Jezus yn ’e ferlieding
1Doe waard Jezus troch de Geast yn ’e woestyn brocht om troch de duvel hifke te wurden. 2Nei’t Er fjirtich dagen en fjirtich nachten gjin iten hân hie, wie Er úthongere. 3Doe kaam de ferlieder op Him ta en sei: As Jo Soan fan God binne, hjit dy stiennen hjir dan ris, dat se yn brea feroarje. 4Jezus sei dêrop: Der stiet yn ’e Skrift:
Net fan brea allinne sil de minske libje,
mar fan alles wat út Gods mûle komt.
5Doe naam de duvel Him mei nei de hillige stêd, sette him op ’e râne fan it timpeldak 6en sei: As Jo Soan fan God binne, lit Josels hjir dan by del falle. Der stiet ommers yn ’e Skrift:
Syn ingels sil Er hjitte op Jo te passen
en mei de hannen sille se Jo opheine,
dat Jo net in foet oan in stien stjitte.
7Jezus sei werom: Der stiet ek:
Do meist de Hear dyn God net earne op fergje.
8Nochris naam de duvel Him mei, no nei in tige hege berch. Hy liet Him alle keninkriken fan ’e wrâld yn al har hearlikheid sjen 9en sei: Dit sil ik Jo allegearre jaan, as Jo yn oanbidding foar my op ’e knibbels falle. 10Doe sei Jezus tsjin him: Fuort, Satan, der stiet ommers yn ’e Skrift:
De Hear, dyn God, silst oanbidde
en Him allinne tsjinstber wêze.
11Doe liet de Satan Him mei rêst, en sjoch, ingels kamen om Him te fersoargjen.
It begjin fan it wurk yn Galiléa
12Doe’t Jezus hearde, dat Johannes oppakt wie, gong Er nei Galiléa. 13Hy liet Nazaret lizze en sette Him nei wenjen yn Kafarnaüm. Dat leit oan ’e mar yn ’e kontreien fan Sebûlon en Naftaly. 14De wurden fan profeet Jesaja moasten ommers útkomme:
15Lân fan Sebûlon en lân fan Naftaly,
oan ’e wei nei see, oare kant de Jordaan,
Galiléa fan ’e heidenen,
16it folk dat yn it tsjuster siet,
hat in grut ljocht sjoen;
foar harren dy’t yn ’e sombere oarde fan ’e dea sieten,
is in ljocht opgien.
17Sûnt dy tiid begûn Jezus mei de ferkundiging fan it bliid boadskip: Bekear jimme: it himelske ryk is tichteby kommen!
Jezus ropt fjouwer fiskers by Him
18Doe’t Er ris by de mar fan Galiléa lâns rûn, seach Er twa bruorren op ’e mar it net útsmiten: Simon, dy’t Petrus neamd wurdt, en syn broer Andréas. It wienen fiskerlju. 19Hy sei tsjin harren: Kom mei My. Ik sil minskefiskers fan jimme meitsje. 20En fuortendaliks lieten se de netten lizze en folgen Him.
21In eintsje fierder seach Er noch twa bruorren, Jakobus, de soan fan Sebedéus, en syn broer Johannes. Dy sieten yn ’e boat mei har heit Sebedéus de netten nei te sjen. Hy rôp harren, 22en fuortendaliks lieten se de boat en har heit yn ’e steek en folgen Him.
De soarch foar de grutte mannichte
23Hy teach hiel Galiléa troch, joech ûnderrjocht yn ’e synagogen dêre, ferkundige it bliid boadskip en holp it folk fan alle sykten en kwalen ôf. 24De rop fan Him gong noch fierder, hiele Syrië troch. Lju dy’t oanhelle wienen mei allerhanne sykten en kwalen, waarden by Him brocht; besetenen, mar ek lammen en minsken mei setten. Hy makke har allegear better. 25Grutte kloften folgen Him, út Galiléa, de Dekápolis, Jeruzalem, Judéa en oare kant de Jordaan wei.