Under it oardiel fan God
1Wat leit de stêd der iensum hinne,
dy’t ienris sa fol minsken wie,
in widdo is wurden,
hja dy’t grut wie ûnder de folken;
ta hearetsjinst is twongen,
dy’t foarstinne oer de lânsdouwen wie.
2Bitter skriemt hja yn ’e nacht,
de triennen rinne har oer de wangen.
Al wa’t ek fan har hâlden,
– der is net ien dy’t har no treast jout.
Alle freonen litte har sitte
en binne har fijannen wurden.
3Juda is har minsken kwytrekke
troch ellinde en ballingskip;
hja ferkeart tusken de heidenen
en fynt nearne gjin rêst;
alle ferfolgers hellen har yn,
doe’t se gjin kant mear út koe.
4De wegen nei Sion lizze der treurich hinne,
omdat gjinien nei it feest giet;
har poarten lizze allegearre yn pún,
har prysters suchtsje,
har jongfammen binne fuortsleept,
en hjasels – hoe bitter is har lot!
5Har ferdrukkers hawwe de oerhân
en har fijannen giet it tige nei ’t sin;
want de Heare hat har leed brocht
om har ûntelbre sûnden;
har berntsjes binne fuortdreaun
as gefangenen foar de fijân út.
6Fan de dochter Sion
is alle pracht weiwurden;
har foarname lju binne harten wurden
dy’t gjin greide fine kinne,
mar machteleas fierder rinne
foar de driuwers út.
7Yn dizze dagen fan ellinde en ferfal
tinkt Jeruzalem werom
oan de kostbre dingen
dy’t se eartiids hie.
No’t har folk yn ’e macht fan ’e tsjinstanner rekke is
en net ien har helpt,
hawwe de fijannen it sjoen
en lake om har ûndergong.
8Jeruzalem hat swier sûndige,
dêrom hat elk in ôfgriis fan har;
dy’t har oars ferearen, ferachtsje har no allegearre,
om’t se har neakenens sjoen hawwe;
sels kin se oars net as suchtsje
en har omdraaie.
9De ûnreinens klibbet har oan ’e klean;
dat dit har lot wurde soe, hie se noait tocht.
Skriklik djip is se sonken
en der is gjin ien dy’t har treastet.
Sjoch, Heare, hoe ellindich hja is
en hoe’t de fijân triomfearret!
10De fijân hat de hân útstutsen
nei al har skatten;
ja, se moast it oansjen dat de heidenen
yn har hillichdom kamen,
lju, dy’t Jo ferbean hienen
om yn jo gemeente te kommen.
11Al har folk moat suchtsje
no’t se om brea sykje moatte;
se jouwe har skatten wei foar iten
om mar yn it libben te bliuwen.
Sjoch, Heare, en jou der acht op,
hoe slim ik ferachte bin!
12Deart it jimme net oan, dy’t de wei lâns komme?
Slach it allegear acht en sjoch,
oft der wol in fertriet is lykas mines,
dat se my oandien hawwe,
en dêr’t de Heare my mei ferbûke hat,
doe’t syn grime oplôge.
13Hy slingere fjoer fan boppen del,
dat my yn ’e bonken weisonk;
Hy spande my in net foar de fuotten
en liet my achteroer falle;
Hy ferbjustere my
en makke my siik al den dei.
14Wat ik misdien haw, leit swier op my,
it is in jok, dat syn hân my opbûn hat;
sa kaam it op myn nekke del,
dat myn krêft dêrtroch briek.
De Heare hat my yn hannen fan minsken jûn
en ik kin my net steande hâlde.
15De Heare hat alle helden fersille
út ús fermidden wei;
Hy hat in binde tsjin my opkomme litten
om de jonge mannen te ferdwaan;
de Heare hat fertrape, as druven yn ’e parse,
de jonkfrou, dochter Juda.
16Hjir moat ik hieltyd wer om skrieme,
de eagen steane my fol triennen;
want fier fan my ôf is de treaster
dy’t my wer moed jaan soe;
al myn bern binne ferslein,
om’t de fijân ús oermânsk wie.
17Sion stekt de hannen út,
mar der is gjin treaster;
de Heare hat de buorfolken oproppen
om Jakobs fijannen te wêzen;
no is Jeruzalem by har
in ôfgriis wurden.
18En dochs stie de Heare yn syn rjocht,
want ik wie tsjin syn befel yn opstân kommen.
Hark, o hark, alle naasjes,
en sjoch myn fertriet.
Myn jongfeinten en jongfammen
binne yn ballingskip gien.
19Ik rôp oan har dy’t fan my hâlden,
mar se lieten my sitte.
Myn prysters en âldsten
binne yn ’e stêd stoarn
doe’t se om iten sochten om dochs mar yn it libben te bliuwen.
20Sjoch, Heare, hoe bang it my wurdt,
ik bin alhiel oerstjoer;
it hert keart my om yn it liif
omdat ik sa opstannich west haw;
bûtendoar ûntnimt it swurd ús de bern,
sa’t de pest it docht yn ’e hûs.
21Se hearre wol, hoe’t ik suchtsje,
mar der is gjinien dy’t my treastet.
As myn fijannen fan myn leed hearre,
hawwe se allegear wille om wat Jo my oandien hawwe.
Lit de beloofde dei gau komme,
dat se wurde lykas ik bin.
22Lit al har misdieden foar Jo komme
en doch har oan,
wat Jo my oandien hawwe
om al myn sûnden,
want, o, ik moat sa suchtsje
en myn hert kwynt wei.