De tradysje fan ’e foarâlden
1Op in kear kamen der Fariseeërs en wetgelearden út Jeruzalem by Jezus. Se seinen: 2Wêrom hâlde jo learlingen har net oan ’e tradysjes fan ’e âlden? Se waskje ommers de hannen net foar ’t iten. 3Jezus antwurde harren: En jimme dan? Wêrom geane jimme tsjin Gods gebod yn om jim tradysjes mar te bewarjen? 4God hat ommers sein: Hâld jim heit en mem yn eare, en: Wa’t syn heit en mem ferflokt, moat ombrocht wurde. 5Mar jim sizze: Wa’t tsjin syn heit of mem seit: ‘Dêr’t ik jimme mei skewiele kinnen hie, dat is foar de timpel ornearre,’ 6sa’n ien is fan de plicht ôf om syn heit en mem yn eare te hâlden. Sa skowe jim mei jim tradysjes Gods gebod oan ’e kant. 7Komeedzjespilers dat jim binne, hoe krekt hat Jesaja al fan jimme sein:
8Dit folk earet My mei de lippen,
mar har hert is fier fan My ôf.
9It jout neat, dat se My earje,
want se leare net oars as minskegeboaden.
10Nei’t Er it folk by Him roppen hie, sei Er tsjin harren: Nim dit noris goed yn jim op: 11Net wat ta de mûle yngiet, makket de minske ûnsuver, mar wat derút komt. Dat makket him ûnsuver. 12Doe gongen de learlingen nei Him ta en seinen: Witte Jo wol dat de Fariseeërs dy wurden fan Jo skandalich achtsje? 13Hy antwurde: Alle planten, dy’t myn himelske Heit net plante hat, sille útroege wurde. 14Lit harren mar gewurde. It binne bline paadwizers en as in blinen mei in oare blinen op stap giet, sille se allebeide yn ’e kûle falle.
15Doe oppenearre Petrus him en sei: Lis ús dy gelikenis ris út. 16Jezus sei: Hawwe jim der ek noch altiten gjin begryp oer? 17Hawwe jimme net foar ’t ferstân, dat alles wat ta de mûle yngiet, yn it liif bedarret en der mei de trochgong wer útgiet? 18Mar wat ta de mûle útkomt, dat komt út it hert en dat makket jin ûnsuver. 19Ut it hert komme ommers ferkearde plannen, moard, troubrek, huorkerij, stelderij, falsk getugenis, lasterpraat. 20Dat binne de dingen dy’t jin ûnsuver meitsje, mar net it iten sûnder earst te hanwaskjen.
It fertrouwen fan ’e Kanaänityske frou
21Dêrwei gong Er nei de krite fan Tyrus en Sidon ta. 22Dêr kaam in Kanaänityske frou dy’t yn dy kontreien wenne, samar op Him tarinnen en rôp: Haw meilijen mei my Hear, Soan fan David. Myn dochter wurdt slim troch de duvel pleage. 23Hy gong der lykwols net op yn. De learlingen kamen derby en fregen Him: Stjoer har dochs fuort, se ropt ús mar achternei. 24Doe joech Er antwurd: Ik bin inkeld útstjoerd foar de ferlerne skiep fan it folk fan Israel. 25Mar hja gong foar Him op ’e knibbels lizzen en sei: Hear, help my dochs. 26Hy antwurde: It is net goed en nim de bern it brea ôf en smyt it foar de hûntsjes. 27Sij sei: Sa is it, Hear, mar de hûntsjes ite dochs ek fan ’e krommels dy’t by de baas fan ’e tafel ôf rûgelje. 28Doe antwurde Jezus har: Frou, wat is jo fertrouwen grut! Lit it wêze sa’t Jo it graach wolle. En de frou har dochter wie fan dy tiid ôf wer better.
Mannichien wurdt better makke
29Nei’t Er dêrwei gien wie, kaam Er by de mar fan Galiléa. Hy rûn it berchlân yn en gong dêr sitten. 30Grutte kloften minsken kamen by Him mei har kreupelen, blinen, ûngelokkigen, stommen en gâns oare stumperts. Se brochten dy deun by Him en Hy makke har allegearre better. 31It folk stie stom ferbaasd, doe’t se seagen, hoe’t stommen wer prate koenen, ûngelokkigen wer better waarden, kreupelen wer rinne en blinen wer sjen koenen. Se prizen de God fan Israel.
Fjouwertûzen man krije sêd
32Jezus rôp syn learlingen by Him en sei: It begruttet My om al dy minsken. Se binne hjir al trije dagen by My en hawwe neat te iten. Ik wol harren net sûnder iten fuortgean litte. Se moatte der ûnderweis net by delfalle. 33De learlingen seinen tsjin Him: Wêr hellet men yn dizze iensume oarde safolle brea wei, dat sa’n mannichte sêd kriget? 34Jezus sei tsjin harren: Hoefolle breaën hawwe jimme? Se seinen: Sân, en noch in stikmannich fiskjes. 35Doe sei Er, dat it folk op ’e grûn sitten gean moast. 36Hy naam de sân breaën en de fiskjes, spriek it tankgebed út, briek se yn stikken en joech se oan ’e learlingen. Dy joegen se troch oan ’e minsken. 37Se ieten der allegearre fan en krigen sêd. De stikken dy’t oerbleauwen, fandelen se byinoar: sân kuorfollen. 38Froulju en bern net meiteld, wienen it fjouwertûzen dy’t te iten krigen. 39Doe liet Er de minsken nei hûs ta gean. Sels gong Er yn ’e boat en kaam yn ’e kontrei fan Magadan.