Gods oardiel op syn slimst
1O, wat is it goud beslein,
it goede, fine goud sûnder glâns,
wat lizze de stiennen fan it hillichdom fersille
op alle hoeken fan ’e strjitten.
2Dy skoandere bern fan Sion
dy’t har gewicht yn goud wurdich wienen,
se wurde no achte as diggelguod,
dat troch de pottebakker makke is.
3Jakhalzen sels jouwe it jaar
en litte de jongen drinke,
mar de dochters fan myn folk binne wreed wurden
as de strúsfûgels yn ’e woestine.
4De tonge fan ’e tatebern klibbet
fan toarst oan it ferwulft;
berntsjes freegje om brea,
mar gjinien dy’t it har jout.
5Dy’t lekker plichten te iten
lizze fersmachte op ’e strjitten
en dy’t op poarper fersoarge waarden
krûpe op ’e rûchskerne om.
6It kwea fan myn folk wie grutter
as de sûnde fan Sodom,
dat ek yn in wink omkeard is,
sûnder dat ien in hân ferroerde.
7Skjinner as snie wienen har prinsen,
blanker as molke,
roaziger wie har fel as de kralen,
se seagen derút as saffier.
8Mar har skouwing waard swart as ruot,
gjin minske koe har mear op ’e strjitten,
hja wienen fel en bonken,
har hûd wie toar as hout.
9Dy’t troch it swurd stoaren, hienen hiel wat foar
boppe dy’t omkamen fan ’e honger,
want de lêsten kwynden wei
om’t it fjild gjin frucht opbrocht.
10Tearhertige froulju hawwe mei har eigen hannen
har berntsjes sean;
eigen bern waarden har spize
by de ûndergong fan myn earm folk.
11De Heare is oan ’e boaiem ta gien mei syn grammoedigens,
syn gleone grime hat Er útgetten,
in fjoer hat Er yn Sion oanstutsen
dat har fûneminten fertarde.
12Dit hienen de keningen net leauwe kind
en gjinien dy’t op ’e ierde wennet:
dat in tsjinstanner of fijân
oait binnen de poarten fan Jeruzalem komme soe.
13It is om ’e sûnden fan ’e profeten
en it kwea fan har prysters,
dy’t it bloed fan ’e rjochtfeardigen
útgetten hawwe yn ’e stêd.
14Blynwei rûnen se no sels oer de strjitten
en sieten sa ûnder it bloed,
dat gjin minske soe it weagje
en reitsje har klean oan.
15‘Gean wei, ûnrein!’ rôpen se foar har út,
‘Gean wei, gean wei, kom net tichteby!’
Hastich moasten hja fuort en ûnder de folken swalkje,
hja mochten net langer bliuwe.
16De Heare sels hat har fersille,
Hy hat net mear nei har omsjoen,
Hy hie gjin achting mear foar de prysters,
sels âlde minsken fûnen gjin genede.
17Us eagen smachten noch om help –
it wie om ’e nocht.
Op ús wachttuorren seagen wy út
nei in folk dat dochs net helpe koe.
18Elke stap gongen se ús nei,
dat wy hoegden net op ’e strjitte te kommen.
Us ein wie ne-oan, ús dagen wienen teld,
ja, ús ein wie al kommen.
19Us ferfolgers koenen hurder
as earnfûgels yn ’e loft;
se sieten ús nei yn ’e bergen
en loerden op ús yn ’e wyldernis.
20De salvling fan de Heare, dêr’t ús libben fan ôfhong,
waard fongen yn har falkûlen.
Wy hienen tocht: Under syn beskerming
sille wy libje tusken de folken.
21Wês mar optein en bliid, dochter Edom,
dy’t dêr wennet yn it lân Oez,
foar dij sil de beker ek komme,
dronken silsto wurde en dy neaken útklaaie.
22Dyn kastijing is no folslein, dochter Sion,
Hy lit dy net wer fuortfiere;
mar dyn ûngerjochtichheid, dochter Edom, sil Er straffe,
en dyn sûnden sil Er iepenbier meitsje.