De dea fan Johannes de Doper
1Yn dy tiid hearde de tétrarch Herodes oer Jezus fertellen. 2Hy sei tsjin syn mannen: It is Johannes de Doper. Dy is grif út ’e dea ferriisd en dêrom wurkje dy wûnderkrêften yn Him. 3Herodes wie de man dy’t Johannes oppakke, boeie en fêstsette litten hie om Heródias, de frou fan syn broer Filippus. 4Johannes hie tsjin him sein: Jo meie har net as frou hawwe. 5Doe woe Herodes him eins deameitsje litte, mar hy doarst it net oan om it folk, dat yn Johannes in profeet seach.
6Mar op Herodes syn jierdei dûnse de dochter fan Heródias sa moai foar de gasten en it wie Herodes sa nei ’t sin, 7dat hy sei har ta – en dêr died er in eed op – hy soe har alles jaan, dêr’t se mar om frege. 8Dy sei doe wat har mem har ynskúnd hie: Jou my hjir op in board de holle fan Johannes de Doper. 9Dat begrutte de kening tige, mar om ’e eed en om ’e gasten woed er it net wegerje en dêrom joech er har har sin. 10En hy liet Johannes yn it tichthús de holle ôfslaan. 11De holle waard op in board brocht en oan it fanke oerjûn. Dy brocht him nei har mem ta. 12Johannes syn learlingen kamen om it lyk op te heljen. Se begroeven it en gongen doe nei Jezus ta en fertelden it Him.
Fiiftûzen man krije sêd
13Doe’t Jezus it heard hie, sette Er yn in boat ôf nei in iensume oarde om allinne te wêzen. Mar it folk hearde dat, rûn de stêden út en gong Him oer lân achternei. 14By it oan wâl stappen seach Er in grutte kloft folk. It griep Him oan en Hy makke de siken dy’t derby wienen, better.
15Doe’t it nei de jûn begûn te rinnen, kamen de learlingen by Him en seinen: It is hjir in ferlittene oarde en it is ek al let wurden. Lit de minsken fuortgean, dan kinne se yn ’e doarpen foar harsels iten keapje. 16Mar Jezus sei tsjin harren: Se hoege net fuort te gean; soargje jimme mar, dat se te iten krije. 17Hja seinen: Wy hawwe hjir oars net as fiif breaën en twa fisken. 18Hy sei: Bring dy mar ris by My. 19Hy hiet harren allegearre yn it gers sitten te gean, naam doe de fiif breaën en de beide fisken, seach nei boppen, spriek de tanksizzing út, briek de breaën en joech dy oan ’e learlingen, en de learlingen joegen se oan ’e mannichte. 20Se ieten har allegear sêd. Se fandelen de stikken brea byinoar, dy’t der oer wienen: tolve kuorfollen. 21Bûten de froulju en bern hienen sa’n fiiftûzen iten hân.
Jezus rint oer ’t wetter
22Fuort neitiid joech Er syn learlingen oarder oan board te gean en nei de oare kant te farren. Wilens koe Er sels it folk nei hûs ta stjoere. 23Nei’t Er de mannichte gean litten hie, gong Er by de berch op om allinne te wêzen en te bidden. It wie al let yn ’e jûn en noch siet Er dêr allinne. 24Underwilens wie de boat al gâns in ein út ’e wâl en hie it slim te krijen mei de weagen; se hienen yn ’e wyn. 25De nachts – it wie al yn ’e neinacht – kaam Er oer it wetter nei harren ta rinnen. 26De learlingen seagen Him oer it wetter oankommen. Se rekken fan ’t stel en seinen: It is in spoek en fan benaudens raasden se it út. 27Mar fuortdaliks rôp Jezus harren ta: Stil mar, Ik bin it, wês mar net bang! 28Petrus antwurde: Hear, as Jo it binne, sis dan, dat ik oer it wetter by Jo komme moat. 29Jezus sei: Kom mar. En Petrus gong út ’e boat en rûn oer it wetter nei Jezus ta. 30Mar doe’t er murk, hoe’n stik wyn dat der stie, waard er benaud. Hy begûn te sinken en rôp lûd: Hear, help my. 31Op slach stiek Jezus de hân út, griep him beet en sei tsjin him: Wat in bytsje fertrouwen! Wêrom bist dochs sa ûnwis? 32Doe’t se yn ’e boat stapten, gong de wyn lizzen. 33De mannen yn ’e boat foelen foar Him del en seinen: Ja, Jo binne de Soan fan God.
De siken yn Gennézaret wurde better makke
34Doe’t se de mar oer wienen, kamen se by Gennézaret oan wâl. 35De minsken dy’t dêr wennen, seagen fuort dat Hy it wie, en fertelden it troch yn dy hiele krite. Doe brochten se alle siken by Him. 36Dy smeekten Him, oft se allinne mar de seame fan syn mantel oanreitsje mochten. Elkenien dy’t dat die, waard better.