Sofar de earste kears: der is helte mear ûnrjocht as Job sjocht!
1Sofar, de Naämatyt, kaam no oan it wurd. Dy sei:
2Soe swetserij gjin andert krije?
Soe ien dy’t oeral de mûle yn slacht, mar gelyk hawwe?
3Soe dyn geswets de lju stil krije?
Soesto mar gekoanstekke en gjinien set dy foar skande?
4Do seist aloan en mar wer: myn lear is suver,
God, ik bin sa skjin as wat yn jo eagen!
5Och, sei God no mar ris wat,
die Er de mûle tsjin dy op!
6Brocht Er dy de djippe wysheid by, dêr’t gjin minske by kin!
Dêr soesto dûbeld profyt fan hawwe!
Dan soest witte, God skriuwt guon fan dyn ôfdwalings yn it ferjittersboek.
7Soesto útfine hoe djip God wol tinkt,
of de Almachtige sels fine, sa folslein as Er is?
8Hichten, gelyk oan ’e himel – wat woesto dêrtsjin begjinne?
Djipten, leger as it deaderyk – wat soesto dêrfan ôfwitte?
9De mjitte fan ’e wysheid? – langer as de ierde
en breder as de see!
10As Hy yn it foarbygean oppakt en dan rjochtdei hâldt,
wa soe it oprêde en hâld Him dêrfan tebek?
11Hy ken ommers in skarlún der samar út,
Hy sjocht de falskens sûnder fierder ûndersyk.
12In leechholle kin noch wolris ta ynsjoch komme,
in ezelsfôle kin noch wolris in ferstannich minske wurde.
Bekear dy, it giet om libben of dea!
13Asto it dus yn dyn hert yn oarder makkest
en dyn hannen nei Him omheech stekst –
14hast wat ferkeards om hannen, fuort dêrmei!
lit der gjin ûnrjocht yn dyn tinten bliuwe! –
15dan kinst de holle optille, do bist skjin op ’e hûd!
Do silst sterk stean, benaudens witst net fan;
16dan meiste, ja do ek, dyn swierrichheden ferjitte,
deroan tinke as fuortspield wetter.
17Dyn libben sil klearder opljochtsje as de middei,
foar dij is it moarntiid ek as it tsjuster wurdt.
18Do kinst dyn moed mar hawwe: der bliuwt altyd útsjoch;
do hast alles bylâns west: do kinst dy mar rêstich deljaan.
19Do flijst dy del, gjinien dy’t dy opjaget.
In soad minsken sille dyn geunst sykje.
20Mar alle glâns lûkt wei út ’e eagen fan ’e goddeleazen,
har hinnekommen is ferballe,
en hja sjogge út nei de lêste siken.