Jezus foar Pilatus
1Doe’t de hegeprysters al ier yn ’e moarn mei de âldsten, de wetlearaars en it hiele Sanhedrin ta in beslút kommen wienen, bûnen se Jezus, brochten Him fuort en leveren Him oer oan Pilatus. 2Pilatus frege Him: Binne Jo de kening fan ’e Joaden? Jezus antwurde: Sa’t jo sizze, ja! 3Doe’t de hegeprysters gâns oanklachten tsjin Jezus ynbrochten, 4stelde Pilatus Him wer in fraach: Sizze Jo dêr neat op? Hear ris, wat se allegear tsjin Jo ynbringe. 5Mar Jezus antwurde neat mear, dat Pilatus wie ferwûndere.
Jezus ta de dea feroardiele
6Pilatus plichte by feesten in gefangene frij te litten, ien dêr’t de minsken om fregen. 7No siet der krekt in Barabbas fêst mei de rebellen dy’t by it oproer in moard dien hienen. 8It folk kaam al mei de fraach oansetten, dat er foar harren dwaan soe, wat er wend wie te dwaan. 9Pilatus antwurde: Wolle jimme, dat ik de kening fan ’e Joaden frijlit? 10Want hy hie wol foar ’t ferstân, dat de hegeprysters Jezus út oergeunst oan him oerlevere hienen.
11Mar de hegeprysters stokelen it folk op om te sizzen, dat se leaver Barabbas frij hawwe woenen. 12Pilatus naam it wurd wer en sei: Wat moat ik dwaan mei Him [dy’t jimme] de kening fan ’e Joaden [neame]? 13Se skreauden nochris: Slaan Him oan it krús! 14Pilatus sei tsjin harren: Wat foar kwea hat Er dan dien? Mar se rôpen noch lûder: Slaan Him oan it krús! 15Omdat Pilatus it folk har sin jaan woe, liet er Barabbas frij, mar Jezus liet er giselje. Dêrnei levere hy Him út om oan it krús slein te wurden.
De soldaten stekke Jezus de gek oan
16De soldaten brochten Him in ein it foarhôf yn, dêr’t it haadgebou wie en rôpen har hiele ploech byinoar. 17Se sloegen Him in poarperen mantel om, frisselen in krânse fan stikels en setten Him dy op. 18Doe brochten se Him de soldategroet: Heil Jo, kening fan ’e Joaden. 19Se sloegen Him op ’e holle mei in stôk, bespuiden Him en op ’e knibbels brochten se Him it keninklik earbetoan. 20Doe’t se ophâlden mei gekoanstekken, dienen se Him de poarperen mantel ôf en syn eigen klean wer oan. Doe brochten se Him nei bûten om Him oan it krús te slaan.
Jezus wurdt krusige
21Se fergen fan in Simon út Cyrene, dy’t fan it lân ôf dêr foarby kaam, dat er it krús fan Jezus drage soe. Dy Simon wie Alexander en Rûfus har heit. 22Sa brochten se Him op it stee fan Golgota, dat is oerset: It plak fan ’e hollekrún. 23Se woenen Him wyn jaan mei mirre dêrtroch, mar Hy wegere dy. 24Doe sloegen se Him oan it krús, ferparten syn klean en lotten derom, wat elk krije soe.
25It wie de moarns njoggen oere, doe’t se Him oan it krús sloegen. 26As opskrift dat syn skuld oanjoech, stie dêrboppe: De kening fan ’e Joaden. 27Tagelyk mei Him sloegen se twa rovers oan it krús, ien rjochts en ien links fan Him. [28]. 29Dy’t foarbykamen, húnden Him, skodhollen en seinen: Haha, do dy’t de timpel ôfbrekste en yn trije dagen wer opbouste, 30stap fan it krús ôf en help dysels. 31Sa praten de hegeprysters en de wetlearaars ek; se gniisden der mei-inoar om en seinen: Oaren hat er holpen, Himsels helpe kin Er net. 32Dy Kristus, dy kening fan Israel, lit Him fan it krús ôfkomme, dan kinne wy it sjen en leauwe. Dy’t mei Him krusige wienen, húnden Him ek.
De dea fan Jezus
33Om tolf oere waard it tsjuster it hiele lân oer; dat duorre oan trije oere ta. 34Om trije oere rôp Jezus lûd: Eloï, Eloï, lema sabachtany? Oerset betsjut dat: Myn God, myn God, wêrom hawwe Jo My ferlitten? 35Inkelde omstanners hearden dat en seinen: Hark, Hy ropt Elía. 36Ien helle gau in spûns, hâlde dy goed yn ’e jittik, sette dy op in stôk en woe Jezus te drinken jaan, wylst er sei: Wacht ris, wy moatte ris sjen, oft Elía komt om Him derôf te heljen. 37Mar mei in lûde skreau joech Jezus de lêste sike. 38Doe skuorde it foarkleed fan ’e timpel midstwa, fan boppen nei ûnderen. 39Der stie in offisier by, lyk foar Him oer. Doe’t dy hearde, hoe’t Jezus de lêste sike joech, sei er: Sûnder mis, dy man wie in soan fan God.
40Der wienen ek froulju dy’t der fan fierrens nei stienen te sjen. Under harren wienen Maria fan Magdala en Maria, de mem fan jonge Jakobus en Joazes, en Salomé, 41dy’t Him al folgen en foar Him soargen, doe’t Er noch yn Galiléa wie. Dan wienen der noch folle mear froulju; dy wienen mei Him reizge nei Jeruzalem.
De begraffenis fan Jezus
42It wie al jûn wurden en om’t it tariedingsdei wie, de dei foar sabbat, 43weage Joazef fan Arimatéa it, in foarnaam riedslid, dy’t sels ek it Godsryk ferwachte, en gean nei Pilatus ta om it lichem fan Jezus op te freegjen. 44It woe Pilatus net oan, dat Jezus al dea wie; hy rôp dêrom de offisier en frege him, oft Jezus al wei wie. 45En doe’t de offisier it him te witten die, joech hy Joazef it lichem frij. 46Dy kocht linnen en naam Him fan it krús ôf. Hy bewuolle Him yn it linnen en lei Him del yn in grêf, dat yn ’e rots úthoud wie. Doe rôle er in stien foar de yngong fan it grêf. 47Maria fan Magdala en Maria, de mem fan Joazes, seagen, wêr’t Er dellein waard.