De ferhearliking op ’e berch
1Seis dagen neitiid naam Jezus Petrus, Jakobus en dy syn broer Johannes mei by in hege berch op. Dêr wie oars gjinien. 2En foar har eagen feroare Er fan oansjen. Syn gesicht striele lykas de sinne, en syn klean waarden wyt as it ljocht. 3Doe seagen se ynienen, dat Mozes en Elía mei Him stienen te praten. 4Petrus naam it wurd en sei tsjin Jezus: It is goed, dat wy hjir binne. As Jo wolle, sil ik trije tinten opsette, ien foar Jo, ien foar Mozes en ien foar Elía. 5En wylst er dat sei, kaam in wolk as in skaad oer harren hinne, en út ’e wolk klonk in stim dy’t sei: Dit is myn Soan, myn ynleave Jonge, dêr’t Ik sa wiis mei bin. Harkje nei Him. 6Doe’t se dat hearden, lieten de learlingen har plat op ’e grûn falle. Sa bang wienen se. 7Mar Jezus gong op harren ta, rekke har oan en sei: Kom oerein en wês net bang. 8Se sloegen de eagen op en seagen allinne Jezus. 9Doe’t se by de berch del gongen, skerpe Jezus harren yn: Fertel gjinien wat jimme sjoen hawwe, ear’t de Minskesoan út ’e dea ferriisd is. 10De learlingen fregen Him: Wêrom sizze de wetlearaars, dat Elía earst komme moat? 11Hy antwurde: Elía sil earst komme, ja, en alles yn oarder bringe. 12Mar Ik sis jimme: Elía hat der al west, mar se hawwe net sjoen, dat hy it wie, en mei him dien wat se mar woenen. De Minskesoan sil ek sa fan harren te lijen hawwe. 13Doe begriepen de learlingen, dat Er it mei harren oer Johannes de Doper hie.
In beseten jonge wurdt better makke
14Doe’t se wer by it folk kommen wienen, rûn der in man op Him ta. Dy foel foar Him op ’e knibbels en sei: 15Hear, haw meilijen mei myn jonge. Hy is mei setten oanhelle en der min oan ta. Faak falt er yn it fjoer en ek faak yn it wetter. 16Ik haw him by jo learlingen brocht, mar dy koenen him net better meitsje. 17Jezus antwurde: O, ûnleauwich skaai altyd dwers tsjin ’e tried yn! Hoelang moat Ik noch by jimme bliuwe en jimme ferdrage? Bring him hjir mar hinne. 18Jezus ferbea de duvel en dy gong út ’e jonge wei. Fan dy tiid ôf oan wie de jonge wer better.
19Doe’t Jezus wer allinne wie, kamen de learlingen by Him en fregen: Wêrom koenen wy de duvel niis net útbanne? 20Hy sei tsjin harren: Om ’t jimme leauwen te swak is. Ja, Ik sis jimme: As jimme leauwen as in mostersiedsje wie, dan soenen jimme tsjin dy berch sizze kinne: Hjirwei en dêrhinne! En dan komt er op in oar plak te stean. Neat sil dan foar jimme ûnmooglik wêze. [21Mar dit soarte krijt men allinne mar fuort troch bidden en fêstjen.]
Jezus foarseit syn dea en ferrizenis
22Doe’t se allegearre yn Galiléa byinoar wienen, sei Jezus tsjin harren: De Minskesoan sil oerlevere wurde en yn minskehannen falle. 23Se sille Him deadzje en de tredde deis sil Er ferrize. Dat taaste har djip yn ’t moed.
It beteljen fan ’e timpelbelesting
24Doe’t se yn Kafarnaüm oankommen wienen, kamen de mannen dy’t de timpelbelesting ophelje, by Petrus en seinen: Betellet jimme Master de taks net? 25Hy sei: Jawis al. Doe’t er thúskaam, wie Jezus him al foar mei de fraach: Wat tinkt dy, Simon, fan wa krije de keningen belesting en skatting, fan eigen of fan frjemd? 26Fan frjemd, sei er. No, sei Jezus doe tsjin him: dan binne de eigen lju fan Gods ryk eins frij, 27mar wy moatte harren gjin argewaasje jaan. Gean dêrom nei de mar, smyt de angel út en doch de earste fisk dyst fangst, de bek iepen. Dêr silst in sulverstik yn fine. Nim dat en jou it harren foar dy en foar My.