1Mar Jezus gong nei de Oliveberch. 2De moarns betiid wied Er al wer yn ’e timpel. Al it folk kaam by Him. Hy gong sitten en learde harren. 3Doe kamen de skriftgelearden en Fariseeërs mei in frou, dy’t op troubrek trappearre wie. Dy setten se yn it fermidden en seinen tsjin Him: 4Master, dy frou is op ’e die betrape, doe’t se omgong hie mei in oare man; 5no hat Mozes ús yn ’e wet oplein, sokken te stiennigjen; wat sizze Jo dêr fan? 6– Dat seinen se allinnich om Him deryn rinne te litten; se woenen wat fine dat se Him oanbringe koenen. – Mar Jezus bûgde Him foaroer en skreau mei de fingers op ’e grûn. 7Doe’t se mar oanhâlden mei freegjen, joech Er Him oerein en sei: Wa’t fan jimme noch noait wat ferkeards dien hat, mei de earste wêze om in stien op har te smiten. 8Doe bûgde Er Him wer foaroer en skreau op ’e grûn. 9Doe’t se dat hearden, joegen se har ôf, de iene nei de oare, de âldsten it earst en Hy bleau allinne oer mei de frou dy’t yn ’e midden stie. 10Jezus joech Him oerein en sei tsjin har: Frou, wêr binne se no? Hat net ien jo feroardiele? 11Se antwurde: Net ien Hear. Doe sei Jezus: Dan feroardielje Ik jo ek net. Gean no mar en doch tenei gjin kwea wer!]
Jezus, it ljocht fan ’e wrâld; de Fariseeërs nimme Him net oan
12Doe spriek Jezus harren wer ta mei de wurden: Ik bin it ljocht fan ’e wrâld; dy’t achter My oan komt, sil wis net yn it tsjuster omrinne, mar hy sil it ljocht fan it libben hawwe. 13De Fariseeërs seinen tsjin Him: Jo getuge fan Josels; jo getugenis jildt net. 14Jezus antwurde harren: Sels as Ik fan Mysels getúch, dan jildt myn getugenis dochs wol; want Ik wit, wêr’t Ik wei kommen bin en wêr’t Ik hinne gean; mar jimme witte net, wêr’t Ik wei kom of wêr’t Ik hinne gean. 15Jimme oardielje neffens de skyn, Ik oardielje net ien. 16En as Ik al oardielje, is myn oardiel betrouber, want Ik stean net allinne, mar Hy dy’t My stjoerd hat, is mei My. 17Der stiet dochs ek yn jimme wet beskreaun, dat it getugenis fan twa minsken jildich is. 18Ik bin it dy’t fan Mysels getúch, mar myn Heit, dy’t My stjoerd hat, getúcht ek fan My. 19Doe seinen se tsjin Him: Wêr is dy Heit fan Jo? Jezus antwurde: Jimme kenne My net en myn Heit likemin; as jimme My koenen, soenen jimme myn Heit ek kenne. 20Dy wurden spriek Er by de skatkeamer, doe’t Er yn ’e timpel ûnderrjocht joech en net ien griep Him, want it wie syn tiid noch net.
De Joaden sille skuldich stjerre
21Doe spriek Er harren wer ta: Ik gean fuort en jimme sille om My sykje, mar jimme sille yn jimme sûnden stjerre. Dêr’t Ik hinne gean, kinne jimme net komme. 22Doe seinen de Joaden: Hy sil Himsels dochs net te koart dwaan, dat Er seit: Dêr’t Ik hinne gean, kinne jimme net komme? 23Hy sei tsjin harren: Jimme hearre hjirûnder thús en Ik dêrboppe; jimme binne fan dizze wrâld; Ik bin net fan dizze wrâld. 24Sa’t Ik jimme al sei, jimme sille yn jimme sûnden stjerre; want as jimme net leauwe, dat Ik it bin, sille jimme yn jimme sûnden stjerre. 25Doe seinen se tsjin Him: Wa binne Jo dan? Jezus sei tsjin harren: It hat ommers dochs gjin doel dat Ik mei jimme praat? 26Ik soe frijwat bybringe kinne om jimme te feroardieljen, lykwols Dy’t My stjoerd hat, op Him kin men oan en inkeld wat Ik fan Him heard haw, jou Ik troch oan ’e wrâld. 27Se begriepen net, dat Er it mei harren oer syn Heit hie. 28Doe sei Jezus (tsjin harren): Earst as jimme de Minskesoan omheechstutsen hawwe, sille jimme ynsjen dat Ik it bin, en dat Ik neat op eigen manneboet doch, mar dat Ik sprek lykas myn Heit it My leard hat. 29Dy’t My stjoerd hat, is mei My: Hy hat My net allinne litten, omdat Ik altiten doch wat Him nei ’t sin is. 30Doe’t Er dat ei, begûnen frijwat minsken yn Him te leauwen.
