Jo hawwe my makke, wêrom dan sa’n striid tsjin my?
1Ik griis fan myn libben, ik moat myn leed útskrieme,
ik moat my útprate, it moed is my sa bitter!
2Ik sil tsjin God sizze: Feroardielje my dochs net samar,
lit it my witte, wêrom’t Jo tsjin my stride!
3Wat hawwe Jo deroan, sa’n triuw te jaan;
wat jo hannen mei soarch bewurke hawwe, sa fuort te smiten?
En wilens jouwe Jo de tsjustere plannen fan rakkerts de romte fan ljocht!
4Hawwe Jo soms eagen lykas wy?
Binne Jo like neigeanderich as in minske?
5Binne dan jo dagen as dy fan in deistich minske,
jo jierren like koart as dy fan in manspersoan?
6Jo geane ommers nei oft ik ek ôfwyk,
in misslach fan my wolle Jo útfine.
7Jo witte fierstegoed dat ik net ferkeard bin
en dat gjinien my út jo hannen krije kin.
8Jo hannen hawwe skrept om my stal te jaan en my makke,
kant en klear; en wolle Jo my no ferdjerre?
9Tink der dochs om, dat Jo my krekt as liem kliemd hawwe
en wolle Jo my no wer tegruzelje?
10Hawwe Jo my net as molke útgetten
om der tsiisbrokken fan strjemje te litten?
11Jo hawwe my oanklaaid mei fel en fleis,
bonken en sinen troch my hinne frissele.
12Libben en lok hawwe Jo my skonken,
myn wêzen hawwe Jo noed foar stien.
13Mar it alderneiste holden Jo foar Josels.
Ik wit no wat Jo fan doel wienen:
14As ik in misset die, it soe Jo net ûntkomme
en Jo soenen in ôfdwaling by my net oersljochtsje.
15Bin ik wier ferkeard, myn flok kin ik fan op oan,
bin ik goudearlik, ik kin de holle net opstekke!
Ik sit stiiffol hún
en it is ien stik lijen mei my.
16Soe ’k de holle opstekke, Jo soenen as in liuw achter my oansitte,
Jo soenen op ’e nij nuver tsjin my oangean.
17Hieltyd nije oanbringers soenen Jo tsjin my oproppe,
jo grimmitigens soe aloan tsjin my tanimme
dat it in leger tsjin my wurdt.
18Wêrom dochs hawwe Jo my út ’e memmeskurte komme litten?
Wie ’k mar weiwurden sûnder dat in each my sjoen hie!
19Dan wie ’t krekt as hie ’k der net west,
ik soe fan it memmeliif fuortbrocht wêze yn it grêf.
20Binne myn dagen al net lyts yn tal?
Hy soe my dochs gewurde litte, Hy soe Him dochs fan my ôfjaan,
dan soe ’k wer in kromke opfleurje,
21foardat ik ôfset om noait werom te kommen,
nei in tsjuster, ja roettsjuster lân,
22in lân fan neare nacht, fan pikswarte tsjusterens,
sûnder ôfwiksel; ljochtskyndei is dêr neare nacht.