1Jericho hie de poarten tichtdien en goed foar de Israeliten ôfsluten. Der kaam net ien út of yn. 2De Heare sei tsjin Jozua: Ik leverje Jericho mei syn kening, sterke keardels binne it, oan dij oer. 3No moatte jimme, alle striidbere manlju, ienkear deis om ’e stêd hinne gean. Dat moatst seis dagen dwaan. 4Sân prysters, elk mei in rammehoarn, moatte foar de arke útgean. Mar de sânde deis moatte jimme sân kear om ’e stêd hinnegean en de prysters moatte op ’e rammehoarnen blaze. 5Dan moat der in lange toan op ’e rammehoarn blaasd wurde. Wylst jimme dat hoarnesynjaal hearre, moat it folk in lûde kriichsrop útskreauwe en de stêdsmuorre sil yninoar stoarte en it folk moat dêroer gean, elk lyk foar him út.
Jericho ynnommen
6Doe rôp Jozua, de soan fan Nûn, de prysters en sei tsjin har: Draach de bûnsarke en sân prysters moatte elk in rammehoarn drage foar ’e arke fan de Heare út. 7Tsjin it folk sei er: Set út ein en gean in slach om de stêd hinne. De ôfdieling útristen moat foar de arke fan de Heare útgean. 8Sadree’t Jozua it folk tasprutsen hie, namen de sân prysters de sân rammehoarnen op foar de Heare en hja setten út ein en bliezen op ’e rammehoarnen, wylst de bûnsarke fan de Heare achter har oankaam. 9De ôfdieling útristen gong foar de prysters dy’t de rammehoarnen bliezen út en de achterhoede rûn achter de arke, wylst oanienwei op ’e rammehoarnen blaasd waard. 10Jozua hie it folk hjitten: Net roppe. Jim stim mei net heard wurde en der mei jimme gjin wurd oer de lippen komme, oant de dei dat ik tsjin jim sis: Rop! Dan moatte jimme roppe. 11Dêrop liet er de arke fan de Heare ienkear in slach om ’e stêd gean. Nei’t hja yn it kamp oankommen wienen, bleauwen se dêr de nacht oer.
12De moarns betiid gong Jozua derôf en de prysters namen de arke fan de Heare op. 13De sân prysters dy’t elk in rammehoarn droegen, gongen foar de arke fan de Heare út en bliezen ûnder it rinnen op ’e rammehoarnen. De ôfdieling útristen rûn foar har en de achterhoede rûn achter de arke fan de Heare oan, wylst oanienwei op ’e rammehoarnen blaasd waard. 14Ek de twadde deis gongen se ienkear in slach om ’e stêd. Dêrnei gongen se werom nei it kamp. Sa dienen se seis dagen.
15Op ’e sânde dei lykwols kamen se der betiid ôf, sadree’t it begûn te daagjen en dienen yn dyselde oarder sân slaggen om ’e stêd. Allinne dy deis gongen se sân kear om ’e stêd. 16Doe’t dan de prysters foar de sânde kear op ’e rammehoarnen blaasd hienen, sei Jozua tsjin it folk: Rop ta, want de Heare hat jim de stêd jûn. 17De stêd sels lykwols en alles wat dêryn is, sil in banoffer foar de Heare wêze. Allinne Rachab de hoer moat yn it libben bliuwe, hjasels en allegearre dy’t by har yn ’e hûs binne, om’t se de boaden, dy’t wy útstjoerd hienen, ferburgen hat. 18Jimme moatte it banoffer goed yn acht nimme, dat jim net, as jim de ban útfiere, fan dat banoffer nimme. Dan soenen jim it leger fan Israel ûnder de ban lizze en it ombringe. 19Mar alle sulver en goud, it koperen en izeren ark, dat is oan de Heare wijd. It moat by de skat fan de Heare komme.
20Doe jûchheide it folk en se bliezen op ’e rammehoarnen. Sadree’t it folk it lûd fan ’e rammehoarnen hearde, briek it út yn in kriichsrop. Doe stoarte de muorre yn en it folk gong dêroer yn ’e stêd op, elk lyk foar him út; en hja namen de stêd yn. 21Hja foltrieken de ban oan alles wat yn ’e stêd wie mei it bleate swurd, de man likegoed as de frou, jong likegoed as âld, oan ko en skiep en ezel ta. 22Tsjin ’e beide manlju, dy’t it lân ferkend hienen, sei Jozua: Gean nei it hûs fan dy publike frou en helje de frou dêrwei mei allegearre dy’t harres binne, lykas jim har sward hawwe. 23Doe gongen de jongfeinten, de spionnen, hinne en hellen Rachab, har heit en mem, har bruorren en allegearre dy’t by har hearden, op. Har hiele famylje hellen se op en se joegen har in plak bûten it legerkamp fan Israel. 24De stêd lykwols en alles wat dêryn wie, ferbrânden se. Allinne it sulver en it goud, en it koperen en izeren ark dienen se by de skat fan it hûs fan de Heare. 25Rachab, de hoer, lykwols en har heite húsgesin en allegearre dy’t by har hearden, liet Jozua yn it libben. Hja is yn it fermidden fan Israel wenjen bleaun oant hjoed-de-dei ta, omdat se de boaden ferburgen hie, dy’t Jozua útstjoerd hie om Jericho te ferkennen.
26Doedestiids swarde Jozua dizze eed:
Ferflokt yn ’e eagen fan de Heare sil wêze de man
dy’t it weaget en bou dizze stêd, Jericho, wer op:
As er de fûneminten leit, sil him dat syn âldste soan kostje;
as er de poarte set, syn jongste.
27Sa wie de Heare mei Jozua en de rop fan him gong it hiele lân troch.