Bildad foar it earst oan ’t wurd: God docht altyd rjocht en lyk; jou dy del, dan komt it wer goed
1Doe naam Bildad, de Sjûchyt, it wurd en sei:
2Hoelang silst sok praat hawwe,
watsto dêr útslachst, beart as hurde wyn.
3Soe God knoeie mei de rjochtspraak?
Krekt as soe de Almachtige it rjocht ombûge!
4As dyn bern tsjin Him sûndige hawwe,
dan hat Hy de gefolgen fan har ôffal oer har komme litten.
5Asto, ja do, God mei ynmoed sikest
en de Almachtige smekest om genede,
6– mar dan moatst skjin en oprjocht wêze – dan komt Hy wis om dy yn aksje
en jout Hy dy, dêrst rjocht op hast: op ’e nij in noflik plak!
7Do silst sa tige grut wurde
dat dyn begjin dêr lyts by is.
8Wier, freegje de minsken fan earder mar ris,
brûk de ûnderfining fan ’e foarfaars.
9Wy binne ommers fan juster en witte neat,
want ús dagen op ’e ierde binne mar in skaad.
10Mar soenen hja dy net leare kinne? Hja sille it dy sizze!
Djip wei, út it hert, helje hja de wurden op.
11Sjit in wetterplant op, dy’t net yn dridzige grûn stiet?
Sjit reid op as it gjin wetter krijt?
12Binne dy yn ’e bloei, noch net klear om snien te wurden,
dan soenen se noch earder ferwylgje as gers.
13Dêr rint it ek op út mei allegearre dy’t God ferjitte,
en de hoop fan ien dy’t bûten God om libbet, bliuwt neat fan oer.
14De ferbeelding fan sa’n ien
sil him raar besnije,
want dêr’t er op betrout
is in bousel fan spinreach.
15Hy linet op syn bouwurk, mar bliuwt net oerein;
hy hâldt him dêroan fêst, mar kin net steande bliuwe.
16Ryk oan sop, sels yn ’e gleone sinne, is er ek,
syn leaten sjitte út oer syn tún hinne;
17om in stienheap binne syn woartels hinnekrongen,
hy sjocht dêryn in stevich hûs fan stien.
18As men him útroeget fan syn stee,
dat stee wol net mear fan him witte: ‘Ik haw dy noait sjoen!’
19Dat is no it einbeslút fan syn libbenswille
en oar gewaaks sprút op út it stof.
20It mist net: God sil in frommen-ien net fersmite,
likemin as dat er in kweadogger by de hân grypt.
21It komt safier, dat er dy wer folút laitsje lit,
en datst it útskatterest.
22Dy’t dij haatsje, wurde dan mei skande oerklaaid
en de goddeleazen hawwe gjin hinnekommen mear.