De ferwoesting fan de timpel foarsein
1Doe’t Jezus út ’e timpel wei gong, sei ien fan syn learlingen tsjin Him: Master, sjoch, wat mânske stiennen en wat machtige gebouwen! 2Jezus sei tsjin him: Sjochst nei dy grutte gebouwen dêre? Der sil gjin stien op ’e oare litten wurde, alles giet fyn.
It begjin fan de weeën
3Doe’t Er op ’e Oliveberch sitten gien wie, foar de timpel oer, fregen Petrus, Jakobus, Johannes en Andréas Him bûten de oaren om: 4Sis ús ris, wannear sil dat wêze en wêr kin men oan sjen, dat dat allegearre syn beslach krije sil? 5Tink derom – sa begûn Jezus mei harren te praten – dat gjinien jim op ’e doele bringt. 6Ytliken sille komme ûnder myn namme en sizze: Ik bin it; en se sille in bulte minsken op ’e doele bringe. 7Wannear’t jimme hearre fan oarloggen en oarlochsdrigings, wurd dan net oerstjoer. Dy moatte komme, mar it is de ein noch net. 8Want earst moat der striderij komme fan folk tsjin folk, fan keninkryk tsjin keninkryk. Der sille ierdskokken wêze op ferskate plakken en hongersneden. Dat is it begjin fan de weeën. 9Wês op jim iepenst. Se sille jim oerleverje oan rjochtbanken en synagogen; jimme sille ôfrânsele wurde en om My foar steedhâlders en keningen ferskine moatte om foar harren oer as getuge te stean. 10Mar earst moat oan alle folken it bliid boadskip ferkundige wurde. 11As se jim opbringe en oerleverje, sit dan foartiid net yn noed oer wat jim sizze sille, mar sis dat wat jimme op dat stuit ynjûn wurdt; want jimme binne it net dy’t it wurd dogge, mar de hillige Geast. 12De iene broer sil de oare oerleverje en sa de dea oandwaan, de heit syn bern, en de bern sille yn opstân komme tsjin har âlden en har ombringe litte. 13Om myn namme sille jim fan alleman hate wurde, mar dy’t it oan ’e ein ta úthâldt, dy sil rêden wurde.
De grutte benearing
14As jimme it skriklik stik ôfgriis stean sjogge op in plak dêr’t it net heart – lit de lêzer it goed begripe – dan moatte dy yn Judéa de bergen yn flechtsje; 15dy’t op it dak is, moat net nei ûnderen komme en yn ’e hûs gean om wat út ’e hûs mei te nimmen; 16en dy’t it lân yn is, moat net weromkomme om syn mantel te heljen. 17Earme froulju, dy’t yn dy dagen yn ferwachting binne of in bern oan it boarst hawwe. 18Bid mar, dat it net by’t winter falt. 19Want dy dagen sille sa ferskriklik wêze, as’t noch noait west hat fan it oanbegjin fan Gods skepping ôf oan no ta, en noait wer wêze sil. 20As de Hear dy dagen net ynkoart hie, gjin minske soe yn wêzen bliuwe, mar om ’e útkarden, dy’t Hy Him útsocht hat, hat Er dy dagen ynkoart.
21As dan ien tsjin jimme seit: Sjoch, hjir is de Kristus; sjoch, dêr is Er – leau it net. 22Der sille skynkristussen en skynprofeten opkomme; dy sille tekens en wûnders dwaan om, as it mooglik wie, de útkarden op ’e doele te bringen. 23Tink derom, Ik haw jimme alles foarút sein.
De Minskesoan komt
24Yn ’e tiid nei dy benearing sil de sinne tsjuster wurde, de moanne syn skynsel net mear jaan, 25de stjerren sille fan boppen falle en de himelske machten fan it plak reage wurde. 26Dan sille se de Minskesoan op ’e wolken kommen sjen mei grutte macht en hearlikheid. 27Hy sil syn ingels útstjoere en de útkarden byinoar bringe út ’e fjouwer wynstreken, fan ’e ein fan ’e ierde oan ’e ein fan ’e himel ta.
De les fan de figebeam
28Lear fan ’e gelikenis fan ’e figebeam dit: Wannear’t syn tûken weak wurde en útrinne, dan witte jimme dat de simmer nei-oan is. 29Sa witte jimme ek, as jimme dy dingen kommen sjogge, dat de Minskesoan tichteby is, ja foar de doar stiet. 30Wier, Ik sis jimme, de minsken fan no sille dat allegearre noch belibje. 31Himel en ierde sille foarbygean, mar myn wurden sille net foarbygean.
De ûnbekende dei en oere
32Dy dei en dy oere wit gjinien wat fan, ek de ingels yn ’e himel net, ek de Soan net, allinne de Heit. 33Pas op en wês wekker, want jimme witte net, wannear’t it safier is. 34It is dêrmei as mei in man dy’t op reis giet; by it fuortgean jout er syn feinten it behear oer syn guod, hjit elk syn wurk, en de wachter by de doar draacht er op wach te wêzen. 35Sa moatte jimme ek wach wêze, want jimme witte net, wannear’t de eigener weromkomt, oft it op ’e lette jûn wêze sil of midden yn ’e nacht of mei it kraaien fan ’e hoanne of moarns betiid. 36Pas op, dat er jimme net yn ’e sliep fynt as er ûnferwachts komt. 37En wat Ik jimme sis, dat sis Ik elkenien: Wês wach!