It besyk fan ’e wize mannen
1Doe’t Jezus dan ûnder it regear fan kening Herodes te wrâld kommen wie te Betlehem yn Judéa, kamen der út it easten wei wize mannen nei Jeruzalem. 2Dy fregen: Wêr is de kening fan ’e Joaden te finen, dy’t koartlyn te wrâld kommen is. Wy hawwe syn stjer sjoen yn it easten en dêrom binne wy kommen om Him hulde te dwaan. 3Doe’t kening Herodes dat hearde, wie er slim fan ’e wize en hiele Jeruzalem net minder. 4Hy rôp alle hegeprysters en wetlearaars fan it folk byinoar en frege harren, wêr’t de Kristus berne wurde soe. 5Se seinen: Te Betlehem yn Judéa, want sa hat de profeet skreaun:
6En do, Betlehem, kontrei fan Juda,
do bist lang de minste net ûnder de foarsten fan Juda;
út dij sil ommers de foarman komme,
dy’t myn folk Israel hoedzje sil.
7Doe rôp Herodes dy wize mannen temûk by him en ûnderstie harren oer de krekte tiid dat de stjer ferskynd wie. 8Dêrnei stjoerde er har nei Betlehem en sei: Reizgje dêrhinne en fernim der goed nei, hoe’t it no krekt mei dat jonkje sit. En as jimme derachter binne, lit it my dan witte. Dan wol ik dêr ek hinne en Him hulde dwaan. 9Nei dy wurden fan ’e kening gongen se op reis. En sjoch, de stjer dy’t se yn it Easten sjoen hienen, gong harren wer foarút, oant er stil stean bleau boppe it plak dêr’t it jonkje wie. 10Doe’t se de stjer seagen, wienen se tige bliid. 11Se rûnen it hûs yn en seagen it jonkje mei Maria, syn mem. Doe foelen se op ’e knibbels en dienen Him hulde. Se makken har tassen mei kostberheden iepen en joegen Him as presint: goud, wijreek en mirre. 12En om’t se yn ’e dream warskôge waarden net wer nei Herodes ta te gean, namen se in oar paad om yn har lân werom te kommen.
De flecht nei Egypte
13Doe’t se ôfreizge wienen, ferskynde yn ’e dream in ingel oan Joazef en dy sei: Kom oerein en nim mei it jonkje en syn mem de wyk nei Egypte. Bliuw dêr, oant ik dy warskôgje, want Herodes sil om it berntsje sykje. Hy wol it deameitsje. 14Joazef kaam oerein en yn ’e nacht naam er mei it jonkje en syn mem de wyk nei Egypte. 15Dêr bleau er oant Herodes stoarn wie. Wat de Hear troch de profeet sein hie, moast ommers útkomme:
Ut Egypte haw Ik myn soan roppen.
It fermoardzjen fan ’e bern
16Doe’t Herodes murk, dat de wize mannen him ferrifele hienen, wied er poer. Hy stjoerde der mannen op út om alle jonges fan twa jier en jonger yn Betlehem en omkriten dea te meitsjen. Hy rekkene neffens de tiid dêr’t er de wize mannen oer ûnderstien hie. 17Doe kaam út, wat profeet Jeremia sein hat:
18In klacht is heard yn Rama,
skriemen en bitter gûlen.
Rachel skriemde om har bern;
se woe har net treaste litte, want se binne wei.
Werom út Egypte
19Herodes stoar. Doe hie Joazef yn Egypte in dream: in ingel ferskynde him 20en sei: Kom oerein en gean mei it jonkje en syn mem nei Israel, want dy’t it berntsje nei it libben stienen, binne dea. 21Hy sette ôf en reizge mei it jonkje en syn mem nei Israel. 22Doe’t er lykwols hearde, dat Archelaüs as kening oer Juda syn heit opfolge wie, doarst er dêr net hinne. Yn in dream krige er oanwizings en socht doe in ûntwyk yn ’e kontreien fan Galiléa. 23Dêr sette er him nei wenjen yn it plak dat Nazaret hjit. Sa kaam út, wat troch de profeten sein wie: Nazoreeër sil er neamd wurde.