6De soan hat earbied foar syn heit en de feint foar syn baas. Goed, as Ik in heit bin, wêr bliuwt dan de earbied foar My? As Ik baas bin, wêr is dan it ûntsach foar My? – freget de Heare Almachtich jimme, prysters, dy’t myn namme leechlizze. En noch freegje jim: Wêr blykt dan út, dat wy jo namme leechlizze? 7Hjirút, dat jimme min iten op myn alter bringe. En noch freegje jim: Wêr blykt dan út, dat wy Jo min behannele hawwe? Hjirút, dat jim miene, dat men foar de tafel fan de Heare gjin ûntsach hoecht te hawwen. 8Let it dan neat, as jim mei in blyn bist oansetten komme om dat te offerjen? Let it dan neat, as jim mei in kreupel of siik bist komme? Kom dêr jim lânfâd mar ris mei oan! Soe dy dêr frede mei hawwe en jim tagedien wêze? – seit de Heare Almachtich. 9No dan, besykje mar om Gods geunst te winnen en tink mar: ‘Dan sil Er ús wol genedich wêze!’ As jim sa dogge, sil Er jim dan tagedien wêze? – seit de Heare Almachtich. 10Wie der ûnder jimme mar ien dy’t de timpeldoarren ticht die, dat jimme net langer foar neat it fjoer op myn alter oanstieken! Ik haw myn nocht fan jimme, seit de Heare Almachtich, en de offerjefte dêr’t jim mei oankomme, moat Ik neat fan hawwe. 11Wier, fan it fierste easten ôf oan it fierste westen ta is myn namme grut ûnder de heidenfolken en oeral bringe se myn namme offers en suvere offerjeften, want grut is myn namme ûnder de heidenfolken, seit de Heare Almachtich. 12Mar jimme ûnthilligje dy, want jim miene, dat de tafel fan de Heare ûnrein is en dat men foar it iten dat dêrop komt, gjin ûntsach hoecht te hawwen. 13Jim sizze: Och, wat jout it allegear! en jim binne der fiis fan, seit de Heare Almachtich. Mar as jim oansetten komme mei in bist dat net geef is, kreupel of siik, en jim offerje dat, soe sok dwaan fan jimme My oanstean? – seit de Heare. 14Nee, ferflokt is de dogeneat, dy’t in goede raam by de keppel hat en dy plechtich taseit, en de Heare dan dochs in offerbist bringt, dêr’t wat oan skeelt. Want Ik bin in grut kening, seit de Heare Almachtich, en myn namme hawwe de heidenfolken ûntsach foar.