Him wienen, nei it plak dêr’t se lei. 41Hy krige har by de hân beet en sei: Talita kûmi! wat yn ús taal betsjut: Famke, kom oerein, sis Ik dy! 42Op slach gong it famke stean en rûn hinne en wer. Tolve jier wie se. 43De minsken besauden har, mar Hy stie der harren tige op oan der mei gjinien oer te praten; en Hy liet it famke wat iten jaan.