Job andert Bildad: kom mei bewizen of help my oars!
1Doe naam Job it wurd. Hy sei:
2Hoelang sille jimme my yn myn wêzen sear dwaan
en my mei wurden giselje?
3Wol tsienris hawwe jim my útmakke,
jim skamje jim net om wreed oer my te wêzen.
4Ek as ik in misset dien haw,
is myn fersin noch myn saak, dy’t iksels útsykje moat.
5As jimme jim wier-wier boppe my ferheffe wolle,
en my oer myn skande geweken nimme,
6dan moatte jim goed witte dat God myn rjocht ferdraait,
Hy hat my yn syn net beflapt.
7As ik aloan rop: Moart! dan krij ik gjin antwurd.
Ik raas om help, mar rjocht is der net.
8Hy hat my de wei tichtset, ik kin der net troch,
op myn paden leit Er tsjusternis.
9Hy hat my de eare ûnthelle,
de kroan my fan ’e holle nommen.
10Hy hat my oan alle kanten ôfbrutsen, ik fergean;
myn hoop is útskuord as in beam.
11Hy lit hieltyd syn lilkens tsjin my opflamje,
Hy achtet my as syn grutste fijân.
12As ien man komme syn kloften oansetten, se smite in wei op nei my ta
en legerje har om myn tinte.
13Hy hat myn bruorren by my weihelle,
dy’t goed mei my koenen, sjogge my no as frjemd.
14Myn sibben komme net mear del,
myn goekunde hat my fergetten.
15Gastarbeiders en tsjinstfammen rekkenje my foar frjemd,
ja, as wie ik poerfrjemd yn har eagen.
16Rop ik myn tsjinstfeint, hy jout gjin beskie,
ik moat him echt smeke.
17Myn frou wearzget fan myn azem,
myn eigen bruorren grize fan myn ûnhuerens.
18Sels lytse bern stekke my de gek oan;
as ik besykje oerein te kommen, binne se mar mûnich tsjin my.
19Alle lju dêr’t ik earder mei oerlei, ferspuie my,
en dêr’t ik fan hâlde, keare har tsjin my.
20Ik bin oars net as fel en bonken,
op it toskfleis sit amper noch fel.
21Haw meilijen, haw meilijen mei my! Jim binne dochs myn freonen?
Want Gods hân hat my rekke.
22Wêrom moatte jimme achter my oansitte krekt as God,
en wurde jimme net sêd fan myn fleis?
Myn Losser libbet!
23Och, koenen myn wurden mar opskreaun wurde,
och, waarden se mar yn skrift yngrift,
24mei in izeren griffel en leaden opfulsel
foar ivich yn in rots úthoud!
25Mar ik wit: Hy dy’t it foar my opnimme moat, libbet!
Uteinlings sil Hy him oereinjaan oer it stof.
26Al is myn omskot dan ôfbrutsen,
dochs sil ik út myn fleis wei God oanskôgje.
27Him sil ik oanskôgje, ik sels, ta myn eigen bêst,
mei eigen eagen Him sjen en net as Ien dy’t Him frjemd hâldt.
It taast my djip yn it moed, ’t is net mear te fernearen!
28Jimme sizze mar: Hoe sille wy him krije?
Der moat in grûn fan skuld yn my fûn wurde!
29Tink jim sels mar om it swurd dat jim boppe de holle hinget,
want jim ferkeardens fertsjinnet Gods grime.
Jimme moatte wol goed witte, wat it rjocht seit.