Ieren ôflûke op sabbat
1Jezus rûn ris op sabbat troch de nôtfjilden. Syn learlingen krigen honger en begûnen ieren ôf te lûken en de kerrels op te iten. Doe’t de Fariseeërs dat seagen, seinen se tsjin Him: 2Sjochris, jo learlingen dogge wat dat op sabbat net mei. 3Hy joech harren ta beskie: Hawwe jimme yn ’e Skrift net lêzen, wat David die, doe’t hy en syn maten honger hienen? 4Hoe’t er it hillichdom yn gong en hoe’t se de toanbreaën opieten? Dat mocht er dochs net dwaan en syn maten likemin. Allinne prysters mochten dêrfan ite. 5Of hawwe jimme yn ’e Wet net lêzen, dat op elke sabbat de prysters yn ’e timpel de sabbat skeine, sûnder dat it harren oanrekkene wurdt? 6En Ik sis jimme: Hjir is mear as de timpel. 7Hienen jimme mar foar ’t ferstân hân wat it Skriftwurd betsjut: ‘Barmhertichheid, dêr giet it My om, net om offers.’ Dan soenen jimme gjin ûnskuldigen feroardiele hawwe. 8De Minskesoan hat it ommers ek oer de sabbat te sizzen.
De man mei in ferskronfele hân
9Hy gong fierderop en stapte har synagoge yn. 10Dêr wie in man mei in ferskronfele hân. Se fregen Him: Mei men op sabbat wol ien better meitsje? Se woenen wat hawwe, dêr’t se Him fan beskuldigje koenen. 11Hy sei: As ien fan jimme in skiep hat en dat rekket op sabbat yn in dobbe, wa fan jim sil dan net de hannen útstekke en it derút lûke? 12En hoefolle is in minske net mear wurdich as in skiep. Dêrom mei men op sabbat goeddwaan. 13Doe sei Er tsjin ’e man: Stek de hân ris út. Dat die dy en de hân wie wer like sûn as de oare. 14Nei ôfrin leinen de Fariseeërs oer, hoe’t se Him út ’e wei romje soenen.
De útkarde tsjinner
15Mar Jezus hie harren yn ’e rekken en gong dêr wei. In macht folk folge Him. Alle siken makke Er better, 16mar Hy skerpe harren yn, syn namme net te neamen, 17dat útkomme soe, wat profeet Jesaja sein hat:
18Sjoch, dit is myn Soan, dy’t Ik útkard haw,
myn ynleave Jonge, dêr’t Ik sa wiis mei bin.
Myn Geast sil Ik op Him rêste litte
en Hy sil de heidenfolken ferkundigje,
wat rjocht is.
19Tsiere en roppe sil Er net
en op ’e strjitte sil men syn lûd net hearre.
20It kniesde reid sil Er net ôfbrekke,
it swakke flaaksflamke net útblaze,
oant troch Him de gerjochtichheid it wint.
21Op Him sille de heidenfolken har hoop sette.
Jezus en Beëlzebûl
22Op in kear waard der in besetene by Him brocht, dy’t blyn en stom wie. Hy makke him better; de man koe wer prate en sjen. 23Alle minsken stienen der fersteld fan en seinen: Soe Hy net de Soan fan David wêze? 24Mar de Fariseeërs seinen, doe’t se dat murken: Hy kin duvels allinne mar útbanne mei help fan Beëlzebûl, de opperduvel. 25Jezus wist lykwols, wat se yn har omgean lieten, en sei tsjin harren: Elk ryk dat ynwindich ferdield is, giet deroan, en elk plak of hûs dat ynwindich ferdield is, sil net bestean bliuwe kinne. 26As de satan de satan útbant, dan is er ynwindich ferdield. Hoe sil syn ryk dan stân hâlde kinne? 27En as Ik mei help fan Beëlzebûl de duvels útban, wa helpt dan jimme eigen lju by it útbannen? Dêrom sille dy jim eigen rjochters wêze. 28Mar as it mei help fan Gods Geast is, dat Ik de duvels útban, dan is it Godsryk al oan jimme ta kommen. 29Hoe soe men by in sterkenien ynbrekke en syn húsrie stelle kinne, as men net earst dy sterke man fêstbynt? Dan earst sil men syn hûs leechstelle kinne. 30Wa’t net foar My is, is tsjin My. Dy’t net mei My it folk byinoar bringt, jaget it útinoar. 31Dêrom sis Ik jimme: alle sûnden en godslasteringen sille de minsken ferjûn wurde, mar dy’t de Geast belasteret, dy sil it net ferjûn wurde. 32Wa’t tsjin de Minskesoan yngiet, sil it ferjûn wurde, mar dy’t tsjin de hillige Geast yngiet, dy sil it net ferjûn wurde, net yn dizze wrâld en net yn ’e wrâld dy’t komme sil.
