Elk minske is sûndich en kin net bûten in foarspraak
1Toe dan, Job, no nei my harkje,
jou no it ear nei alles wat ik sis.
2Ja, ik haw de mûle iependien,
de wurden baarne my al op ’e tonge.
3Myn wurden komme rjocht út it hert,
ik sis sa’t ik deroer tink.
4De Geast fan God hat my makke,
en de Azem fan ’e Almachtige hat my it libben jûn.
5As jo kinne, antwurdzje my dan,
lis jo saak foar, set jo yn postuer!
6Foar God oer steane wy gelyk, jo en ik;
ja, ik bin ek mar út Hem ôfknypt.
7Ei no, jo hoege net oerstjoer te reitsjen út bangens foar my,
ik sil net slim oer jo gearsitte.
8Mar ja, jo hawwe sein – myn ear hat it opheind,
ik haw it dúdlik heard:
9‘Ik bin suver en haw noait in misse set útheefd,
ik bin de blanke ûnskuld yn eigen persoan.
10Hy siket mar wat om tsjin my oan te sitten.
Hy sjocht my oan foar syn fijân.
11Hy set my de fuotten yn it blok,
Hy hâldt my oeral yn ’e rekken.’
12No, dêr ha jo gjin gelyk oan, dat kin ’k jo antwurdzje,
want God giet boppe in minske út.
13Wêrom hawwe jo sa tsjin Him opstriden?
Hy jout ommers gjin ferantwurding fan wat Er docht!
14Mar Hy utert Him wol en mear as ienkear!
It wurdt lykwols hielendal net achtslein.
15Yn in dream, in nachtlik fizioen, as in minske yn in djippe sliep fallen is,
of wat op syn sliepstee leit te slûgjen,
16dan flústert Er de minsken wat yn ’t ear
en druit Er har syn warskôging yn.
17Hy wol, dat de minske ophâldt mei syn ferkeard dwaan.
Hy dekt de oerdwealskens ta en sa rekket de minske dy kwyt.
18Hy lûkt him by de grêfkûle wei
en lit him net troch in spear deastekke.
19Ek krijt er in warskôging, as er mei pine lizze moat:
de skonken stekke him oan ien tried wei.
20Hy griist fan it brea dêr’t er dochs net sûnder kin,
it lekkerste iten hat er gjin sin oan.
21It is net om oan te sjen, hoe’t sa’n ien ôfklaait;
hy is fel en bonken: rare ûnsjoch.
22It giet mei him op it grêf oan,
hy is op stjerren nei dea.
23Komt der dan in ingel foar him op, dy’t it wurd foar him docht – ien út ’e tûzen –,
dy’t tsjin in minske seit, hoe’t er der mei oan moat,
24dan sil God him genedich wêze en sizze:
Keapje him frij, dat er net weisinkt yn it grêf,
Ik haw in lospriis fûn!
25Hy wurdt wer glânzich, glânziger noch as yn syn jeugd,
hy komt wer yn syn jongfeintejierren.
26As er ta God bidt, sil Dy him tagedien wêze,
hy sil it antlit fan God sjen en Him jubeljend earje.
Dan bringt God it foar sa’n stumper wer yn ’t lyk
27en dy sjongt it út foar de minske en seit:
‘Ik hie sûndige en krom makke wat rjocht wie,
mar ik haw net krige wat ik fertsjinne.
28Hy hat myn persoan frijkocht fan ’e gong nei it grêf
en no mei myn libben it ljocht wer sjen!’
29Ja wier, dat allegearre docht God mei in minske,
twa kear, ja wol trije kear.
30Sa bringt Er him dan fan it grêf werom
en ferljochtet him mei it libbensljocht.
31Skerpje jo op, Job, harkje nei my! Nee stil, en lit my oan it wurd!
32Hawwe jo aanst wat te sizzen, antwurdzje my dan,
sprek dan mar ta, want ik wol jo graach gelyk jaan.
33Hawwe jo dat net, harkje dan nei my,
hâld jo stil en ik sil jo wysheid bybringe.