Bern fan Abraham
31Doe sei Jezus tsjin ’e Joaden dy’t yn Him leauden: As jimme jim oan myn wurd hâlde, binne jimme wier learlingen fan My; 32jimme sille de wierheid te witten komme en de wierheid sil jimme frij meitsje.
33Se seinen tsjin Him: Wy binne fan Abrahams skaai en wy hawwe noait ûnder in oar stien; hoe kinne Jo dan sizze: jimme sille frij wurde? 34Jezus antwurde harren: Wiswier, wiswier, Ik sis jimme: elk dy’t it kwea docht, is in slaaf fan it kwea. 35In slaaf bliuwt net ivich yn itselde hûs; in soan al. 36Net earder as dat de Soan jimme frij makket, sille jimme wier frij wêze.
37Ik wit skoan dat jimme Abrahams skaai binne; en dochs wolle jimme My fan kant meitsje, omdat myn wurd jim net oan wol. 38Wat Ik sjoen haw by myn Heit, dat sis Ik; sa dogge jimme ek, wat jimme fan jimme heit heard hawwe. 39Se joegen Him ta antwurd: Us heit is Abraham. Jezus sei tsjin harren: As jimme bern fan Abraham binne, doch dan ek sa’t Abraham dien hat; 40mar no wolle jimme My fan kant meitsje, wylst Ik jimme de wierheid sein haw, dy’t Ik fan God heard haw; soks die Abraham net. 41Jimme dogge lykas jimme heit. Se seinen tsjin Him: Wy binne gjin oerwûne bern, wy hawwe mar ien Heit en dat is God. 42Jezus sei tsjin harren: As God jimme Heit wie, soenen jimme My leafhawwe; want Ik bin fan God útgien en sa bin Ik hjir; Ik bin ommers ek net út Mysels kommen, mar Hy hat My stjoerd. 43Hoe komt it, dat jimme myn wurden net begripe? Omdat jimme net ferstean kinne, wêr’t Ik it oer haw. 44Jimme heit is de duvel en jimme wolle itselde dwaan, dêr’t dy heit fan jimme nocht oan hat. Hy hat al fan it earste begjin ôf in minskemoardner west; hy hâldt him ek net by de wierheid, want hy moat neat fan ’e wierheid hawwe. As er liicht, sprekt er nei syn aard, want hy is in liger en hy hat de leagen útfûn. 45Mar My leauwe jimme net, omdat Ik de wierheid sis. 46Wa fan jimme kin bewize, dat Ik mis bin? En as Ik de wierheid sprek, wêrom leauwe jimme My dan net? 47Dy’t Gods bern is, harket nei Gods wurden; dêrom harkje jimme net, omdat jimme gjin bern fan God binne.
Heger as Abraham
48De Joaden antwurden: Hawwe wy net mei rjocht en reden sein, dat Jo in Samaritaan binne en dat Jo in kweageast yn Jo hawwe? 49Jezus antwurde: Ik haw gjin kweageast yn My mar Ik earje myn Heit en jimme ûntnimme My myn eare. 50Ik bin net op myn eigen eare út; der is in Oaren, dy’t dêr op út is en dy’t oardielet. 51Wiswier, wiswier, Ik sis jimme: as in minske him oan myn wurd hâldt, sil er yn der ivichheid net stjerre. 52De Joaden seinen tsjin Him: No binne wy der wis fan, dat Jo in kweageast yn Jo hawwe. Abraham is stoarn en de profeten ek, en no sizze Jo: As in minske him oan myn wurd hâldt, sil er yn der ivichheid net stjerre. 53Steane Jo faaks heger as ús heit Abraham, dat in stjerlik man wie? En de profeten binne ek stoarn; wêr jouwe Jo Josels foar út? 54Jezus antwurde: As Ik Mysels ferhearlikje, hat myn hearlikheid neat te betsjutten; it is myn Heit dy’t My ferhearliket, dêr’t jimme fan sizze: Hy is ús God, 55mar jimme kenne Him net. Ik ken Him al; as Ik sei, dat Ik Him net koe, wie Ik krekt sa’n liger as jimme; mar Ik ken Him al en Ik hâld My oan syn wurd. 56Abraham, jimme heit, hat mei gejubel útsjoen nei myn dei en hy hat dy dei sjoen en der o sa bliid om west. 57Doe seinen de Joaden tsjin Him: Jo binne noch gjin fyftich jier âld, en Jo soenen Abraham sjoen hawwe? 58Jezus sei tsjin harren: Wiswier, wiswier, Ik sis jimme, Ik bin, foardat Abraham der kaam. 59Doe krigen se stiennen op om Him dêr mei te smiten; mar Jezus waard wei tusken it folk en ferliet de timpel.