1Doe’t Jezus syn tolve learlingen al syn ynstruksjes jûn hie, reizge Er fierder om yn ’e Joadske stêden it bliid boadskip te ferkundigjen en ûnderrjocht te jaan.
De boaden fan Johannes de Doper
2Johannes hearde yn it tichthús praat fan wat Kristus die en hy stjoerde guon fan syn learlingen nei Him ta om te freegjen: 3Binne Jo de man dy’t komme soe of hawwe wy in oarenien te ferwachtsjen? 4Jezus antwurde harren: Fertel Johannes mar wat jimme hjir hearre en sjogge: 5blinen kinne wer sjen, lammen wer rinne, melaatsken wurde suvere, doven kinne wer hearre, deaden wurde ta libben brocht en earmen wurdt it bliid boadskip ferkundige. 6Lokkich hy dy’t him net oan My stjit.
7Doe’t de boaden wer fuort gongen, begûn Jezus mei it folk oer Johannes te praten: Om wat te sjen binne jimme de woestyn yngien? Wie it om reid te sjen, soeiend op ’e wyn? 8Nee, mar om wat te sjen binne jimme dan al kommen? In man klaaid yn side en satyn? Lju dy’t side en satyn drage, binne te finen yn ’e paleizen fan keningen. 9Mar wêrfoar binne jim der dan op útgien? Om in profeet te sjen? Ja, sa wie it, sis Ik jimme, en mear as in profeet. 10Fan him stiet yn ’e Skrift:
Sjoch Ik stjoer myn boade foar Jo út,
hy sil foar Jo it paad reemeitsje.
11Ja, Ik sis jimme: fan alle minsken dy’t op ’e wrâld kommen binne, is gjinien grutter as Johannes de Doper. Mar de lytste yn it himelske ryk is dochs grutter as hy. 12Sûnt de dagen fan Johannes de Doper oan hjoed-de-dei ta wurdt it himelske ryk geweld oandien en gripe geweldners dernei. 13Alle profeten oant en mei Johannes sels en ek de Wet, hawwe it oer dat ryk hân. 14En as jimme it mar oannimme wolle: Johannes is de Elía dy’t komme soe. 15Wa’t earen hat, moat se brûke. 16Wêr moat Ik dit geslacht mei fergelykje? It is dermei as mei bern dy’t op it merkeplein sitte te boartsjen. It iene partoer ropt tsjin it oare:
17Wy hawwe foar jimme op ’e brulloftsfluite spile,
mar dûnsje dienen jimme net.
Wy hawwe in begraffenisliet songen,
mar jimme sloegen jim net foar ’t boarst.
18Ommers, Johannes is kommen. Hy iet en dronk net, en dan wurdt der sein: Hy is net wiis. 19De Minskesoan is kommen. Hy yt en drinkt wol, en dan wurdt der sein: Sjoch, wat in fretter en sûper, in freon fan tolgarders en sûnders. Mar út ’e dieden docht wol bliken, wêr’t de wysheid te finen is.
Wee dij, Choarazin, wee dij Betsaïda
20Doe begûn Er oer de stêden dêr’t Er de measte wûnders dien hie, en ferwiet dy, dat se der net oars fan wurden wienen. 21Wee dij, Choarazin! Wee dij, Betsaïda! As ommers yn Tyrus en Sidon deselde wûnders as by jimme dien wienen, dan soenen dy al lang ta ynkear kommen wêze en yn sekkeguod en jiske sitten hawwe. 22Ja, Ik sis jimme, foar Tyrus en Sidon sil it op ’e oardielsdei better út te hâlden wêze as foar jimme. 23En do, Kafarnaüm, tochtste faaks datst oant yn ’e himel optild wurde soest? Do silst delploffe oant yn ’e hel, want as yn Sodom deselde wûnders dien wienen, as by dij, dan soe it hjoed-de-dei noch bestean. 24Ja, Ik sis jimme, foar Sodom en omkriten sil it op ’e oardielsdei better út te hâlden wêze as foar dij.
Kom by My ta rêst
25Yn dy tiid naam Jezus it wurd en sei: Ik loovje Jo, Heit, Hear fan himel en ierde, omdat Jo dizze dingen foar wizen en gelearden ferburgen hâlden hawwe, mar oan ienfâldigen iepenbiere. 26Ja, Heit, sa hawwe Jo it hawwe wollen. 27Alles is My yn hannen jûn troch myn Heit, en gjinien kin de Soan kenne as allinne de Heit, en gjinien kin de Heit kenne as allinne de Soan en elkenien oan wa’t de Soan dat iepenbierje wol. 28Kom by My, allegear dy’t wurch en swier beladen binne, en Ik sil jimme rêst jaan. 29Nim myn jok op ’e skouders en lear fan My myld en dimmen te wêzen, sa’t Ik bin. Dan sille jimme in plak fine om te rêsten, 30want myn jok draacht maklik en myn lêst is licht.