Job oan it ferwinskjen
1Op it lêst die Job de mûle iepen en ferflokte de dei dat er op ’e wrâld kommen wie.
2Job naam it wurd en sei:
3Fuort mei de dei doe’t ik op ’e wrâld kaam
en mei de nacht dat der sein waard: se hawwe dêr in jonkje krigen.
4Om my wurdt dy dei tsjuster,
lit God fan boppen der net nei freegje,
lit der gjin ljocht oer blinke.
5Lit him ferfalle oan it roetswarte tsjuster,
lit in wolketek boppe him tahâlde,
lit de nacht dy dei ferbjusterje.
6En dan dy nacht: om my nimt benearjend tsjuster him mei,
dat er gjin plak krijt by de oare dagen fan it jier,
dat er net yn it tal fan ’e moannen meitelt.
7Ja, mei dy nacht ûnfruchtber wêze,
gjin jubel dêryn opklinke.
8Lit de ferflokkers fan ’e dei dy nacht ferflokke,
dy’t ree sitte om it leviatan-meunster op te jeien.
9Lit der gjin stjerren yn syn moarnsskimer skine,
lit him longerje nei ljocht en it is der net,
lit syn langst it sprankeljende dagerea net sjen.
10Mar dy nacht hat de memmeskurte net tasletten,
en de swierrichheid foar myn eagen net ferburgen!
Wie ’k mar daliks wer stoarn
11Wêrom bin ik net op kommenswei ferstoarn,
doe’t ik út ’e memmeskurte kaam, net weirekke?
12Watfoar sin hie ’t dat knibbels my opwachten
en wat ferlet wie der fan boarsten om my tate te jaan?
13Dan hie ’k my no deljûn en stil west,
dan hie ’k sliept en rêst hân,
14yn it selskip fan keningen en ierdske riedshearen,
dy’t foar eigen gloarje púnfallen wer opbouden,
15of fan foarsten dy’t goud hienen
en dy’t yn har huzen it sulver oploegen.
16Of wêrom gjin miskream, dy’t men stilhâldt,
dan hie ’k der net west;
as berntsjes dy’t it ljocht net sjogge.
17Dêr hâlde de kweadoggers op mei har mâltjirgjen,
mar dy’t oan ’e ein binne fan har krêften, krije it noflik,
18dy’t bûn sieten, binne mei elkoar sûnder lêst:
se hearre net langer de stim fan ’e driuwer.
19Lyts sawol as grut is dêr,
de slaaf is dêr frij fan syn baas.
Wêrta bin ik yn sa’n libben?
20Wêrom jout er in earme lijer it libbensljocht,
it libben oan harren dy’t it moed fol is fan bitter fertriet,
21dy’t útsjogge nei de dea en dy komt net;
hja dolle der fûler om as om ferburgen skatten.
22Sokken binne bliid, se kinne it wol útjubelje,
se fermeitsje har, as se in grêf fûn hawwe.
23Wêrom it libben foar in man dy syn wei in doalhof is,
as God in ôffreding om him hinne makke hat?
24Ik kin fan fertriet net ite
en myn klachten binne in wetterfal,
25want dêr’t ik benaud foar wie, komt ek oer my
en dêr’t ik foar tebekskrilje, sil my krekt treffe.
26Ik krij gjin lins, gjin rêst, ik kin my net deljaan,
ûngemakken komme op my ôf.