De tsjinstanners: It komt oars mei Sion
1Sa komt it yn ’e kommende tiid:
De berch dêr’t it hûs fan de Heare op stiet,
sil boppe alle oare bergen steld wurde
en heech boppe de heuvels útrize.
Dêr sille de folken yn kloften op ta sette,
2alle heidenfolken sille dêr komme en sizze:
‘Kom, lit ús de berch fan de Heare opgean,
nei it hûs fan de God fan Jakob,
dat Hy ús leare mei wat syn wegen binne
en wy de paden geane, dy’t Hy ús wiist.’
Want fan Sion giet de wet út,
it wurd fan de Heare komt út Jeruzalem.
3Hy sil rjochtsprekke tusken alle folken
en tusken machtige naasjes fierôf it skeel besljochtsje.
Dan sille se har swurden omsmeie ta ploechizers
en har spearen ta sichten.
Gjin folk sil langer de wapens opnimme tsjin in oar folk
en se sille har net mear op fjochterij útlizze.
4Elk kin rêstich ûnder syn wynstok sitte
en ûnder syn figebeam, sûnder dat ien him opskrillet;
want de Heare Almachtich hat it sels sein!
5Al soenen alle folken har wei gean,
elk yn fertrouwen op syn eigen god –
wy geane ús wei yn fertrouwen op de Heare,
ús God foar ivich en altyd.
6Dy deis – is de godsspraak fan de Heare –
wol Ik wer byinoar helje wat útwykt is;
wat fersille is, wol Ik wer gearbringe
en alle folk dêr’t Ik ûnheil oer brocht haw.
7Wat útwykt is, meitsje Ik in kostber oerbliuwsel fan
en wat útinoar dreaun is, wurdt in machtige naasje;
en de Heare sil kening oer harren wêze op ’e berch Sion fan dan ôf oant yn ivichheid.
8En do, Skieppetoer, hichte fan dochter Sion,
do krijst op ’e nij de hearskippij fan alear,
it keningskip fan dochter Jeruzalem.
9No, wêrom dan dy lûde jammerklachten fan dij?
Hasto dan gjin kening mear of is dyn riedsman omkommen,
dat de weeën dy oerkomme as by in frou dy’t in bern krijt?
Micha oer de takomst fan Jeruzalem
10Krimp yninoar en raas it út,
dochter Sion, as in frou dy’t in bern krijt.
Want wier, do moatst de stêd út
en yn it iepen fjild tahâlde.
Do silst nei Babel gean.
Dêr silst befrijd wurde,
dêr sil de Heare dy ferlosse út ’e macht fan dyn fijannen.
De tsjinstanners oer de takomst fan Jeruzalem
11Wannear’t alle folken har tsjin dy feriene hawwe
en sizze: Lit Sion ûntwijd wurde,
dat ús eagen har deroan tegoed dwaan kinne –
12dan witte se net, wat der yn ’e Heare omgiet,
en hawwe se gjin begryp foar syn riedsplan:
dat Er harren byinoar fandelet as skeaven op ’e terskflier.
13Oerein en terskje, do dochter Sion,
want dyn hoarnen meitsje Ik fan izer
en dyn hoeven fan brûns,
om alle folken mei plat te wâdzjen.
Dan silst har roofguod oan de Heare wije
en har rykdommen oan de Hear fan ’e hiele ierde.
Micha oer de kening
14Asto dy foar de striid útrist, do stêd fan striid,
dan sil er komme en ús belegerje;
mei in roede sil de rjochter fan Israel foar de mûle slein wurde.