Jezus is opstien
1De earste deis fan ’e wike gong Maria fan Magdala moarnsier, doe’t it noch tsjuster wie, nei it grêf ta en seach dat de stien foar it grêf weihelle wie. 2Doe rûn se hurd fuort en kaam by Simon Petrus en by de oare learling, dy’t Jezus leafhie, en sei tsjin harren: Se hawwe de Hear út it grêf weihelle en wy witte net wêr’t se Him dellein hawwe. 3Doe gongen Petrus en de oare learling derop út, nei it grêf ta. 4Tegearre rûnen se der hurd hinne; de oare learling rûn foarút, hurder as Petrus en kaam earst by it grêf; 5hy bûgde him foaroer en seach de wynsels lizzen en dochs gong er der net yn. 6Doe kaam ek Simon Petrus achter him oan en hy gong al yn it grêf; hy seach de wynsels lizzen, 7en de switdoek dy’t om syn holle west hie, net tusken de wynsels, mar earne apart opteard. 8Doe gong ek de oare learling, dy’t earst by it grêf kommen wie, der yn en hy seach en leaude; 9want se hienen it Skriftwurd noch net begrepen, dat Er út ’e dea ferrize moast. 10Doe gongen de learlingen wer nei hûs ta.
Jezus ferskynt oan Maria fan Magdala
11Maria bleau bûten, deun by it grêf, stean te skriemen. En wylst se skriemde bûgde se har foaroer nei it grêf ta, 12en seach twa ingels sitten yn wite klean, ien by it hollenein en ien by it fuottenein, op it plak dêr’t it lichem fan Jezus lein hie. 13Dy seinen tsjin har: Frou, wêrom skrieme jo? Se sei tsjin harren: Omdat se myn Hear der weihelle ha en ik wit net wêr’t se Him hinnebrocht hawwe. 14Doe’t se dat sein hie, draaide se har om en seach Jezus stean, mar se wist net dat it Jezus wie. 15Jezus sei tsjin har: Frou, wêrom skrieme jo? Wat sykje jo? Sij miende, dat it de túnman wie en sei tsjin Him: Hear, as jo Him fuortbrocht hawwe, sis my dan, wêr’t jo Him dellein hawwe, dan sil ik Him dêr weihelje. 16Jezus sei tsjin har: ‘Maria’. Sij draaide har om en sei yn it Hebrieusk tsjin Him: ‘Rabbûni’ – dat wol sizze: ‘Master’. 17Jezus sei tsjin har: Hâld My net beet, want Ik bin noch net opfearn nei myn Heit, mar gean nei myn bruorren en sis tsjin harren, dat Ik opfar nei myn Heit en jimme Heit en myn God en jimme God. 18Maria fan Magdala gong hinne om de learlingen it boadskip te bringen: Ik haw de Hear sjoen, – en dat Er har dat sein hie.
Jezus ferskynt oan ’e learlingen
19Doe’t it no jûn wurden wie dy earste deis fan ’e wike en de learlingen de doarren op ’t slot hienen omdat se bang wienen fan ’e Joaden, kaam Jezus; Hy stie ynienen yn it fermidden en sei tsjin harren: Frede jimme! 20En doe’t Er dat sein hie, liet Er harren de hannen en de side sjen. De learlingen wienen wakkere bliid, doe’t se de Hear seagen. 21Doe sei Jezus nochris tsjin harren: Frede jimme! Lykas myn Heit My útstjoerd hat, stjoer Ik jimme ek út. 22Doe’t Er dat sein hie, blaasde Er op har en sei tsjin harren: Untfang de hillige Geast. 23Wa’t jimme de sûnden ferjouwe, dy binne se ferjûn; wa’t jimme se hâlde litte, dy hâlde se ek.
Jezus en Tomas
24Ien fan ’e tolve, Tomas, dy’t ‘Twilling’ hiet, wie net by harren doe’t Jezus kaam. 25Doe seinen de (oare) learlingen tsjin him: Wy hawwe de Hear sjoen. Mar hy sei tsjin harren: As ik yn syn hannen de plakken fan ’e spikers net sjoch, en myn finger net yn it plak fan ’e spikers stek en myn hân net yn syn side lis, sil ik it noait leauwe.
26In wike letter wienen syn learlingen wer yn ’e hûs en Tomas wie by harren. Jezus kaam, wylst de doarren op ’t slot wienen, Hy stie ynienen yn it fermidden en sei: Frede jimme! 27Fierders sei Er tsjin Tomas: Kom hjir mei dyn finger, hjir binne myn hannen; kom hjir mei dyn hân en lis My dy yn ’e side en wês net langer ûnleauwich, mar leau! 28Tomas antwurde Him: Myn Hear en myn God! 29Jezus sei tsjin him: Omdatsto My sjoen hast, leausto? Gelokkich binne dy’t net sjoen hawwe en dochs leauwe.
Ta beslút
30Jezus hat yn it bywêzen fan syn learlingen noch folle mear tekens dien, dy’t net yn dit boek beskreaun binne; 31mar dizze binne beskreaun, dat jimme leauwe meie, dat Jezus de Kristus is, de Soan fan God en dat jimme troch te leauwen, libben hawwe meie yn syn namme.