De beam en syn fruchten
33It iene of it oare: soargje dat de beam goed is, dan is de frucht ek goed, of lit de beam ferkankerje en dan is de frucht navenant. Ja, oan ’e frucht ken men de beam. 34Njirrebrod, hoe soenen jimme ta sûn praat komme kinne, as jim fan binnen ferkeard binne? Dêr’t it hert oerrinnende fol fan is, dat utert de mûle ommers! 35Goede minsken helje út har foarrie fan goede dingen wat goeds foar’t ljocht, mar minne lju minne dingen út har foarrie fan kwea. 36Mar Ik sis jimme: fan elk hol wurd dat de minsken sizze, sille se rekkenskip jaan moatte op ’e oardielsdei. 37Op grûn fan jins wurden sil men by de goeden rekkene wurde, op grûn fan jins wurden sil men feroardiele wurde.
De fraach nei in teken
38Guon wetgelearden en Fariseeërs kamen Him doe hjirmei oansetten: Master, wy wolle in teken fan Jo sjen. 39Mar Hy antwurde: In min en ûnbetrouber skaai freget om in teken, mar krije sille se dat net, behalven dan it teken fan profeet Jona. 40Lykas ommers Jona trije dagen en trije nachten yn it liif fan it seemeunster sitten hat, sa sil de Minskesoan trije dagen en trije nachten djip yn ’e grûn wêze. 41De Nineviten sille by it oardiel opsetten komme tagelyk mei dit skaai en it feroardielje, want sij feroaren har ten goeden troch it preekjen fan Jona, en sjoch, hjir is mear as Jona. 42De keninginne fan it Suden sil by it oardiel oproppen wurde tagelyk mei dit skaai en it feroardielje, want sij kaam fan ’e útein fan ’e wrâld om nei de wysheid fan Salomo te hearren, en sjoch, hjir is mear as Salomo.
De duvel komt werom
43Wannear’t de duvel út immen weigiet, swalket er troch toarre oarden. Hy siket om rêst, mar kin dy net fine. 44Dan seit er: Ik gean werom nei it hûs dêr’t ik útgien bin. As er dêr komt, fynt er it leech. It is kreas oanfage en oprêden. 45Dan hellet er earst sân oare duvels op, noch gemiener as hysels, en dan geane se deryn en sette har dêr nei wenjen. Dat op it lêst is dy man der slimmer oan ta as earst. Sa sil it ek gean mei dit minne skaai.
De mem en de bruorren fan Jezus
46Wylst Er noch dwaande wie it folk ta te sprekken, stienen syn mem en bruorren bûtendoar te wachtsjen; se woenen mei Him prate. 47Ien fan ’e minsken sei tsjin Him: Jo mem en jo bruorren steane bûtendoar te wachtsjen; se wolle mei Jo prate. 48De man dy’t dat sei, krige fan Jezus te hearren: Wa is myn mem en wa binne myn bruorren? 49Doe wiisde Er mei de hân nei syn learlingen en sei: Sjoch, dit is myn mem, dit binne myn bruorren. 50Wa’t docht, wat myn himelske Heit wol, dy is myn broer, myn suster, myn mem.