De stambeam fan Jezus Kristus
1Stambeam fan Jezus Kristus, soan fan David, soan fan Abraham. 2Abraham wie de heit fan Izaäk, Izaäk fan Jakob, Jakob fan Juda, en syn bruorren, 3Juda fan Peares en Searach – de mem wie Tamar – Peares fan Chesron, Chesron fan Aram, 4Aram fan Amminadab, Amminadab fan Nachson, Nachson fan Salmon, 5Salmon fan Boäz – de mem wie Rachab – Boäz fan Obed – de mem wie Ruth – Obed fan Isai, 6Isai fan David, de kening.
David wie de heit fan Salomo – de mem wie Oeria syn frou – 7Salomo fan Rechabeäm, Rechabeäm fan Abia, Abia fan Asa. 8Asa fan Josafat, Josafat fan Joaram. Joaram fan Oezzia. 9Oezzia fan Jotam, Jotam fan Achas, Achas fan Hizkia, 10Hizkia fan Manasse, Manasse fan Amos, Amos fan Josia, 11Josia fan Jekonja en syn bruorren yn ’e tiid fan ’e ballingskip yn Babylon.
12Nei de ballingskip yn Babylon waard Jekonja heit fan Sjeältiël, Sjeältiël fan Serûbbabel, 13Serûbbabel fan Abiûd, Abiûd fan Eljakim, Eljakim fan Aser, 14Aser fan Sadok, Sadok fan Achim, Achim fan Eliûd. 15Eliûd fan Eleäzar, Eleäzar fan Mattan, Mattan fan Jakob, 16Jakob fan Joazef, de man fan Maria. Sy wie de mem fan Jezus, dy’t de Kristus neamd wurdt.
17Mei-inoar binne der dus fan Abraham oant David fjirtjin generaasjes, fan David oant de ballingskip yn Babylon fjirtjin, en fan de ballingskip yn Babylon oant de Kristus ek fjirtjin.
De berte fan Kristus
18Mei de berte fan Kristus gong it sa om en ta: doe’t syn mem Maria yn har breidstiid wie mei Joazef, die it bliken, dat Maria, noch foar’t se byinoar kommen wienen, in bern ferwachte troch it wurk fan de hillige Geast. 19Joazef, har man, deugdsum as er wie, woe har net iepentlik te skande meitsje en stie yn bestân stilwei fan har te skieden. 20Mar sjoch, doe’t er dêrmei omrûn, ferskynde him yn ’e dream in ingel. Dy sei: Joazef, soan fan David, sjoch der net tsjinoan Maria, jo frou, by jo yn ’e hûs te nimmen, want it bern dat se ferwachtet, is fan de hillige Geast. 21Se sil in soan krije, dy’t jo Jezus neame moatte, want Hy sil syn folk fan ’e sûnden ferlosse. 22Dat is allegearre bard mei it doel, dat útkomme soe, wat de Hear troch de profeet sein hat:
23Sjoch, de jongfaam sil in bern ferwachtsje en in soan krije
en se sille Him Emmanuël neame,
wat yn eigen taal betsjut: God mei ús.
24Doe’t Joazef wekker wurden wie, die er sa’t de ingel him hjitten hie. Hy naam syn frou by him yn. 25Doe krige se in soan. Foartiid hied er gjin mienskip mei har hân. En hy joech Him de namme Jezus.