De brulloft te Kana; wetter yn wyn feroare
1Twa dagen letter wie der in brulloft te Kana yn Galiléa. Dêr wie de mem fan Jezus ek hinne. 2Jezus en syn learlingen waarden ek foar de brulloft útnoege. 3En doe’t de wyn oprekke, sei Jezus’ mem tsjin Him: Se hawwe gjin wyn mear. 4Doe sei Jezus tsjin har: Lit dat no mar oan My oer, frou. It is myn tiid noch net. 5Syn mem sei tsjin de lju dy’t betsjinnen: Doch alles mar wat Er tsjin jimme seit. 6No stienen der seis stiennen wetterkrûken, foar it waskjen sa’t de Joaden dat wend binne; elk koe sa’n tachtich ta hûndert mingel yn. 7Jezus sei tsjin harren: Jit de krûken fol (mei) wetter. Se geaten se oan boppen ta fol. 8Doe sei Er tsjin harren: Skep der no wat út en bring it by de feestlieder. Dat dienen se. 9Doe’t de feestlieder it wetter preaun hie, dat wyn wurden wie – hy wist net wêr’t it guod weikaam, mar de feinten dy’t it wetter opskept hienen, wisten it al – rôp de feestlieder de breugeman 10en sei tsjin him: Elkenien set earst de bêste wyn op en as de minsken goed fleurich binne, de minder goede; mar jo hawwe de bêste wyn oant no ta bewarre.
11Sa die Jezus syn earste teken te Kana yn Galiléa. Hy liet syn gloarje iepenlik blike, en doe leauden syn learlingen yn Him.
Efkes yn Kafarnaüm
12Dêrnei gong Er del nei Kafarnaüm, Hysels, syn mem, syn bruorren en syn learlingen, mar dêr bleauwen se mar in deimannich.
De keaplju wurde út ’e timpel jage
13Doe’t it hast oan it Joadske Peaskefeest ta wie, gong Jezus op nei Jeruzalem. 14Dêr trof Er yn ’e timpel de lju oan, dy’t kij en skiep en dowen ferhannelen, en de jildwikselers dy’t dêr sieten. 15Hy makke in swipe fan eintsjes tou en jage se allegearre út ’e timpel wei, mei de skiep en de kij en fan ’e jildwikselers reage Er de muntstikken fan ’e taffeltsjes en smiet dy om. 16Tsjin ’e dowekeaplju sei Er: Fuort mei dat spul, meitsje fan myn Heite hûs gjin merk. 17It kaam syn learlingen yn it sin, dat der beskreaun stiet:
It iverjen foar jo hûs sil my as in fjoer fertarre.
18Mar doe sprieken de Joaden Him oan en seinen tsjin Him: Wat teken kinne Jo ús sjen litte as bewiis, dat Jo dat dwaan meie? 19Jezus joech har ta antwurd: Brek dizze timpel ôf, dan lit Ik him yn trije dagen wer ferrize. 20De Joaden seinen: Seisenfjirtich jier lang is der oer dizze timpel boud, en sille Jo him no yn trije dagen wer ferrize litte? 21Mar Hy hie it oer de timpel fan syn lichem. 22Doe’t Er út ’e dea opwekke wie kaam it de learlingen yn it sin, dat Er dat sein hie; doe leauden se de Skrift en it wurd dat Jezus sprutsen hie.
23Wylst Er mei it Peaskefeest yn Jeruzalem wie, begûnen hiel wat minsken yn Him te leauwen, meidat se de tekens seagen dy’t Er die; 24Mar Jezus fan syn kant betroude Him net oan harren ta, omdat Er se allegearre trochseach. 25Net ien hoegde Him wat oer de minsken te fertellen; Hy wist sels wol, wat der yn ’e minsken siet.