De berchrede
1Doe’t Er de mannichte seach, gong Er de berch op; en nei’t Er sitten gien wie, kamen syn learlingen by Him. 2Doe naam Er it wurd en learde harren:
De lokkichprizingen
3Lokkich de earmen dy’t op God fertrouwe,
want harres is it himelske ryk.
4Lokkich dy’t treurje,
want se sille treaste wurde.
5Lokkich de sêftmoedigen,
want de ierde sil harres wêze.
6Lokkich dy’t honger en toarst hawwe nei gerjochtichheid,
want se sille har gerak krije.
7Lokkich de barmhertigen,
want se sille barmhertichheid ûnderfine.
8Lokkich dy’t suver fan hert binne,
want se sille God sjen.
9Lokkich dy’t frede bringe,
want se sille Godsfreonen neamd wurde.
10Lokkich dy’t ferfolge wurde om’t se gerjochtichheid wolle,
want harres is it himelske ryk.
11Lokkich binne jimme, wannear’t se jimme om My húnje en ferfolgje,
wannear’t se gemienwei alle mooglike kwea fan jimme sizze.
12Jubelje fan blidens, want grut sil jimme lean yn ’e himel wêze. Sa hawwe se ommers ek de eardere profeten ferfolge.
Sâlt en ljocht
13Jimme binne it sâlt fan ’e ierde. As it sâlt syn sâltens kwytrekke is, wêr kin men it dan wer sâlt mei krije? It doocht nearne mear ta as om op strjitte smiten en troch de minsken fertrape te wurden. 14Jimme binne it ljocht fan ’e wrâld. In stêd dy’t op in berch leit, moat wol yn ’t each falle. 15Ek stekt men gjin lampe op om dy ûnder de nôtmjitte te setten, mar men set him op ’e stander. Dan jout er ljocht foar elkenien dy’t yn ’e hûs is. 16Sa moat jimme ljocht skine foar de minsken. Se moatte jimme goede dieden sjen en sa jimme Heit yn ’e himel ferhearlikje.
Wat de wet ynhâldt
17Tink mar net, dat Ik kommen bin om de wet en de profeten oan ’e kant te skowen. Ik bin net kommen om dy oan ’e kant te skowen, mar om se ta har doel te bringen. 18Want wier, Ik sis jimme: Salang’t himel en ierde besteane, sil der net de lytste letter of ek mar in inkeld streekje fan skrast wurde, ear’t alles útkommen is. 19Wa’t dêrom ien fan dizze foarskriften, al is it ek it lytste, oan ’e kant skoot en oaren leart dat ek te dwaan, dy sil de minste neamd wurde yn it himelske ryk. Mar wa’t se sels neikomt en dat oaren ek leart, dy sil grut neamd wurde yn it himelske ryk. 20Ja, Ik sis jimme: As jimme godstsjinstigens net mear ynhâldt as dy fan ’e wetlearaars en Fariseeërs, tink dan mar net, dat jimme it himelske ryk yn komme.
Net lilk wurde
21Jimme hawwe heard dat tsjin ús foarâlden sein is: Do meist net deaslaan. Wa’t deaslacht, moat him foar it gerjocht ferantwurdzje. 22Mar Ik sis jimme: Elk dy’t lilk is op syn broer, moat him foar it gerjocht ferantwurdzje. En wa’t syn broer útskelt foar stommeling, moat him foar de Hege Rie ferantwurdzje; en wa’t him ‘grutte gek’ neamt, dy fertsjinnet it hellefjoer.
23As jo dus jo jefte nei it brânofferalter bringe en it komt jo dêr yn ’t sin, dat jo broer wat op jo tsjin hat, 24lit dan jo jefte mar foar it brânofferalter lizze en meitsje it earst mei jo broer yn oarder. Kom dan werom en bring jo offer. 25Salang’t jo noch ûnderweis binne mei jo tsjinpartij, moatte jo besykje mei him ta in akkoart te kommen. Oars kin it sa beslaan, dat er jo foar de rjochter bringt en dat dy jo oerleveret oan ’e wacht en dan komme jo yn it tichthús telâne. 26En dit sis Ik jo: Dêr komme jo net út, foar’t jo de lêste sint betelle hawwe.
Net troubrekke
27Jimme hawwe heard dat der sein is: Net troubrekke! 28Mar Ik sis jimme: Elkenien dy’t begearich in frou opnimt, docht yn syn hert al oan troubrek. 29As jo troch jo rjochtereach komme te fallen, lûk it út en smyt it fuort, want it is better ien lichemsdiel kwyt te wêzen, as mei in geef lichem yn ’e hel smiten te wurden. 30En as jo troch jo rjochterhân komme te fallen, kap him ôf en smyt him fuort, want it is better ien lichemsdiel kwyt te wêzen as mei in geef lichem yn ’e hel smiten te wurden.
Skieding en ûntrou
31Der is ek sein: Wa’t fan syn frou skiede wol, moat har in skiedelbrief meijaan. 32Mar Ik sis jimme: Elkenien dy’t fan syn frou skiedt – of it moat wêze om ûntucht – stjoert har op troubrek oan en de man dy’t mei sa’n ien trout, is in troubrekker.
Wat de eed ynhâldt
33Ek hawwe jimme heard, dat tsjin ús foarâlden sein is: Do meist gjin falske eed dwaan, mar do moatst foar de Hear dyn eden neikomme. 34Mar Ik sis jimme: Doch hielendal gjin eed, swar net by de himel, want dat is de troan fan God; 35net by de ierde, want dat is syn fuottebank, net by Jeruzalem, want dat is de stêd fan ’e grutte Kening. 36Swar ek net by jo holle, want jo kinne net ien hier wyt of swart meitsje. 37Nee, by jimme moat it sa wêze: ja is ja en nee is nee. Wat dêr oerhinne komt, komt fan ’e duvel.
Gjin wraak
38Jimme hawwe heard, dat der sein is: In each foar in each, in tosk foar in tosk. 39Mar Ik sis jimme: Ien dy’t dwers wol, moatte jimme net daliks oanfleane. Nee, as ien jo in slach jout op it rjochterwang, kear him dan ek it oare ta. 40En as ien mei jo yn ’e pleit giet en jo pak opeasket, lit him dan ek jo oerjas nimme. 41En as ien jo seit, dat jo ien kilometer mei him oprinne moatte, rin dan de helte fierder mei. 42Freget ien jo om wat, jou it him dan, en as ien wat fan jo liene wol, wyn jo der dan net foarwei.
Leafde foar fijannen
43Jimme hawwe heard, dat der sein is: Do moatst dyn neiste leafhawwe en dyn fijân haatsje. 44Mar Ik sis jimme: Haw jim fijannen leaf en bid foar elkenien dy’t jim ferfolget. 45Dan earst binne jim wier bern fan jimme Heit yn ’e himel. Hy lit ommers syn sinne opgean oer goeden en tsjoeden. Hy lit it reine foar deugdsumen en dogeneaten. 46Want as jimme allinne dy minsken leafhawwe dy’t ek jimme leafhawwe, wat foar fertsjinst sit dêr foar jimme yn? Dogge de tolgarders dat ek net? 47En as jimme allinne in freonlike groet hawwe foar jim bruorren, wat foar bysûnders dogge jimme dan? Dogge de heidens dat ek net? 48Jimme moatte dus foar elkenien goed wêze, lykas jimme himelske Heit dat is.