De feestlike yntocht yn Jeruzalem
1Doe’t se tichteby Jeruzalem kamen, by Betfagé en Betanië ûnder oan ’e Oliveberch, stjoerde Er twa fan syn learlingen derop út 2mei it boadskip: Gean nei it doarp, dat dêr foar jimme leit. Fuort by de yngong fan ’e buorren sille jimme in fôle sjen, dêr’t noch gjinien op sitten hat. Dy sit fêst. Meitsje him los en bring him hjirhinne. 3En as ien tsjin jim seit: ‘Wat dogge jim dêre?’, dan moatte jimme sizze: De Hear moat him brûke; Hy lit him hjir aanstûns werombringe. 4Se gongen fuort en seagen in fôle dy’t op strjitte oan in bûtendoar fêstsiet. Se makken him los. 5Guon dy’t dêr stienen, seinen tsjin harren: Wat dogge jimme dêr dy fôle los te meitsjen? 6Se antwurden har lykas Jezus sein hie. Doe lieten de minsken har gewurde.
7Se brochten de fôle by Jezus, leinen har mantels deroer en doe gong Jezus derop sitten. 8Hiel wat minsken leinen har mantel op it paad út, oaren dienen dat mei tûken dy’t se besiden de wei ôfsnien hienen. 9Dy’t foarop rûnen en dy’t achter har oan kamen, rôpen lûd:
Hosanna, heech te priizjen is Hy dy’t komt yn ’e namme fan de Hear;
10heech te priizjen is it keninkryk fan David, ús heit,
it ryk dat komt.
Hosanna yn ’e hege himel!
11Sa teach Er nei Jeruzalem, de timpel yn. Nei’t Er alles goed opnommen hie, gong Er mei de tolve nei Betanië, want it wie al jûn wurden.
Jezus ferflokt de figebeam
12Doe’t se de oare moarns út Betanië weigongen, krige Er honger. 13Hy seach fan fierren in figebeam stean, dy’t yn it blêd stie.Hy rûn derhinne om te sjen oft der al wat oan siet, mar doe’t Er by de beam kaam, fûn Er oars neat as blêden. It wie ek gjin figetiid. 14Hy sei tsjin ’e beam: Gjinien sil yn der ivichheid fan dij noch frucht ite. De learlingen hearden dat.
De suvering fan de timpel
15Doe gongen se nei Jeruzalem. Doe’t Er yn ’e timpel oankommen wie, begûn Er mei de merkelju en har klanten derút te jeien. De taffeltsjes fan ’e jildwikselers en de diskes fan ’e doweferkeapers raamde Er om. 16Hy woe net lije, dat se ark en soks troch de timpel tôgen. 17As reden sei Er derby: Stiet der net yn ’e Skrift: Myn hûs moat in hûs-om-te-bidden neamd wurde foar alle folken? Mar jimme hawwe der in rovershoale fan makke. 18De hegeprysters en wetlearaars hearden dat en besochten út te finen, hoe’t se Him út ’e wei krije koenen, want se wienen bang fan Him; elkenien wie ommers wei fan wat Hy learde. 19Doe’t it let waard, gongen se de stêd út.
De les fan de útdroege figebeam
20De oare moarns, doe’t se by de figebeam lâns kamen, seagen se dat dy oant yn ’e woartels útdroege wie. 21Doe kaam it Petrus yn ’t sin en hy sei: Master, sjoch, dy figebeam dy’t Jo ferflokt hawwe, is útdroege. 22Jezus antwurde harren: Fertrou altyd op God. 23Want dit sis Ik jimme: Wa’t tsjin dy berch seit: Jou dy op en fal yn see del, dy sil dat belibje, as er yn syn hert net wifket en it fêste fertrouwen hat, dat it komt sa’t hy seit. 24Dêrom sis Ik jimme: Fertrou der altiten mar op, dat jim alles dêr’t jim by it bidden om freegje, al krige hawwe. Dan krije jim it fêst. 25As jim steane te bidden en jim hawwe wat tsjin de ien of oar, dan moatte jimme him dat ferjaan, dat jim himelske Heit jimme jim misslaggen ek ferjaan mei. [ 26]
Hawwe Jo it rjocht dêrta?
27Hja kamen wer yn Jeruzalem. Doe’t Hy op it timpelplein omrûn, stapten de hegeprysters, de wetlearaars en de âldsten op Him ta 28en seinen tsjin Him: Wat rjocht hawwe Jo om dat te dwaan? Of wa hat Jo it rjocht dêrta jûn? 29Jezus sei tsjin harren: Ik sil jimme ek in fraach stelle en as jimme dêr antwurd op jouwe, sil Ik jimme sizze mei watfoar rjocht Ik dit doch. 30De doop fan Johannes, wie dy fan boppen of wie it minskewurk? Jou dêr ris antwurd op. 31Se leinen mei-inoar oer en seinen: As wy sizze fan boppen, dan seit Er grif: Wêrom hawwe jimme him dan net leaud? 32Mar moatte wy dan sizze, dat it minskewurk wie? Dat doarsten se net foar it folk oer, want elkenien hold Johannes foar in echte profeet. 33Dêrom joegen se mar ta beskied: Wy witte it net. Doe sei Jezus tsjin harren: Dan sis Ik ek net mei watfoar rjocht Ik dit doch.