Nochris: Ik bin ûnskuldich op ’e sekuerste skealjes
1Ik haw myn eagen goed yn ’e macht:
hoe soe ik dan nei in jongfaam sjoen hawwe?
2Want wat soe ik oars fan God dêrboppe ferwachtsje kinne,
en wat soe de Almachtige út ’e hichte my tapartsje?
3Is it net sa: Wa’t ferkeard docht, rekket yn it ferdjer?
Beteart it net mâl mei dy’t minne dingen útheve?
4Soe Hy myn wegen net sjen,
myn gongen net neigean?
5As ik falsk west haw
en der fûl op út wie om te ferrifeljen,
6lit God my dan mar op sekuere skealjes ôfwage
en Hy sil gewaar wurde, dat der neat op my te sizzen falt.
7As ik bûten de stringen gien bin,
as myn hert oerhong nei wat myn eagen seagen,
as der smoargens oan myn hannen klibbet,
8lit in oar dan mar opite, wat ik siedzje
en lit myn gewaaks dan mar mei woartel en al útskuord wurde.
9As myn hert him betsjoene litten hat troch in frou
en ik oan ’e doar fan myn buorman op ’e strún stien haw,
10dan haw ik fertsjinne, dat myn frou by in oar de mûne draaie moat
en oaren mei har omslagge.
11Dat soe ommers in skandaal wêze,
in grouwel, dêr’t de rjochters oer gear moatte.
12Sûnder mis wie ’t in fjoer dat fuortfriet en alles ferdie
en al myn gemaak by de woartel oantaaste.
13As ik my net om it rjocht fan myn feint en tsjinstfaam bekroade hie,
as se spul mei my hienen,
14wat soe ’k dan begjinne kinne, as God fanwegen kaam
en wat soe ’k der tsjinyn lizze, as Er my deroer ûnderstie?
15Hy hat my yn it memmeliif makke, mar dy oare likegoed.
Ien en deselde hat ús dochs yn ’e memmeskurte taret?
16As ik earmelju har winsk ôfkitst haw
en de longerjende eagen fan ’e widdo ferkwine litten,
17myn brogge allinne opiten,
sûnder it weeske deryn meipartsje te litten ...
18Watte? Fan jongs ôf oan haw ik as in heit foar him west,
en fan dat ik lyts wie, paste ik op it weesfamke.
19As ik ien seach dy’t sûnder klean omheukere,
en in earmen-ien dy’t gjin tekken hie,
20soe hy my dan net tankber wêze?
Hy koe de lea mar waarmje mei de wolle fan myn lammen!
21As ik tsjin ’e wees de hân ûnderhelle haw,
omdat ik by de rjochters dêr wol byfal foar krige,
22dan mei my it skouder út it lid falle
en my de earm losbrekke fan ’e earmtakke!
23Dit wie ommers myn ôfskrik: God koe ûnheil oer my bringe.
Hy is sa heech, dêr kin ik lang net tsjin op.
24As ik alles fan it jild ferwachte hie,
en tsjin it goud sein: dêr fertrou ik op,
25as ik my bliid makke hie mei myn grut besit
en dat ik mei eigen hân safolle beskrept hie,
26as ik it sinneljocht oansjoen hie, dat it sa strielet,
en de moanne, om’t er sa’n steatlike stap hat,
27en myn hert him temûk dêrtroch betsjoene liet,
dat ik mei in tút op ’e hân har hulde brocht;
28soks hie ek in grouwel west by de rjochters,
want ik hie fan God dêrboppe net mear witte wollen.
29As ik my fermakke hie oer de ûndergong fan myn hater
en my tjirge hie, om’t der ûnheil oer him kaam ...
30Nee, ik haw net lije wollen, dat myn mûle sûndige
mei te winskjen, dat er om my stjerre mocht.
31As it manfolk yn myn tinte net sizze koe:
Wa dy’t net sêd fleis fan him krige hat?
32Noait hoegde in frjemde nachts bûten te bliuwen,
ik die de doarren op foar in reisber man.
33As ik myn oertrêding tadutsen haw as Adam,
om myn skuld foar mysels te hâlden,
34út benaudens foar Jan-en-alleman
en bang as fjoer foar de ferachting fan myn folk,
de mûle ticht en de doar net út!
35Och, harke der no mar ien nei my!
Sa, myn hân derûnder, as de Almachtige no mar antwurdet!
Hjir is ek it stik dat myn tsjinpartij skreaun hat.
36Ha, ik sil it op it skouder tille,
as in krânse om ’e holle wine.
37Ik sil Him fan elke stap it hoe en it het sizze,
as in foarst sil ik Him foar my ferskine litte.
38As myn boulân ropt fanwegen my
en de fuorgen mei-inoar skrieme,
39om’t ik it gemaak derfan opbrûkt haw, mar it lean net útbetelle,
en de eigners oan reapsein brocht,
40dan meie foar de weet toarnen opsjitte en foar it koarn ûntúch!
Dêrmei hie Job him hielendal ûpraat.